Koptyske Iepenbiering fan Paulus
De Koptyske Iepenbiering fan Paulus (dy't net betize wurde moat mei de Iepenbiering fan Paulus) is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel. It is in twadde-iuwsk pseudepigrafysk geskrift ûnder de namme fan 'e apostel Paulus, dat yn desimber 1945 fûn waard troch twa boeren by it Egyptyske Nag Hammady, dêr't it mei in stikmannich oare gnostyske geskriften, wêrûnder it folle bekendere Evangeelje fan Tomas, yn in krûk bedobbe lei. It wurdt de Koptyske Iepenbiering fan Paulus neamd, om't it oarspronklik yn it Koptysk skreaun wie, en om it te ûnderskieden fan 'e nei alle gedachten oarspronklik yn it Gryksk skreaune Iepenbiering fan Paulus.
Koptyske Iepenbiering fan Paulus | ||
algemiene gegevens | ||
auteur | anonimus | |
taal | Koptysk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 2e iuw |
De Koptyske Iepenbiering fan Paulus waard neamd troch de tsjerkfaar Epifanius fan Salamis as in geskrift dat it wurk wie fan 'e kaïniten. Dat wie in gnostyske sekte dy't Kaïn (de soan fan Adam en Eva, dy't neffens it bibelboek Genesis syn broer Abel deasloech en sa de earste moardner waard) as de messias beskôge, mei't sy de âldtestamintyske joadske God, dy't se fan Yaltabaoth neamden, as de ferpersoanliking fan it kwea beskôgen. De tekst beskriuwt de opfeart fan Paulus troch ferskate stadia fan 'e himels, wylst Yaltabaoth, dy't omskreaun wurdt as in âldman sittend op in troan, alle war docht om him dat te beletten. In siel dy't yn it libben gjin kennis (gnosis) opdien hat en sadwaande Yaltabaoth net de baas kin, wurdt neffens de tekst weromstjoerd om troch reynkarnaasje nochris in libben yn in fleislik tichthûs en ierdske ballingskip trochbringe te moatten.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: External links, op dizze side. |