Hondoeras
| |||||
Offisjele taal | Spaansk | ||||
Haadstêd | Tegusigalpa | ||||
Steatsfoarm | Republyk | ||||
Gebiet % wetter |
112.090 km² 0,2% | ||||
Ynwenners (2004) | 6.250.000 | ||||
Munt | Lempira (HDL) | ||||
Tiidsône | UTC -6 | ||||
Nasjonale feestdei | 15 septimber | ||||
Lânkoade | HND | ||||
Ynternet | .hn | ||||
Tillefoan | 504 |
Hondoeras is in lân yn Midden-Amearika. De haadstêd is Tegusigalpa.
Geografy
bewurkje seksjeLizzing
bewurkje seksjeHondoeras wurdt begrinzge troch:
- Gûatemala yn it westen;
- El Salvador en de Stille Oseaan yn it suden;
- Nikaragûa yn it easten;
- Karibyske See yn it noarden.
It leit op de lâningte fan Sintraal-Amearika oan de Golf fan Hondoeras, dat in part fan de Karibyske See is. Yn it suden hat it lân in koarte kuststripe mei de Grutte Oseaan. It eastpunt is Kaap Gracias a Dios, dat leit op it plak dêr't Kokorivier yn de Karaïbyske See útkomt.
Lânskip
bewurkje seksjeIt lânskip fan Hondoeras is oerwegend bercheftich. Yn it noarden en oan de kusten lizze leechflakten dy't by de kust smel binne. De regio "La Mosquitia" yn it noardeasten is net folle ûntwikkele en bestiet foar it grutste part út reinwâld. It leechlân fan "Sula Vally" yn it noardwesten is tichtbefolke. Yn La Mosquitia, leit it UNESCO wrâld-erfdiel gebiet "Río Plátano Biosphere Reserve", mei de Koko rivier dy't it lân skied fan Nikaragua. De eilannen Islas de la Bahía en de Swanne Eilannen (allegear foar de noardkust) meitsje ek diel út fan Hondoeras.
De regio kin beskôge wurde as in biodiverske hutspot troch it enoarme oantal plant- en bistesoarten dy't hjir fûn wurde kin. Krekt as oare lannen yn de omkrite hat Hondoeras wiidweidige biologyske reserves. Yn it lân komme bygelyks mear as 6000 soarten faskulêre planten foar dêr't 630 (oant no ta beskeaun) orchideeën fan binne; om-ende-by 250 reptilen en amfibyen, mear as 700 fûgelsoarten, en 110 soarten sûchdieren, de helte hjirfan flearmûzen.
Skiednis
bewurkje seksjeYn 1524 waard it lân troch de Spanjerts yn besit nommen. Yn 1821 tred it ta oant de Midden-Amerikaanske Federaasje oant it yn 1838 in selsstannige republyk waard. Sûnt dy tiid hawwe mear as 100 regearings en militêre diktatueren elkoar ôfwiksele. Mei de ynfiering fan de grûnwet yn 1982 wurde de leden fan it parlemint foar fjouwer jier keazen.
Demografy
bewurkje seksjeBefolking
bewurkje seksjeDe befolkingsgrutte fan Hondoeras is net hielendal wis. Gegevens rinne útien tusken de 5 miljoen oant 7 miljoen. Yn it lân kinne fjouwer entyske kloften ûnderskieden wurde.
Ladino’s
bewurkje seksjeLadino’s binne ôfstammelingen fan de Spanjerts. Yn Hondoeras wenne sawat gjin “suvere” Spanjerts, om't yn it ferline in mânsk fermingen plak fûn hat tusken Spanjerts en yndiaanske befolkingskloften. De taal fan de Ladino’s is de taal fan Honduras: Spaansk.
Yndígena’s
bewurkje seksjeYndianen wenje benammen yn La Mosquitia, in min tagonklike regio yn it swettegebiet mei Nikaragua. De grutste kloft binne de Miskito yndianen. Sy wenje oan de kust yn doarpkes fan lytske houten húskes op peallen. Har wichtichste fiedselboarne bestiet dan ek út fisken. De Miskito yndianen ferlitten har wengebieten komselden. Yn La Mosquitia libje ek de Pech-yndianen. Dat folk wennet mear yn it binnenlân by de rivieren lâns en harren tradisjoneel boude wenten bestean út in ferhege flier en tek fan bamboe, mei soms ien of twa skutten tsjin de wyn.
De Lenka’s wienen ynearsten it grutste yndianenfolk yn Hondoeras. Sy binne foar it grutste part opnomd yn de Ladino’s, mar yn it binnenlân binne doarpen dêr't de bewenners fan klaimen dat sy ôfstammelingen binne fan de eardere Lenka’s zijn. Ek de Mayas hawwe har hiel bot fermongen mei de oare befolkingskloften. Lykwols wenje yn de omjouwing fan Copán noch hieltyd ôfstammelingen fan dat folk, dy't yn distiid Korty yndianen neamd wurde. Har taal en kultuer is dy fan de Ladino’s. Yn Gûatemala bestean noch wol delsettings fan Korty yndianen dêr't har taal kultuer bewarre bleaun binne.
Oare yndianenfolken yn Hondoeras binne de Payas en de fan oarsprong nomadyske Hisakwes.
Garífunas
bewurkje seksjeDe Garifunas binne in folk dat by de hiele noardkust lâns fan Hondoeras wennet. It binne ôfstammelingen fan negerslaven dy't fan Afrika wei nei Amearika helle waarden. De taal fan de Garifunas is it Garifuna, in mingtaal fan Afrikaanske talen, Spaansj en Ingelsk. Garifunas wenje tradisjoneel yn hutten fan palmbledden op it strân, dêr't sy fan de fiskfangst libje. Tsjintwurdich hawwe de Garifunas har ek stadichoan yn de stêden fêstige, benammen yn San Pedro Sula en La Seiba.
Eilanners
bewurkje seksjeOp de trije Baai Eilannen Utila, Roatán en Guanaja wenje neikommelingen fan de Ingelsken, dy't har dêr festige hawwe doe de eilannen noch Ingelsk besit wienen. Ekonomysk sjoen giet it dizze befolkingskloft better ôf as de oar Hondureenske befolking. Dat ferskil is te ferklearren út it feit dat sy Ingelsk sprekke en dêrtroch in foarsprong hawwe mei it fine fan wurk op ynternasjonale frachtskippen en yn it bûtenlân.
It toerisme is tsjintwurdich ek in wichtige boarne fan ynkomsten op de Baai Eilannen. Tradisjoneel wurdt der op de eilannen libbe fan (harpoen-)fiskerij.
Religy
bewurkje seksjeDe grutste godstsjinst yn Hondoeras is it Katolike leauwen 47% folge troch it Protestantisme mei 36% en 17% oars.