[go: up one dir, main page]

In kalinder, is de wize fan kombinearjen fan dagen ta gruttere ienheden, lykas wiken, moannen en jierren, en in oersjoch fan sa'n yndieling.

calendrier
calendrier

De kalinder dy't op it stuit jildt foar it grutste part fan de wrâld, is de Gregoriaanske kalinder. Dit is in oanpassing fan de Juliaanske kalinder, dy't op himsels wer de oanpassing wie fan noch âldere kalinders. Troch dit komôf is der in tal fan útsûnderings yn de kalinder, en dêrom hawwe der yn de rin fan de tiid ferskate útstellen wêst foar it ienfâldiger meitsjen fan de kalinder, mar yn ús komplekse maatskippij blykt dit hast ûnmooglik te wêzen.

Dizze swierrichheid hat de reden wêst dat de ienichste twa útstellen dy't ynfierd binne, beide út in revolúsje foarkommen binne: nei de Frânske Revolúsje hat der trettjin jier in Republikeinske Kalinder west, en nei de Russyske Revolúsje wie der twa jier in Sovjet Revolutionêre Kalinder. Mar ek foar dizze twa kalinders die bliken dat it úteinliks net mooglik wie en feroarje de kalinder definityf.