[go: up one dir, main page]

Johannes Henricus Nieuwold

Johannes Henricus Nieuwold (Gerkeskleaster, 17 novimber 1737 - Wergea, 30 juny 1812) wie in teolooch en ûnderwiisman.

Hy wie dûmny yn Aldeboarn en Wergea ± (1772-1812). Hie it belang fan it plattelân foarop troch herfoarming fan de lânbou en it ûnderwiis. Waard ek wol de 'Nederlânske Pestalozzi' neamd. Hy wie de earste dy't sûkerei boude en rustere yn Fryslân. Wegere yn 1799 'agint fan de nasjonale opfieding' (minster) te wurden. Yn 1801 waard er skoalynspekteur. Syn lêsmetoade mei boekjes Spelend Onderwijs (1806) slút oan by it bern; hy makke ek katigesaasjeboekjes.

Der steane monuminten fan him yn Ljouwert en Wergea. Neifolgers krige er yn Horatius Nieubuur Ferf en Hans Willem Cornelis Anne Visser. Visser sketste it libben fan Nieuwolds libben en besoarge syn Nagelaten Verhandelingen.

Keppeling om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Brouwer, J.H., J.J. Kalma, W. Kok en M. Wiegersma, red., Encyclopedie van Friesland, (Amsterdam: Elsevier, 1958), Nieuwold, Johannes Hendrikus.
  • Nieuw Nederlands Biografisch Woordenboek II 995 (Leien 1911-1937)
  • Earebondel Wumkes (1950) side 57-73
  • It Beaken XIV (1952) side 129-141