[go: up one dir, main page]

</noinclude> Minne Hoekstra (Wergea, 10 juny 1884 - Skerpenseel, 8 april 1941) wie de winner fan de earste Alvestêdetocht, op 2 jannewaris 1909 .

Minne Hoekstra
Reedrider
Minne Hoekstra
Minne Hoekstra
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 10 juny 1884
berteplak Wergea
stjerdatum 8 april 1941
stjerplak Skerpenseel
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
wichtige prestaasjes
winner Alvestêdetocht

Minne Hoekstra wie de soan fan Abraham Hoekstra, makker en hofleveransier fan redens. Hy wie goed yn muzyk, koe tekenje, die oan turnjen en reedriden. Tsjin it sin fan syn heit die er ek oan hurdfytsen, dêr't er ek prizen mei wûn. Minne hie it boek Wintersport lêzen, dêr't Pim Mulier syn Alvestêdetocht yn beskreau, en hy woe dat sels ek graach ris dwaan. Doe't Hoekstra studint teology wie yn Grins en 24 jier âld, waard op 2 jannewaris 1909 in Tocht op schaatsen over de elf steden van Friesland ('Tocht op redens oer de alve stêden fan Fryslân') útskreaun troch it Nederlânske Bûn foar lichaamlike opfieding, en organisearre troch it Fryske Iisbûn. Hoekstra seach syn kâns om syn dream útkomme te litten en wie ien fan de hast fyftich ynskreaune reedriders.

 
Minne Hoekstra stiet hjir yn de midden op de foto, hy is nûmere mei it nûmer 5.

Foar it Fryske bûn wie it gjin wedstriid, mar foar it Nederlânske al. Foar dielnimmer 34, Minne Hoekstra, wie it dúdlik in wedstriid; hy hie sels gatsjeredens - redens mei gatten yn de izers, dat se lichter wienen. It waard in tocht yn teiwaar en yn it westen gong it oer brak, sêft iis. Al tusken Burdaard en Dokkum - de tocht gong om de Noard - ferlear er by in fallerij syn noasker, dat hy hie der it grutste part fan de tocht problemen mei alles goed sjen. Nei 189 km wie Minne Hoekstra dochs de fluchste, yn 13 oere 50, en hy wûn dermei de ferguld-sulveren medalje dy't it Nederlânske bûn útloofd hie.

Yn de folgjende dagen kaam der spul yn de krante mei in oare dielnimmer, Jan Boon. Boon sei dat er sels net hurd riden hie om't it gjin wedstriid wêze soe, en dat er hawwe woe dat Hoekstra dêr't it iis te min wie stikken rûn hie.

Uteinlik wûn Hoekstra ek de priis fan it Fryske bûn: in ferguld-sulveren reed foar de aardichste beskriuwing fan de tocht ynstjoerd troch in dielnimmer-folbringer. It ferslach is yn opdracht fan it Fryske Iisbûn útjûn troch "de Atlas" yn de Haach, ûnder de titel De historische elfstedentocht van 2 januari 1909 ('De histoaryske alvestêdetocht fan 2 jannewaris 1909').

Dêrnei ferdwûn Minne Hoekstra út de publike belangstelling. Hy makke dat jier syn stúdzje ôf, boaske op 19 augustus mei Johanna Velsing en 6 oktober begûn er as dûmny yn De Wylp. In pear jier letter stie er yn Wier, noch letter yn Beilen en per slot yn Skerpenseel. Hy hat ek letter noch tekene; yn de tsjerke fan Raerd en yn dy fan Beilen hinget wurk fan syn hân. Minne Hoekstra is yn 1941 ferstoarn. Syn prizen binne úteinlik troch syn soan, doe't dy sels al 85 wie, oan it Earste Fryske Redensmuseum jûn.

Keppeling om utens

bewurkje seksje