[go: up one dir, main page]

Monique Covét, echte namme: Monika Visi (Boedapest, 14 july 1976), is in rêstend Hongaarsk fotomodel, neakenmodel, fetysjmodel, stripper en pornografysk aktrise, dy't no aktyf is as pornografyprodusinte, en dy't ek wol gebrûk makke hat fan 'e artystenammen Monique Covet, Monique Cavet, Monica Tanner, Monica Cairns, Monica Vinci, Monica Cancellieri, Monika Sander, Monika en Monica. Neffens har offisjele opjefte is se 1.70 m lang. Se hat in boarstfergruttingsoperaasje ûndergien.

Monique Covét
persoan yn de seksyndustry
persoanlike bysûnderheden
oare artyste-
       nammen
Monique Covet, Monique Cavet,
Monica Tanner, Monica Cairns,
Monica Vinci, Monica Cancellieri,
Monika Sander, Monika, Monica
echte namme Monika Visi
nasjonaliteit Hongaarsk
berne 14 july 1976
berteplak Boedapest (Hongarije)
etnisiteit Hongaarsk
wurkpaad
wurksum as neakenmodel, fetysjmodel,
stripper, pornoaktrise,
produsinte
jierren aktyf 19952001 & 20032004
offisjele webside
www.moniquecovet.eu

Covét is hikke en tein yn 'e Hongaarske haadstêd Boedapest. Nei't hja de middelbere skoalle trochrûn hie, fûn hja wurk as model. Yn 1995, doe't se njoggentjin jier wie, reizge se nei Parys ta foar wat se, nei eigen sizzen, tocht dat in stikmannich gewoane fotorapportaazjes wiene. Doe't se dêr ienris wie, rette har agint har oan om nei in audysje te gean dy't holden waard troch de Sweedske pornografyske filmstudio Private, dêr't se yn 'e kunde kaam mei de Frânske pornoregisseur en -produsint Pierre Woodman. Hja waard let en set, en krige daliks de haadrol yn ien fan Woodman syn films tasein.

Sadwaande makke Covét noch datselde jiers har debút yn in pornografyske film. Har earste sekssêne, mei de akteur Frank Versace (foar de fideokompilaasje Private Video Magazine 21) waard opnommen op in jacht yn 'e haven fan it Australyske Sydney, mei de ferneamde skelpfoarminge dakken fan it Sydney Opera House op 'e eftergrûn. Letter yn 1995 spile Covét noch yn ferskate oare Private-films. Fan ein 1995 oant 1998 wenne Covét yn Dútslân, dêr't hja ûnder kontrakt stie by it Dútske label Helen Duval. Dy filmstudio wie oarspronklik oprjochte troch de Nederlânske pornostjer Helen Duval (wêrnei't er neamd wie) en dy har Dútske produsint Oliver Chezc. Doe't dy beiden yn 1995 mei rûzje útinoar rekken, waard Covét troch Chezc oannommen om Duval te ferfangen. Om't de studio Duval har namme behold, ûntstie der in hoartsje wat betizing, mei't guon fans mienden dat Covét Duval wie. Yn 1998 rekke Covét ek al mei deilisskip by de studio wei, en dêrnei naam Chezc in trêde aktrise, Dru Berrymore, oan om har en Duval te ferfangen.

Neitiid kearde Covét werom by Private, dêr't de kar op har foel om 'e haadrol te spyljen yn 'e earste film fan 'e fetysj-ymprint Pirate, mei as titel Xtreme Desires. Dêryn wie se yn trije fan 'e fiif sênes te bewûnderjen. Nei ôfrin fan 'e opnamen waard Covét de earste aktrise ea dy't in eksklusyf kontrakt mei Private ôfsleat. Xtreme Desires wie ek de earste kears dat se yn 'e kunde kaam mei de Londenske fetysjpornomakster Tanya Hyde, mei wa't se letter in fruchtbere gearwurking opbouwe soe dêr't Pirate-films út fuortkamen as Tanya Hyde's Twisted Dreams (1999), Tanya Hyde's London Calling (2000), Hell, Whores and High Heels (2000) en Tanya Hyde's Rubberfuckers Rule (2000).

Nei't se yn 2001 Private farwol sein hie, naam Covét earst in jier lins om harsels te wijen oan turnjen, hynsteriden en it beheljen fan in rydbewiis, dat se noch altyd net hie. Yn 2003 tekene se in kontrakt mei Boss Films, en noch datselde jiers spile se yn har earste film foar dat label, Shining Sex. Yn 2004 beëinige se har aktearkarriêre yn 'e pornoyndustry. Yn totaal spile se neffens de Internet Adult Film Database (IAFD) tusken 1995 en 2004 yn 64 pornofilms. Dêrmei wûn se û.m. twaris in Venus Award op 'e Venus Berlin-erotykfakbeurs yn 'e Dútske haadstêd Berlyn, en ien kear in European X Award op it Ynternasjonaal Erotyk Festival fan Brussel.

Nei't se opholden wie fan aktearjen, rjochte Covét yn har heitelân Hongarije har eigen filmstudio op, de Monique Covét Group, en fersoarge se wyklikse live-seksshows yn it Clan Restaurant yn Boedapest. Se besiket noch altiten erotykbeurzen yn hiel Jeropa en hat oanjûn dat it bêst kinne soe dat se yn 'e takomst nochris wer foar de kamera ferskine sil yn in pornofilm.

Prizen en nominaasjes

bewurkje seksje
Jier Priis Resultaat Kategory Foar har optreden yn
1998 Private Award wûn Private Girl of the Year Award n.f.t.
2002 Venus Award wûn bêste aktrise (East-Jeropa) (dield earste plak mei Rita Faltoyano) n.f.t.
2004 Venus Award wûn bêste aktrise (sjuerypriis) n.f.t.
European X Award wûn Lifetime Achievement Award ("Oeuvrepriis") n.f.t.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.