[go: up one dir, main page]

De K2 (Urdû: کے ٹو, Kaitu) is in 8611 meter hege berch op de Pakistaansk-Sineeske grins yn de Karakoram. It is de op ien nei heechste berch fan de wrâld, nei de Mount Everest. De K2 jildt as 'de hillige graal' foar berchbeklimmers en is neffens in protte kenners de slimst te beklimmen berchpyk fan de wrâld. De berch hat in stjertesifer fan 25%, wat syn bynamme Killer Mountain ferklearet.[1]

De K2
Eastkant fan de K2, foto 1909

De pyk fan de berch waard foar it earst troch minsken beklommen op 31 july 1954 troch Lacedelli en Compagnoni, twa Italjaanske klimmers.

Publikaasjes

bewurkje seksje
  • Vertical Limit, 2000
  • K2, 1992
  • Karakoram & Himalayas, 2007

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Fuotnoat:

  1. Ferriedlike K2 is hillige graal foar klimmers - De Morgen, 3 augustus 2008.