[go: up one dir, main page]

Lesbiënne

(Trochferwiisd fan Lesbysk)

In lesbiënne, ek wol homoseksuele frou, is in frou dy't har emosjoneel en seksueel benammen oantrokken fielt ta froulju. It "lesbysk wêzen" hjit lesbianisme.

De term is oflaat fan de namme fan it Grykske eilân Lesbos, dêr't de dichteresse Sappho libbe, dy't oer frouljusleafde dichte.[1] Soms wurdt dêrom ek wol sprutsen oer Saffyske leafde.

It wurd lesbienne hat in oantal synonimen, lykas tribade (nei in seksuele hanneling), lesbo en pot (oarspronklik lollepot).[2]

Yn guon kulturen en religys wurdt homoseksualiteit ôfkard. Lesbyske froulju rinne yn bepaalde Afrikaanske en Aziatyske lannen it risiko om slachtoffer te wurden fan geweld troch de famylje of de oerheid.

Media rjochte op lesbiennes en lesbyske saken

bewurkje seksje
  • Zij aan Zij Magazine, in lesbysk tydskrift foar Nederlân en Belgje.
  • Het Roze Rijk, in radioprogramma dat fan 1995 - 2003 elke sneontejûn by de NPS te beharkjen wie op 747 AM. Hoewol't it programma net langer bestiet, is de website as argyf beskikber.
  • Chebba magazine it tydskrift fan SJA Meidenplaza dat jierliks foar en troch Amsterdamse fammen makke wurdt, stiet diskear yn it teken fan homoseksualiteit fan Islamityske komôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

  1. Tielman, Rob, Homoseksualiteit in Nederland, 1982 p. 33.
  2. Mijnwoordenboek.nl. Synoniemen fan lesbienne, oar wurd foar lesbienne. Rieplachte op 25 febrewaris 2010.