[go: up one dir, main page]

Malala Yousafzai (Pataansk: ملاله یوسفزۍ‎; sekuerder transliterearre as Malālah Yūsafzay, berne op 12 july 1997) is in learlinge en ûnderwiisaktiviste út 'e stêd Mingora yn it distrikt Swat, yn 'e Pakistaanske provinsje Khyber Pakhtunkhwa. Hja stiet bekend om har striid foar famkesûnderwiis en frouljusrjochten yn 'e Swatdelling en oerlibbe yn 2012 in oanslach op har libben. Yn 2013 wûn Yousafzai de Jeropeeske Sacharovpriis, en yn 2014 waard oan har, tegearre mei de Yndiaaske bernerjochte-aktivist Kailash Satyarthi, de Nobelpriis foar de Frede takend.

Malala Yousafzai
Malala Yousafzai yn 2013 yn Straasburch.
Malala Yousafzai yn 2013 yn Straasburch.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Malālah Yūsafzay (ملاله یوسفزۍ‎)
nasjonaliteit Pakistaansk
berne 12 july 1997
berteplak Mingora (Pakistan)
etnisiteit Pataansk
wurkpaad
aktyf as aktiviste foar berne- en
   frouljusrjochten
jierren aktyf 2009 – no
reden
  bekendheid
● har striid foar minskerjochten
● de mislearre moardoanslach
   op har yn 2012
prizen Sacharovpriis 2013
Nobelpriis foar de Frede 2014
offisjele webside
www.malala.org

Ier aktivisme

bewurkje seksje

Begjin 2009 namen militanten fan 'e Taliban, ûnder lieding fan mullah Maulana Fazlullah, yn 'e Earste Slach om Swat de macht oer yn 'e Swatdelling en ferbeane dêrnei famkes om nei skoalle te gean. Yousafzai, dy't doe alve jier wie, skreau fan jannewaris oant maart fan dat jier mei goedfinen fan har heit, de Pataanske dichter en skoaldirekteur Ziauddin Yousafzai, in blôch foar de BBC ûnder it pseudonym Gul Makai ("Nôtblom", in personaazje út in Pataansk folksferhaal), wêryn't se har libben ûnder it Taliban-rezjym dokumintearre en har mienings oer it rjocht fan famkes op ûnderwiis kenber makke. Yn 'e simmer fan itselde jier waard der in New York Times-dokumintêre opnommen oer har libben. Om likernôch dyselde tiid werovere it Pakistaanske leger de Swatdelling op 'e Taliban yn 'e Twadde Slach om Swat.

Yn desimber 2009 waard buorkundich wa't efter de skûlnamme Gul Makai siet en waard Yousafzai in bekendheid. Hja begûn fraachpetearen te jaan, sawol oan 'e skriuwende parse as op tillefyzje, en ek op oare manearen te iverjen foar famkesûnderwiis en frouljusrjochten. Teffens wie se foarsitster fan it Bernedistriktsparlemint fan Swat (2009-2011). Tsjin it foarjier fan 2010 wie Yousafzai yn Pakistan in nasjonale bekendheid wurden.

Op 9 oktober 2012 waard de skoalbus dêr't Yousafzai yn siet ûnderweis nei hûs oanholden troch inkele Taliban-striders. Ien fan harren skeat har foar de eagen fan 'e oare bern yn 'e holle, dêrby twa oare famkes licht ferwûnjend. Yousafzai oerlibbe de moardoanslach, al lei hja dagenlang yn kritike kondysje yn koma yn it militêr sikehûs te Peshawar en moast se oerenlange operaasjes ûndergean. Nei in deimannich waard se oerbrocht nei it Britske Queen Elizabeth Hospital te Birmingham, dêr't se fierder behannele waard. Op 17 oktober kaam se út har koma en op 3 jannewaris 2013 waard se ûntslein út it sikehûs, al sil se noch wol weromkomme moatte om teminsten noch ien operaasje te ûndergean. Har heit hat in fisum foar fiif jier krigen om yn Grut-Brittanje te bliuwen, en in baan by it Pakistaanske konsulaat yn Birmingham om syn frou Toorpekai, Malala en har jongere bruorkes Khushal en Atul te ûnderhâlden.[1]

 
Malala Yousafzai op besite by de Amerikaanske presidint Barack Obama, op 11 oktober 2013.

Eftergrûnen fan de oanslach

bewurkje seksje

De man dy't Yousafzai besocht te fermoardzjen, is ûnderwilens identifisearre as in Ataullah. Hy wie stjoerd troch de lieders fan 'e Pakistaanske Taliban-groep Tehrik-i-Taliban Pakistan (TTP), dy't op in gearkomste yn 'e simmer fan 2012 unanym besletten hiene dat Malala Yousafzai dea moast om't se in spionne fan 'e Amerikanen en "it symboal fan 'e ûnleauwenden en fan obseniteit" wie[2] en boppedat om't se har tsjin 'e islaam keard hie. Nei de kneukelhouwerich útfierde oanslach lieten se witte dat se har fannijs besykje soene te fermoardzjen as se it oerlibbe, en dat har heit ek op harren deadelist stie.

Oare moslims wiene it hoegenamt net mei de TTP iens. Op 12 oktober feardige bgl. de Sûnnityske Ittehad-rie, in groep fan fyftich foaroansteande Pakistaanske islamityske geastliken, in fatwa (religieus fûnis) út tsjin 'e Taliban-striders dy't de oanslach útfierd hiene. Fierders sprieken se yn it iepenbier skande fan it besykjen fan 'e Taliban om harren die skjin te praten. De oanslach late ta demonstraasjes yn ferskate Pakistaanske stêden en Pakistaanske regearingsfunksjonarissen hawwe in beleanning fan 10 miljoen rupee ($105.000) útloofd foar ynformaasje omtrint it ferbliuwplak fan 'e dieders.

De man dy't sjoen wurdt as einferantwurdlike foar de oanslach, mullah Maulana Fazlullah, hâld him beskûl yn Afganistan. In wurdfierder foar de ynternasjonale ISAF-troepemacht dêre sei doe't er dernei frege waard dat Fazlullah beskôge wurdt as in Pakistaansk probleem en dat de Amerikanen en de Afganen him net as prioriteit beskôgje. Mar hy befêstige dat de Amerikanen, yn it gefal dat se ynformaasje oer syn ferbliuwplak yn 'e hannen krije soene, besykje soene om "him fan it slachfjild te ferwiderjen."[3]

Ynternasjonale erkenning

bewurkje seksje

Yn oktober 2011 waard Yousafzai troch de Súdafrikaanske aartsbiskop Desmond Tutu nominearre foar de Ynternasjonale Bernefredespriis. Ek waard har de earste Pakistaanske Nasjonale Jongereinsfredespriis takend, en yn 2013 wûn se de Sacharovpriis foar Frijheid fan Tinken fan 'e Jeropeeske Uny. In ferskaat oan pommeranten, wêrûnder de Kanadeeske minister fan Boargerskip, stipe dat jiers in petysje om har foar te dragen foar de Nobelpriis foar de Frede, mar dy priis krige se doe net. Yn oktober 2014, waard de Nobelpriis foar de Frede lykwols àl takend oan har en de Yndiaaske bernerjochte-aktivist Kailash Satyarthi.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Noaten

  1. Hof, Gerben van 't, Malala zwaait haar artsen vaarwel.
  2. Leiby, Richard, en Leiby, Michele Langevine, Taliban says it shot Pakistani teen for advocating girls’ rights (www.washingtonpost.com).
  3. Mullah Fazlullah hiding in Afghanistan: US officials (tribune.com).

Boarnen

Foar oare boarnen en fierdere literatuer, sjoch ûnder: Yousafzai References, op dizze side.