Jan Cremer
Jan Cremer (Ynskedee, 20 april 1940 - Amsterdam, 19 juny 2024) wie in Nederlânsk auteur en byldzjend keunstner. Jan Cremer is yn it foarste plak bekend fan de roman Ik, Jan Cremer út 1964 en Ik Jan Cremer, tweede boek út 1966. De publikaasje fan syn earste boek jûch frijwat opskuor út reden fan syn eksplisite seksuele passaazjes.[1] Syn twadde boek wurdt wolris ferlike mei On the Road fan Jack Kerouac. Cremer hat in skerp ear foar fulgêr, humoristysk brûken fan taal en each foar de absurde kant fan de Amerikaanske glamourwrâld, lykas ek in Louis-Ferdinand Céline en Nathanael West, fral yn Ik, Jan Cremer Derde Boek en Made in U.S.A..
Jan Cremer | ||
skriuwer | ||
Jan Cremer | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
nasjonaliteit | Nederlânsk | |
berne | 20 april 1940 | |
berteplak | Ynskedee | |
stoarn | 19 juny 2024 | |
stjerplak | Amsterdam | |
wurk | ||
taal | Nederlânsk | |
sjenre | roman | |
bekendste wurk(en) |
Ik, Jan Cremer (1964) | |
jierren aktyf | 1964-2024 |
Jan Cremer ferstoar op 19 juny 2024, yn 'e âldens fan 84 jier[2]
Underskiedingen
bewurkje seksjeOp 30 novimber 2000 waard Cremer beneamd ta Ridder yn de Oarder fan de Nederlânske Liuw.
Yn 2020 waard de Frans Banninck Cocqpenning oan him takend. De penning wurdt ferliend oan Amsterdammers dy 't har bysûnder fertsjinstlik makke hawwe op bygelyks it kultureel mêd. Lokoboargemaster Rutger Groot Wassink neamde Cremer in foargonger en in pleitbesoarger fan it frije Amsterdam sa 't we dat no kenne en wêr 't elkenien wolkom is.
Boeken en publikaasjes
bewurkje seksje- Ik Jan Cremer I (1966)
- Ik Jan Cremer II (1968)
- Made in U.$.A. (1969)
- The Late Late Show (1969)
- Oklahoma Motel (1969)
- Logboek (1978)
- De Hunnen (1983)
- De liefdes van Jan Cremer (1988)
- Wolf (1993)
- De Venus van Montparnasse (1999)
- I paint I write I paint (2000)
- De wilde horizon (2003)
- Verloren gedichten (2004)
- Brieven 1956-1996 (2005)
- De Cremer Tapes (2006)
- Ik Jan Cremer Derde Boek (2008)
- Fernweh (2016)
- Sirenen (2017)
- Jayne (2018)
- Canaille (2019)
- Barbaar op Ibiza (2020)
- Storm (2020)
- Icoon (2023, mei Onno Blom)
Byldzjend wurk yn iepenbiere kolleksje (in kar)
bewurkje seksje- Frans Hals Museum, Haarlim
- Gemeentemuseum De Haach
- Museum Arnhim
- Ryksmuseum Amsterdam[3]
- Ryksmuseum Twinte, Enschede
- Stedelijk Museum Amsterdam
- Museum De Fundaasje, Swol (30 wurken) [4]
Keppelings om utens
bewurkje seksjeBoarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
|