Jiertelling
In jiertelling is in telling fan de tiid yn jierren sûnt in fêststeld begjin. Yn de Kristlike jiertelling is it bygelyks jier 2024 nei de berte fan Kristus.
Eara
bewurkje seksjeIt begjin fan de jiertelling hoecht net altyd itselde te bliuwen; it bart ek dat nei in wichtich foarfal it begjin op 'e nij fêststeld wurdt. Al de jierren dy't telt binne fan itselde begjin út foarmje in eara. Mei it kiezen fan in nij begjin wurdt dus in eara ôfsletten, en begjint in nije eara. Guon nasjonale jiertellings binne basearre op de regearperioade fan de kening. Mei eltse nije monarch begjint dan in nije eara, de eara fan dy monarch. Lykwols, as in jiertelling noch yn de earste eara is, of al lang yn de selde eara is, wurdt de eara-oantsjutting faak weilitten. Yn de Kristlike jiertelling wurdt de oantsjutting "sûnt de berte fan Kristus" meast net apart neamd.
Foartiid
bewurkje seksjeAlle jierren sûnt it begjin fan de jiertelling, dat wol sizze sûnt it begjin fan de earste eara, kinne op dy manier oantsjut wurde. Jierren earder as it begjin fan de earste eara wurde meast oantsjut as safolle jier foar it begjin fan de jiertelling. Der binne lykwols ek kultueren dy't harren jiertelling fan it bejin fan de tiden ôf trochtelle litte, sa't der gien eardere jierrren wêze kinne.
Tapassing
bewurkje seksjeYnternasjonaal wurdt fral de Kristlike jiertelling in soad brûkt, ek troch lannen dy't yntern in oare jiertelling brûke. Dêr't gjin misbegryp oer de brûkte jiertelling mooglik is wurdt dy meast net fierder oantsjut. Bygelyks, de oantsjutting Anno Domini, dy't de Kristlike jiertelling oantsjut, wurdt yn de measte sitewaasjes weilitten.