Jacob Noteman
Jacob Noteman (Sittard of omkriten, om 1599)[1]) wie in 17e iuwsk brûnsjitter út Ljouwert. Hy hie syn bedriuw yn de âlde tsjerke fan Nijehou yn Ljouwert dêr't syn foargonger en learmaster Hans Falck fan Neurenberch earder wurke hie. Yn 1650 is er nei Heidelberch, Dútslân, ferfearn. Hy waard yn Ljouwert opfolge troch Jurjen Balthasar.
Noteman makke ûnder oaren de lytse klok fan de Aldehou (1637) en levere yn 1642 tsien klokken foar de Sint-Jans Katedraal yn De Bosk. Fierders hawwe Jislum (1636), De Jouwer (1636), Hitsum (1637), de waach yn Dokkum (1637), Burdaard (1638), Westhem (1639), Boalsert (1640), Finkegea (1642), Ie (1642), Sonnegea (1644), Tersoal (1644), Terbant (1645), Skiermûntseach (1648) en it stêdhûs fan Harns (1648) syn liedklokken.
Klokken (karút)
bewurkje seksjeJier | Plak | Bouwurk | Beskriuwing |
---|---|---|---|
1636 | De Jouwer | Jouster Toer | Diameter 116,8 sm |
1637 | Ljouwert | Aldehou | Diameter 147 sm. Gewicht 2100 kg. Slachtoan Sis1. |
1637 | Jislum | Katarinatsjerke | Diameter 64 sm |
1637 | Hitsum | Tsjerke fan Hitsum | Diameter 103 sm |
1637 | Dokkum | Waach | |
1638 | Skerpenseel | Herfoarme tsjerke | Diameter 66,5 sm |
1638 | Burdaard | Herfoarme tsjerke | Yn 1943 fan de Dútske besetter foardere |
1639 | Westhem | Bartholomeüstsjerke | Diameter 66 sm |
1641 | De Bosk | Sint-Janskatedraal | Diameter 209 sm. Gewicht 5750 kg, heart by de swierste klokken fan Nederlân |
1645 | Lúnbert | Klokkestoel | Diameter 88 sm. Gewicht 390 kg. De klok hat fan de Twadde Wrâldoarloch oant 2005 yn de Tsjerke oan de Fok hong[2] |
1645 | Easterein | Martinitsjerke | Diameter 130 sm |
1647 | Abbegea | Gertrudistsjerke | Diameter 84 sm |
1648 | Hallum | Grutte of Sint-Martentsjerke | Diameter 120 sm |
1648 | Harns | Stedhûs fan Harns | Diameter 95 sm. Gewicht 520 kg. |
1648 | Minnertsgea | Meinardstsjerke | By de brân fan 1947 waard de klok skansearre en yn 1951 op 'en nij getten troch Van Bergen |
1649 | Skiermûntseach | Grutte Tsjerke | Klok wurdt net mear brûkt |
1649 | Molkwar | Sint-Lebuïnustsjerke | Twa klokken: diameter 71 sm en 81 sm |
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|