[go: up one dir, main page]

Mensingeweer (Grinslannersk: Menskeweer) is in doarp yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne) yn de provinsje Grinslân, mei sa'n 140 ynwenners.

It leit oan de provinsjale dyk (de N361) fan Winsum nei Leens op it krúspunt fan de dyk nei Eenrum.

By Mensingeweer lei eartiids de boarch Lulema, dy't foar it earst neamd waard yn 1654. Yn 1823 waard de boarch op ôfbraak ferkocht en yn 1841 waarden de fûneminten derwei helle.

It doarp hat tije brêgen, de Westerbrêge yn de Eenrumerwei, in hoogholtje en de Leitille oan de eastkant fan it doarp yn de provinsjale dyk. Op it plak dêr't no de Westerbrêge leit wie foar 1853 in fêste daam. It wie tagelyk de ein fan de trekskûte út Grins wei. Wa't fierder woe koe dêr oerstapt wurde op de skûte nei Ulrum. It is noch dúdlik te sjen dat it kanaal op it plak fan dy brêge in slingerke makket – de beide kanalen (no it Mensingeweerderloopdjip) leinen net hielendal yn it ferlingde faninoar.

De namme betsjut grif: de wear (wier) fan Menze (= persoansnamme). Wa't soks te gewoan fynt, lêst de sêge fan Abel Stok.

It Piterpaad rint troch it doarp. De herfoarme tsjerke hat in Arp Schnitgeroargel en yn it doarp stiet in nôt- en pelmûne, de Hollands Welvaart út 1855.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: