[go: up one dir, main page]

Maksiminus Daia, folút Gaius Valerius Galerius Maximinus (20 novimber ±270 - july/augustus 313), berne as Daia, ek wol bekend as Maksiminus II Daia, wie keizer fan it Romeinske ryk fan 308/310 oant healwei 313.

Maksiminius Daia

Jonge jierren

bewurkje seksje

Daia waard berne yn de Romeinske provinjse Illirikum, en kaam út in boerelaach. It wie te ferwachtsjen dat er krektas syn heit skieppehoeder wurde soe, mar syn libben ferrûn oars. Daia wie neef fan Galerius dy't letter ek keizer wurde soe en gong krektas syn omke yn it Romeinske leger. Dêr makke hy stadichoan opgong yn ferskate militêre funksjes. Daia wie troud en hie bern dêr't allinnich de namme fan syn soan Maksimus bekend fan is.

It keizerskip

bewurkje seksje

Op 1 maaie 305 beneamde syn omke Galerius, dy't sels krekt keizer wurden wie as de opfolger fan Diokletianus, him as Caesar. It gebiet dat er bestjoere moast besloech it Midden-Easten en it súdlike part fan Lyts-Aazje.

As yn 306 de meikeizer fan Galerius, Konstantius Klorus komt te ferstjerren giet dizze dermei akkoard dat de soan fan Konstanius Klorus, Konstantyn de Grutte, Caesar wurdt. Severus II waard nije meikeizer fan it westen. Yn Rome ferklearret Maksentius him lykwols ek ta keizer, en by in poging dat te ferhinderjen stjert Severus. Op in gearkomst by Karnuntum wurdt de Konferinsje fan Karnuntum holden en besletten dat Lisinius de opfolger wurdt fan Severus en dat Konstantyn ek keizer wurde mei. Daia hie sels ek graach keizer wurde wollen, mar is dat nei alle gedachten noait offisjeel wurden. Wol brûkte hy tidens syn fjildtochten tsjin de Perzen yn 310 de titel fan keizer (Augustus). Lykwols bliuwt hy trou oan Galerius.

Daia hie sûnt de konferinsje yn 308 in hieltyd gruttere hekel krige oan Lisinius en nei de dea fan Galerius yn 311 eskalearre de situaasje. Se ferdielden Galerius' diel fan it ryk, mei as grins de Bosporus. It kaam noch net ta in boargeroarloch. Daia sluet wol in ferbûn mei de usurpator Maxentius, dy't noch yn Rome siet.

Yn 312, doe't Konstantyn Maksentius yn Itaalje oanfoel, wie Daia op fjildtocht yn Syrje. Doe't hy hearde fan de dea fan Maksentius en it ferbûn fan Lisinius mei Konstantyn waard er lulk en ûnderbruts syn fjildtocht. Hy kearde werom nei Bythinia en stuts yn april 313 de Bosporus oer mei in leger en oermastere Byzantium nei in belis fan 11 dagen. Op 30 april arrivearre Lisinius mei in leger dat folle lytser wie as dat fan Daia. By Adrianopel kaam it ta in fjildslach dy't troch Lisinius wûn waard. Daia's troepen wienen ferswakke en sloegen op de flecht. Ek Maksiminus Daia moast flechte en ferklaaid as slaaf koed er fuort komme. Mar letter dat jier waard er deade. Syn part fan it Romeinske ryk waard oernomd troch Lisinius.

Keppeling omt utens

bewurkje seksje