[go: up one dir, main page]

How to Train Your Dragon (film)

How to Train Your Dragon, yn Nederlân útbrocht ûnder de titel Hoe Tem Je een Draak, is in Amerikaanske histoaryske fantasy-aventoerefilm út 2010 yn 'e foarm fan in kompjûteranimearre lange tekenfilm foar jongerein en de hiele famylje. De film stie ûnder rezjy fan Chris Sanders en Dean DeBlois. De haadrollen waarden ynsprutsen troch Jay Baruchel en America Ferrera. De titel betsjut "Hoe'tst dyn Draak Beleare Moatst". How to Train Your Dragon wie loskes basearre op 'e romansearje mei deselde namme fan Cressida Cowell. It ferhaal spilet yn in fiktive Wytsingtiid op it ôfhandige eilân Berk, dêr't de knoffelige, slungelige Hik allegeduerigen bûten de groep falt, oant er in seldsum talint blykt te hawwen foar it nuet meitsjen fan draken.

How to Train Your Dragon
film
(Filmposter yn 'e Ingelske Wikipedy)
makkers
regisseur Chris Sanders
Dean DeBlois
produsint Bonnie Arnold
senario Will Davies
Dean DeBlois
Chris Sanders
basearre op de romansearje
   fan Cressida Cowell
muzyk John Powell
filmstudio DreamWorks Animation
distribúsje Paramount Pictures
spilers
haadrollen Jay Baruchel
America Ferrera
byrollen Gerard Butler
Craig Ferguson
Jonah Hill
Christopher Mintz-Plasse
skaaimerken
lân/lannen Feriene Steaten
premiêre 21 maart 2010
foarm lange tekenfilm
sjenre histoaryske fantasy-aventoerefilm
taal Ingelsk
spyltiid 98 minuten
budget en resultaten
budget $165 miljoen
opbringst $494,9 miljoen
prizen 10 × Annie Award
filmsearje
filmsearje How to Train Your Dragon
● folgjend diel How to Train Your Dragon 2

How to Train Your Dragon krige fan 'e filmkritisy suver rûnom lof taswaaid en wie ek yn 'e bioskopen in grut kommersjeel súkses. De film waard nominearre foar sawol de Oscar foar Bêste Lange Animaasjefilm as de Golden Globe foar Bêste Lange Animaasjefilm, en wûn mar leafst tsien Annie Awards. It súkses late ta it ûntstean fan in mediafranchise dy't ek How to Train Your Dragon hjit, mei twa ferfolchfilms, in stikmannich koarte films, twa tekenfilmsearjes foar op 'e tillefyzje en ferskate publikaasjes yn oare media. It direkte ferfolch op How to Train Your Dragon wie de film How to Train Your Dragon 2, út 2014.

Berk is in ôfhandich (en fiktyf) eilân yn 'e noardlike Atlantyske Oseaan, dat bewenne wurdt troch Wytsingen. Dyselden wurde allegeduerigen tramtearre troch nachtlike oanfallen fan fleanende draken, dy't it fee stelle en mei harren fjoerspuien de gebouwen yn 'e brân stekke. Yn 'e kultuer fan 'e Wytsingen fan Berk is it wizânsje om 'e bern nammen te jaan dy't sa ôfstjitlik mooglik binne, om't men leaut dat soks de draken by har wei hâlde sil. Hik, eins Hik Heislike Heilbot III, is de fyftjinjierrige, slungelige, knoffelige soan fan 'e pleatslike Wytsinglieder Stompum de Mânske. Hy skaait lykwols nei alle gedachten út nei syn mem silger, mei't er fan uterlik alhiel net op syn grutte, grouwe, sterke heit liket. Mei't Hik te lyts en te swak achte wurdt om draken te befjochtsjen, is er ynstee tewurksteld as it helpke fan 'e pleatslike smid, Rachelman Krôk. Hy is lykwols tige yntelligint, en syn tagong ta de smidderij stelt him by steat om ferskate útfinings te dwaan om it befjochtsjen fan draken makliker te meitsjen. Om't dy yn 'e regel averjochts wurkje, slacht nimmen der acht op.

As der op in jûn nei it fallen fan it tsjuster wer ris in drake-oanfal op Berk plakfynt, tsjocht Hik derop út mei in nije útfining dy't in mei stiennen ferswierre net ôfsjit. Dêrmei hellet er in nachtfuery del, ien fan 'e seldsumste en gefaarlikste soarten draken, dy't sa fluch en stikem is dat net ien Wytsing krekt wit hoe't er derút sjocht om't net ien him ea sjoen hat. As Hik optein yn it doarp weromkeart om syn súkses buorkundich te meitsjen, is der lykwols net ien dy't him leauwe wol. Sels syn heit nimt fuortendaliks oan dat it ferhaal in optinksel is. De oare deis giet Hik der allinnich op út om 'e nachtfuery te sykjen, mei't er wit dat it bist earne op it súdlike diel fan Berk delkommen wêze moat. As er de draak dêr yndie oantreft, alhiel betize yn it net, kin er himsels der lykwols net ta bringe om it bist te deadzjen. Dat ynstee snijt er it net los en lit it gean.

Stompum sammelet alle Wytsingen om der mei in float drakeskippen op út te tsjen. Hy wol jitris besykje it nêst fan 'e draken te finen, mei't er riddenearret dat se in oar wenplak sykje sille as de Wytsingen dat ferneatigje. Hy lit Rachelman Krôk efter om 'e jongerein fan Berk op te lieden ta drakedeaders, en dêrfoar jout er syn soan Hik ek op. It is iroanysk dat Hik syn hiele libben neat leaver wollen hat, mar der krekt no, nei syn konfrontaasje mei de nachtfuery, net mear op te wachtsjen sit. Syn heit wol lykwols net nei him harkje en set ôf mei de float. Hik komt sadwaande yn ien groep telâne mei de eigenwize Snotbongel Jorgenson, de obese en senuweftige Fiskepoat Ingerman, de yrritante twilling Skoarre en Moarje Thorston en de tsjeppe Astrid Hofferson, op wa't er al tiden smoarfereale is. Rachelman besiket de jongerein te trainen troch harren yn in arena yn te setten tsjin finzennommen draken fan ferskate soarten, en yn it begjin rint dat troch Hik syn knoffeligens ferskate kearen hast op in ramp út. Syn klasgenoaten beskôgje him as in suffert en in swakkeling.

Tink derom: Yn de tekst hjirûnder wurdt de ôfrin fan de film beskreaun.
As jo de film sels sjen wolle, is it mooglik better dat jo it no folgjende diel fan 'e plotbeskriuwing (earst noch) net lêze.

Yn syn frije tiid keart Hik werom nei it part fan it eilân dêr't de nachtfuery delkommen is en treft it bist dêr noch altyd oan. Hy beseft dat de draak net mear goed fleane kin om't syn sturtfin by it delstoarten skansearre rekke is. Hik rekket fassinearre troch de draak, dy't er begjint te fuorjen mei fisk en stapke foar stapke nuet makket. Hy jout it bist de namme 'Toskeleas' om't syn gebit ynlûkber is. Mei't er him skuldich fielt oer it skansearjen fan 'e draak, ûntwerpt er in sturtfinproteze, dy't er fan izer en lear yninoar nifelet yn 'e smidderij. Troch Toskeleas ôf te lieden mei in hiel kuorfol fisk, slagget it him om it bist de proteze om te binen. It docht lykwols al rillegau bliken dat de proteze aktyf betsjinne wurde moat troch him yn ferskillende stannen te setten as er funksjoneel wêze wol. Dat betsjut dat Toskeleas tenei inkeld noch fleane kin as Hik mei de loft yn giet. Yn 't earstoan is dat in beëangstigjende ûnderfining, mar meitiid leart Hik om derfan te genietsjen.

Troch it hâlden en dragen fan Toskeleas te observearjen, komt Hik mear oer draken te witten as wa ek op Berk. Hy ûntdekt dat de trochjûne kennis fan 'e Wytsingen foar it meastepart berêst op foaroardielen, foutive oannames en ferkearde gefolchtrekkings. Troch de opdiene kennis ta te passen yn 'e lessen mei de finzen draken fan Rachelman Krôk, wurdt Hik op slach dy syn bêste learling. Sa leart er dat draken benaud binne foar ielen as der in iel tusken de fisken sit dy't er Toskeleas bringt. Letter docht er in iel yn 'e bûse as er nei de arena giet en driuwt dêrmei in draak sûnder swierrichheden werom yn syn hok. Ek ûntdekt er dat draken graach efter de earen aaid wurde en dat se der suver hinne falle fan geniet as men har kardzet op in beskaat plakje ûnder de kiel. Yn 'e arena hat er dêrmei ek grut súkses.

Syn klasgenoaten begjinne bewûndering foar Hik te krijen, allegear útsein de kreaze Astrid, dy't foartiid de bêste learling fan Rachelman wie. Sy is earder nidich en se fynt boppedat dat Hik him fertocht hâldt en draacht. As se him op in dei folget nei it plak dêr't er Toskeleas moetet, ûntdekt se syn geheim. Astrid is earst skitende benaud foar de nachtfuery en wol alles útbringe oan 'e oare Wytsingen, mar Hik en Toskeleas nimme har (yn 't earstoan ûnder twang) mei foar in flecht. Ienris yn 'e loft genietet ek Astrid fan it fleanen. Se feroaret fan gedachten en seit ta Hik syn geheim bewarje te sillen. As se in kear út te fleanen binne, nimt Toskeleas harren ûnferwachts mei nei it nêst fan 'e draken, dêr't de Wytsingen al iuwenlang nei sykje. It docht bliken dat dêr in alderûnhuerichst grutte draak oer de oare draken hearsket en har opfret as se him net genôch fretten bringe yn 'e foarm fan fisken en stellen fee. Hik en Astrid beseffe dat de draken Berk net út frije wil hieltiten oerfalle, mar om't se deabenaud binne foar dizze reuzedraak, dy't se de Reade Dea neame.

Werom op Berk slút Hik as bêste learling it drakedeadersprogramma ôf, en as beleanning mei er dan ien fan 'e finzen draken, fan 'e soarte dy't 'meunstereftige nachtmerje' neamd wurdt, deadzje. Syn heit Stompum en de oare Wytsingen binne ûnderwilens sûnder wat bedijd te hawwen weromkeard fan harren syktocht nei it drakenêst, dat alle bewenners fan Berk binne oanwêzich as Hik mei de meunstereftige nachtmerje de arena yn giet. Hy hat lykwols begrutsjen mei it bist en ynstee dat er deadet, besiket er it nuet te meitsjen. Stompum, dy't min te sprekken is oer dizze gong fan saken, lit de meunstereftige nachtmerje lykwols skrikke, mei as gefolch dat it bist de ûnwapene Hik dochs noch oanfalt. Toskeleas heart Hik syn gjalp fan eangst, komt tuskenbeiden en jaget de oare draak fuort. Stompum sjocht lykwols inkeld in nachtfuery dy't syn soan bedriget en falt mei alle oare Wytsingen op Toskeleas oan. Om't Hik syn freon smeket om syn heit gjin sear te dwaan, spuit Toskeleas gjin fjoer en kinne Stompum en de oaren him finzen nimme.

As Hik neitiid oan syn heit útleit wat der eins oan 'e hân is, rekket Stompum alhiel breinroer oer it neffens him idioate idee fan syn soan dat Wytsingen en draken yn frede gearlibje kinne. Hy raast Hik ta dat er gjin echte Wytsing is, en boppedat net syn soan. Om't Hik by syn útlizzerij by fersin derút blaft hat dat inkeld in draak it drakenêst fine kin, lit Stompum de mei keatlings en houtblokken fêstsette Toskeleas nei syn drakeskip takelje, wêrnei't de float der wer op útgiet om it drakenêst te sykjen, diskear mei in draak as ûnbewuste gids. Hik bliuwt ferbûke efter op Berk, dêr't Astrid him freget wat er no dwaan sil. Hy antwurdet dat dat wierskynlik wat stoms wêze sil, mar sy reägearret troch te sizzen dat er dat al dien hat, dus wat sil er no? Ynienen kriget er in idee, en hy antwurdet dat er no wat folslein idioats fan doel is.

As de Wytsingen ûnder lieding fan Stompum de Mânske en Rachelman Krôk op it eilân fan it drakenêst oankomme, brekke se dêr it nêst iepen. Alle draken fleane der ta'n út en naaie út, en eefkes tinke de Wytsingen in maklike oerwinning boekt te hawwen. Dan komt de Reade Dea lykwols foar 't ljocht, en it docht al hiel fluch bliken dat de Wytsingen foar dat reuseftige ûndier gjin partij binne. As de need it heechst is, arrivearje lykwols Hik, Astrid en de oare learlingen, dy't fleane op Rachelman syn finzen draken. Wylst de oaren de Reade Dea ôfliede, besiket Hik om Toskeleas te befrijen, dy't mei it troch de Reade Dea ta sinken brochte drakeskip fan Stompum op 'e boaiem fan 'e see bedarre is. It slagget him net en hy stjert suver de drinkeldea foar't er rêden wurdt troch syn heit, dy't neitiid wer werom yn see dûkt om Toskeleas te rêden. Nei't heit en soan har mei-inoar fermoedsoene hawwe, lokket Hik al fleanend op Toskeleas de Reade Dea mei, heech de loft yn, dêr't se it meunster úteinlik witte te ferslaan. Toskeleas syn proteze giet dêrby lykwols ferlern, mei as gefolch dat hy en Hik út 'e loft falle. Stompum, Astrid en de oare Wytslingen freezje dat Hik omkommen is, mar as de delstoarte Toskeleas syn wjukken iepenet, komt út dat er Hik mei syn eigen lichem beskerme hat.

Dagen letter wurdt de ferwûne Hik thús op Berk wer wekker. It docht bliken dat er yn it gefjocht mei de Reade Dea syn lofterûnderskonk kwytrekke is, mar Rachelman Krôk hat al in proteze foar him makke. Dyselde hat ek in nije sturtfinproteze foar Toskeleas makke. Hik hat troch syn optreden foargoed de bewûndering fan syn heit, freonen en buorlju ôftwongen, en wat wichtiger is: dy fan Astrid, mei wa't er ferkearing kriget. In nij tiidrek brekt oan, wêryn't Wytsingen en draken yn harmony op Berk gearlibje.

Rolferdieling

bewurkje seksje
 
Jay Baruchel.
 
America Ferrera.
haadrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Hik Heislike Heilbot III Jay Baruchel Patrick Martens
Astrid Hofferson America Ferrera Terence Schreurs


byrollen
personaazje akteur/aktrise
oarspronklike ferzje
akteur/aktrise Nederlânsk
neisyngronisearre ferzje
Stompum de Mânske Gerard Butler Peter Tuinman
Rachelman Krôk Craig Ferguson Bert Simhoffer
Snotbongel Jorgenson Jonah Hill Daan Loenen
Fiskepoat Ingerman Christopher Mintz-Plasse Sander van der Poel
Skoarre Thorston T.J. Miller Jop Joris
Moarje Thorston Kristen Wiig Dorien Haan
Wrokbongel Jorgenson David Tennant ?
Flibe de Fûleindige Ashley Jensen ?

Produksje en distribúsje

bewurkje seksje

In jûnfoljende tekenfilm op basis fan 'e romansearje How to Train Your Dragon, fan 'e Britske berneboekeskriuwster Cressida Cowell waard al yn 2004 yn omtinken nommen troch de Amerikaanske tekenfilmstudio DreamWorks Animation. It idee wie dêr oankaarte troch filmprodusinte Bonnie Arnold.

Yn 't earstoan wie men fan doel om 'e romansearje sekuer te folgjen, en dêrta waard in senario skreaun troch Will Davies. Nei't healwei de preproduksje Chris Sanders en Dean DeBlois oan board kommen wiene as regisseurs, waard dêr lykwols fan ôfstapt. Sander en DeBlois, dy't earder Lilo & Stitch makke hiene foar de Walt Disney Animation Studios, fûnen it oarspronklike skript "te leaf" en "te boartlik" en rjochte op in te jonge doelgroep. Dêrom wurken se it hielendal om nei har eigen ynsjoch. De film kin dêrom inkeld noch as loskes basearre op 'e romansearje fan Cowell beskôge wurde.

Foar de produksje fan How to Train Your Dragon wie in budget beskikber fan $165 miljoen. De filmmuzyk waard fersoarge troch John Powell, dy't earder foar DreamWork Animation wurke hie oan û.m. de soundtrack fan Kung Fu Panda.

Distribúsje

bewurkje seksje

De distribúsje fan How to Train Your Dragon waard fersoarge troch Paramount Pictures. De film gie op 21 maart 2010 yn premiêre yn Universal City, fuortby Los Angeles. Hy iepene dêrnei op 26 maart yn 'e Amerikaanske bioskopen. It byhearrende soundtrackalbum ferskynde op 23 maart 2010 by platemaatskippij Varèse Sarabande. How to Train Your Dragon waard op 15 oktober 2010 útbrocht op dvd en blu-ray.

Fan 'e filmkritisy krige How to Train Your Dragon rûnom positive resinsjes. Sa joech Roger Ebert fan 'e Chicago Sun-Times de film 3 fan 4 stjerren. Hy fûn dat der mear tiid bestege wurde kinnen hie oan karakterûntwikkeling of de ûntjouwing fan it ferhaal, mar omskreau de film likegoed as "fleurich en kreas en mei in protte enerzjy". Yn 'e krante USA Today parte Claudia Puig How to Train Your Dragon 31/2 fan 4 stjerren ta. Hja omskreau de film as "in spannend aksje-aventoer", as "in fernimstige komeedzje mei humoristyske dialooch" en as "in coming-of-ageferhaal mei ferrassende djipgong [… oer de] freonskip tusken minske en bist."

Ek Peter Travers, fan it tydskrift Rolling Stone, hie lof foar How to Train Your Dragon, dat er 3 fan 4 stjerren joech, wylst de foaroansteande ynternetfilmkritikus James Berardinelli de film 31/2 fan 4 stjerren taparte. Yn Entertainment Weekly beoardiele Owen Gleiberman de film mei in 91/2 op in skaal fan 1 oant 10. Ien fan 'e seldsume resinsinten dy't net oer How to Train Your Dragon mocht, wie Kyle Smith fan 'e New York Post, dy't de film 2 fan 4 stjerren joech en him omskreau as: "Avatar foar sufferts. Mar dy titel wie al beset. Troch Avatar."

Op 'e webside Rotten Tomatoes, dy't resinsjes sammelet, hat How to Train Your Dragon in tige heech goedkarringspersintaazje fan 98%, basearre op 205 ûnderskate resinsjes. De konsensuskrityk fan 'e webside, gearstald út al dy resinsjes, stelt: "Mei tûzelsinnige animaasje, in skript mei in ferrassende dramatyske djipgong en spannende 3-D-sênes stiget [de film] boppe de konkurrinsje út." Op Metacritic, de wichtichste konkurrint fan Rotten Tomatoes, behellet How to Train Your Dragon in goedkarringspersintaazje fan 74%, basearre op 33 resinsjes.

How to Train Your Dragon brocht yn 'e bioskopen yn 'e Feriene Steaten en Kanada $217,6 miljoen op, en yn alle oare lannen en territoaria $277,3 miljoen. Wrâldwiid kaam de opbringst dêrmei út op $494,9 miljoen. Ofset tsjin it budget fan $165 miljoen betsjut dat in winst fan $329,9 miljoen, hoewol't dêr de marketingkosten noch wol ôf moatte. Dêrmei wie How to Train Your Dragon de op fjouwer nei meast opbringende tekenfilm fan 2010, nei Toy Story 3, Shrek Forever After, Tangled en Despicable Me.

How to Train Your Dragon waard yn 2011 by de Oscars nominearre foar prizen yn twa kategoryen: bêste lange animaasjefilm en bêste orizjinele soundtrack. By de Golden Globes waard de film nominearre foar de priis foar bêste lange animaasjefilm. How to Train Your Dragon waard ek nominearre foar de BAFTA's foar bêste lange animaasjefilm en bêste filmmuzyk, de Saturn Awards foar bêste animaasjefilm, bêste filmmuzyk en bêste produksje-ûntwerp, de Satellite Award foar bêste animaasjefilm of film fan mingde media, de Critics' Choice Award foar bêste lange animaasjefilm, de Kids' Choice Award foar favorite animaasjefilm, de People's Choice Award foar favorite famyljefilm en de Teen Choice Award foar favorite animaasjefilm.

By de Annie Awards, de wichtichste Amerikaanske prizen dy't spesifyk op animaasje rjochte binne, waard How to Train Your Dragon nominearre foar fyftjin prizen yn tsien kategoryen, wêrûnder bêste stimakteur yn in lange animaasjefilm (Gerard Butler as Stompum de Mânske), bêste animearre effekten yn in animaasjefilm (Jason Mayer), twa kear bêste personaazje-animaasje yn in lange film (Jakob Hjort Jensen en David Torres) en bêste storyboarding yn in lange animaasjefilm (Alessandro Carloni). De film wûn tsien Annie Awards, foar bêste lange animaasjefilm, bêste rezjy fan in lange animaasjefilm (Chris Sanders en Dean DeBlois), bêste stimakteur yn in lange animaasjefilm (Jay Baruchel as Hik), bêste senario fan in lange animaasjeproduksje (William Davies, Chris Sanders en Dean DeBlois), bêste muzyk yn in lange animaasjeproduksje (John Powel), bêste animearre effekten yn in animaasjefilm (Brett Miller), bêste personaazje-animaasje yn in lange film (Gabe Hordos), bêste personaazje-ûntwerp yn in lange animaasjeproduksje (Nico Marlet), bêste produksje-ûntwerp yn in lange animaasjeproduksje (Pierre-Olivier Vincent) en bêste storyboarding yn in lange animaasjefilm (Tom Owens).

It súkses fan How to Train Your Dragon soarge foar it ûntstean fan in mediafranchise dy't ek How to Train Your Dragon hjit. Dy omfiemet twa ferfolchfilms: How to Train Your Dragon 2, út 2014, en How to Train Your Dragon: The Hidden World, út 2019. Dêropta waarden der noch in stikmannich koarte films oer Hik en syn freonen makke, en teffens ferskynden der yn it ramt fan 'e franchise twa tekenfilmsearjes foar op 'e tillefyzje: DreamWorks Dragons en DreamWorks Dragons: Rescue Riders, wêrfan't de lêste rjochte wie op in jonger publyk.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.

How to Train Your Dragon (filmsearje)
lange films
How to Train Your Dragon (2010) • How to Train Your Dragon 2 (2014) • How to Train Your Dragon: The Hidden World (2019)
koarte films
Legend of the BoneKnapper Dragon (2010) • Book of Dragons (2011) • Dragons: Gift of the Night Fury (2011) • Dragons: Dawn of the Dragon Racers (2014) • How to Train Your Dragon: Homecoming (2019) • Snoggletog Log (2019)