[go: up one dir, main page]

Kometen binne lytse hemellichems dy't frij faak tige elliptyske banen om in stjer draaie en út iis, gas en stof bestean ("smoarge snieballen"). As in komeet ticht genôch by in stjer komt en waarmer wurdt sublimearret in diel fan de matearje wêrút se bestiet om in saneamde koma (in atmosfear) en/of in komeetsturt te foarmjen. It fêste diel fan de komeet wurdt dan de komeetkearn neamd.

Komeet Hale-Bopp op 29 maart 1997 fotogravearre boppe Pazin, Kroaasje
Komeet Hale-Bopp (11 maart 1997) mei blauwe plasma- en wite stofsturt. Yn beide sturten binne strielen en piken te ûnderskieden. Blackwater Falls State Park, Davis (West Virginia) mei in 20-sm f/1.5 Schmidt teleskoop, beljochtingstiid 1 minút.
Komeet en sturt yn baan om de sinne
Simulaasje fan de baan fan in komeet

Kometen besteane út in kearn (1-50 kilometer) mei dêromhinne in gaswolk (koma) fan 100.000-1.000.000 kilometer grut en ien of mear lange sturten (oant mear as 150 miljoen kilometer lang). De omrintiid om de stjer kin in jier oant tûzenen jierren bedrage.

Uterlik en gearstalling

bewurkje seksje

As in komeet it sinnestelsel binnenfleant, waarmet se op en begjint it iis dêr't se út bestiet te sublimearjen.

Dit gas foarmet in wolk om de kearn, dy't bekend stiet as de koma. Troch it bytsje swiertekrêft fan de komeetkearn wurdt de koma begrinze trochdat de molekulen yn dizze wolk ôfbrutsen wurde ûnder ynfloed fan sinneljocht.

De oerbleaune, laden molekúlfragminten wurde dêrnei opfage troch de sinnewyn, dy't se meisleept yn de foarm fan in rjochte sturt. It giet benammen om H2O+, OH+, CO+, CO2+, CH+ en N2+. Dizze plasmasturt of ioanesturt is faak blau op foto's. De breedte leit tusken de 100.000 en 1 miljoen kilometer, wylst de lingte yn sichtber ljocht meastal miljoenen kilometers lang binne, soms mear as 1 AU. Plasmasturten wize altiten fan de sinne ôf en meitsje in hoeke fan in pear graden mei de rjochting nei de sinne: se rinne efter op de beweging fan de komeet. Plasmasturten hjitte type I sturten. Deze sturten fertoane in detaillearre, feroarlike struktuer, karakteristyk foar magnetisearre plasma's lykas yn de sinnekorona.

Men sjocht

  1. strielen: tinne bondels mei diktes fan 4000 - 8000 kilometer
  2. knopen en kronkels dy't beweging en fersnelling fan de komeetkop ôf sjen litte. Foarkommende snelheden binne 10 km/s by de kop oant 250 km/s oan de oare útein fan in komeet.

Soms komt in plasmasturt los fan de komeet, grif troch wikselwurking mei de sinnewyn.

Kometen hawwe faak noch in twadde sturt, de stofsturt. Dizze sturt bestiet út stofdieltsjes, dy't de romte ynjage wurde ûnder it geweld fan it gas dat fan de komeetkearn ferdampt. Dizze dieltsjes binne - oars as de gassen yn de ioanesturt - swier genôch om neffens de wetten fan Kepler in bûge baan te folgjen. De stofdieltsjes yn dizze sturt wjerkeatse sinneljocht, wêrtroch't de sturt wyt opljochtet. Stofsturten hjitte type II (of III) sturten en kinne 10 miljoen kilometer lang wêze. Binnen de stofsturt sjocht men bytiden

  1. syngroane bannen út de kearn fan de komeet wei
  2. striae, in rige smelle, lykstrekige bannen dy't net nei de komeetkearn wize. Se wurde meastal fier wei fan de komeetkearn waarnomd.
  3. stofspoaren, smelle details dy't as lange bôgen waarnomd wurde yn it ynfraread
  4. pyk of waaier nei de sinne ta
  5. neck line structure oan de skaadkant fan de koma

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: