[go: up one dir, main page]

Joep Lange (folút: Joseph Maria Albert Lange; Nieuwenhagen (Limburch), 25 septimber 1954 – by Hrabove (de Oekraïne), 17 july 2014) wie in Nederlânsk medikus, heechlearaar ynfeksjesykten en liedend ekspêr op it mêd fan 'e sykte AIDS mei in spesjalisaasje yn HIV-terapy. Fan 2002 oant 2004 tsjinne er as foarsitter fan it Ynternasjonaal AIDS Genoatskip. Yn 2014 kaam er, ûnderweis nei de Tweintichste Ynternasjonale AIDS Konferinsje yn Melbourne, boppe de eastlike Oekraïne om by de fleanramp mei Malaysia Airlines-flecht 17.

Joep Lange
persoanlike bysûnderheden
echte namme Joseph Maria Albert Lange
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 25 septimber 1954
berteplak Nieuwenhagen (Limburch)
stoarn 17 july 2014
stjerplak by Hrabove (de Oekraïne)
etnisiteit Nederlânsk
reg. identiteit Limburchsk
wurkpaad
berop/amt medikus
aktyf as medysk ûndersiker
jierren aktyf 19812014
reden
  bekendheid
wie in liedend AIDS-ekspêr

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Lange waard yn 1954 berne yn it Limburchske Nieuwenhagen, in doarp yn 'e gemeente Landgraaf. Yn 1971 en 1972 brocht er in jier as útwikselingsstudint troch oan 'e Robinson High School yn Tampa, yn 'e Amerikaanske steat Floarida. Neitiid studearre er medisinen oan 'e Universiteit fan Amsterdam, dêr't er yn 1981 mei goed gefolch syn dokterseksamen ôflei, en yn 1987 syn doktoraat helle.

Sûnt 1983 hold Lange him dwaande mei de bestriding fan AIDS en HIV, en died er û.m. proeven mei firusremmers. Fan 1992 oant 1995 wied er wurksum by de Wrâldsûnensorganisaasje (WHO). Yn 2001 rjochte er de PharmAccess Foundation op, in non-profitorganisaasje fêstige yn Amsterdam mei as doel om 'e tagong ta medisinen oangeande AIDS en HIV yn ûntwikkelingslannen te ferbetterjen. Lange tsjinne oant syn dea as foarsitter fan dizze stifting. Dêrnjonken wied er fan 2002 oant 2004 foarsitter fan it Ynternasjonaal AIDS Genoatskip, siet er yn it bestjoer fan ferskate oare organisaasjes op it mêd fan AIDS-bestriding, en wied er ien fan 'e oprjochters fan it medysk tydskrift Antiviral Therapy.

Yn 2006 waard Lange beneamd ta heechlearaar ynfeksjesykten oan 'e Universiteit fan Amsterdam. Ek wied er as senior wittenskiplik adviseur ferbûn oan it Ynternasjonaal Antyfiraal Terapy Evaluaasje Sintrum yn Amsterdam, en tsjinne er as ien fan 'e beide direkteurs fan it HIV Nederlân-Austraalje Undersyks Gearwurkingsferbân, dat fêstige is yn Tailân. Yn 2007 ûntfong Lange as erkenning foar syn jierrenlang krewearjen de Eijkman Medalje foar tropyske genêskunde en ynternasjonale sûnenssoarch.

Op 17 july 2014 sette Lange fan Skiphol ôf nei Melbourne, yn Austraalje, dêr't op 20 july de Tweintichste Ynternasjonale AIDS Konferinsje begjinne soe, organisearre troch it Ynternasjonaal AIDS Genoatskip. Hy wie passazjier op Malaysia Airlines-flecht 17 fan Amsterdam nei Kuala Lumpur, dy't boppe it easten fan 'e Oekraïne troch pro-Russyske rebellen oansjoen waard foar in transportfleantúch fan 'e Oekraynske Loftmacht en sadwaande by fersin delsketten waard. Dêrby kamen Lange, syn partner Jacqueline van Tongeren, en alle 296 oare ynsittenden om it libben. Lange, dy't 59 jier waard, wie de earste bekende persoan wêrfan't dúdlik waard dat dy by de fleanramp mei flecht MH17 omkommen wie. Op 'e konferinsje yn Melbourne en yn medyske fermiddens de wrâld oer waard mei fersleinens op syn dea reägearre.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.