[go: up one dir, main page]

Jan fan Beaumont, eins Jan fan Henegouwen, hear fan Noardwyk, Beaumont, Gouda en Skoanhoven (Beaumont, 1288 - 11 maart 1356), wie de jongste broer fan greve Willem III fan Hollân. Hy trede op as steedhâlder yn West-Fryslân. Hy late by it mislearre besykjen ta de ferovering fan Westerlauwersk Fryslân fan syn omkesizzer Willem IV fan Hollân de haadmacht fan it ridderleger nei Starum en besette dêr it Sint Oldulphuskleaster. Nei it sneuveljen fan de greve yn 'e Slach by Warns waard er dêr oanfallen en luts er him op 28 septimber 1345 werom oer de Sudersee. Fan in oerwûne soan fan him stammet it aadlike laach Bloys fan Treslong ôf.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: