[go: up one dir, main page]

Henry Ford (Wayne County (Michigan), 30 july 1863Dearborn (Michigan), 7 april 1947) wie in Amerikaanske yndustrieel.

Henry Ford

Ford begûn yn 1903 mei syn autofabryk, dêrfoar hied er al yn 1896 syn earste auto produsearre. Troch him waard de Detroit Automobile Company oprjochte, mar dy gong lykwols rillegau fallyt. Mei de Henry Ford Company dy't er dêrnei stifte koed er de merk net mei feroverje en troch de oandielhâlders waard er twongen om it bedriuw te ferlitten. Pas mei syn tredde bedriuw, de Ford Motor Company hied er súkses en dat súkses sette útein mei de yntroduksje fan de T-Ford.

Foardat Ford de T-Ford op de merk kaam, hied er al eardere modellen makke. Oer de T-Ford sei er dat dy yn alle kleuren te krijen wie, as it mar swart wie.

Yn syn fabriken yntrodusearre Ford it prinsipe fan de rinnende bân, in prinsipe dat er ôfsjoen hie by de grutte slachterijen. Dy ynnovaasje fan him makke de massaproduksje foar auto's en benammen syn T-Ford mooglik. Foar de yndustriële produskje bestjutte syn fynst in revolúsje.

Antisemitisme

bewurkje seksje

Henry Ford, wie lange tiid in oertsjûge antisemyt. Fan 1919 ôf joech er de krante The Dearborn Independent út dêr't û.m. de antisemityske fisy fan Ford yn publisearre waard. Ford stoppe mei de krante yn 1927 en hy werrôp syn eardere antisemityske publikaasjes. Nettsjinsteande dat, wie Ford op 30 july 1938 de earste ûntfanger fan it Grosskreuz des Deutschen Adlerordens, de heechste Nazi-ûnderskieding foar bûtenlanners, troch syn ynspannings om betelbere auto's foar elkenien te meitsjen. Op 7 jannewaris 1942 skreau er in iepen brief oan de Anti-Defamation League, dêr't hy de joadehaat yn fersmiet en hope dat antisemitisme foar altyd einigje soe.