[go: up one dir, main page]

John Eskes

Frysk muzikant, komponist en arranzjeur (1951-2015)

John Eskes (Wolvegea, 4 july 1951 - Drachten, 20 juny 2015) wie in muzikant, komponist en arranzjeur.

Hy groeide op yn in muzikale húshâlding. Begjin santiger jierren spile er yn bluesband Artikel 461. Nei de Mulo en de Muzyk Pedagogyske Akademy yn Ljouwert gie hy nei it konservatoarium yn Swol. Hy folge de 'masterclasses' oan it keninklik konservatoarium yn De Haach en de Royal Academy of Music yn Londen.

Fan 1974-1980 wie Eskes learaar klassike gitaar oan muzykskoallen. Troch Cees Bijlstra kaam er yn 1976 by it begeliedingskombo fan Rients Gratama. Boppedat wie er musikus yn it VARA-dûnsorkest en orkestlieder fan it popensemble Still. Yn 1983 waard hy musikus/orkestlieder/komponist arrangeur by Paul van Vliet en yn 1994 begelieder fan Adele Bloemendaal. Letter wie hy dirigint fan de Big Band Ljouwert '73 en dirigint fan it Smartlappekoar Sipelsjeu. Foar sello en gitaar skreau er ferskate wurken en solowurken foar klassike gitaar. Foar it teater-fuotbalmuzykspektakel Abe skreaun Eskes alle muzykfragminten en audio-effekten. Hy wurke yn 2009 as gitarist-akkordeonist by sjonger-tekstskriuwer Bouke van der Woude.

Op 20 juny 2015 ferstoar hy yn Drachten. Hy wie al in tiid siik.