[go: up one dir, main page]

Kröller-Müller Museum

It Kröller-Müller Museum is in museum foar moderne keunst, yn it Nasjonaal Park De Hege Feluwe te Otterlo yn de Nederlânske provinsje Gelderlân. It museum en it neistlizzende byldenpark, mei-inoar sa'n 25 ha, hawwe ynternasjonale bekendheid. Jierliks komme der mear as 250.000 besikers út binnen- en bûtenlân.

Yngong fan it museum

It museum is neamd nei Helene Kröller-Müller, dy't, advisearre troch keunstpedagooch H.P. Bremmer, in grut part fan de samling gearfandele.

Helene Müller en Anton Kröller, om 1888

It museum is yn opdracht fan de Kröllers ûntwurpen troch de Belgyske arsjitekt Henry Van de Velde. It waard yn 1938 iepene. It gebou is tsjintwurdich eigendom fan de Steat (Ryksgebouwetsjinst), dy't it yn 1977 útwreidzje liet mei ûnder oaren eksposysjesealen, depots en in nije yngongshal, nei ûntwerp fan arsjitekt Wim Quist.

Yn 1961 liet de doetiidske direkteur Bram Hammacher it museum útwreidzje mei in byldepark. Yn 1963 folge Rudi Oxenaar Hammacher op en fan 1990 oant 2011 wie Evert van Straaten de direkteur. Hy waard opfolge troch Lisette Pelsers.

It museum hat yn wrâldferneamde kolleksje skilderijen en tekeningen fan de keunstskilder Vincent van Gogh op 'e noed. Dêrneist is der in rike samling moderne en hjoeddeiske keunst dêr't mear as 400 wurken (ynternasjonale avant-garde út de jierren '60 oant no) út de eardere kolleksje Visser ûnder binne; sa as wurk fan Anselm Kiefer, Richard Long en Ellsworth Kelly. Yn 2005 waard in legaat, besteande út 28 wurken en korrespondinsje, út de neilittenskip fan Rudi van Deventer (soan fan de museumdirekteur yn de oarlochsjierren) oangien.

Der is wurk fan ûnder oaren:

Utstald wurk (kar út)

bewurkje seksje

It byldepark

bewurkje seksje

Eastlik terrein

bewurkje seksje

Aldo van Eyck-paviljoen

bewurkje seksje

Sintraal en súdwestlik terrein

bewurkje seksje

Noardwest terrein

bewurkje seksje

Rietveld-paviljoen

bewurkje seksje


Keppeling om utens

bewurkje seksje