Henry E. Noyes
Henry E. Noyes (folút: Henry Erastus Noyes; Belfast (Maine), 23 augustus 1839 – Berkeley (Kalifornje), 13 july 1919) wie in Amerikaansk militêr dy't focht yn 'e Amerikaanske Boargeroarloch, de Grutte Sû-Oarloch fan 1876 en de Spaansk-Amerikaanske Oarloch. Hy brocht it ta de rang fan brigadegeneraal.
Henry E. Noyes | ||
militêr | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
namme folút | Henry Erastus Noyes | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 23 augustus 1839 | |
berteplak | Belfast (Maine) | |
stoarn | 13 july 1919 | |
stjerplak | Berkeley (Kalifornje) | |
etnisiteit | Angelsaksysk Amerikaansk | |
wurkpaad | ||
tsjinsttiid | 1861 – 1901 | |
yn tsjinst fan | Feriene Steaten | |
legerûnderdiel | lânmacht ● Amerikaanske Leger | |
heechste rang | brigadegeneraal (sûnt 1904) | |
konflikt(en) | Amerikaanske Boargeroarloch Grutte Sû-Oarloch fan 1876 Spaansk-Amerikaanske Oarloch | |
treffen(s) | Earste Slach by Bull Run Slach by South Mountain Slach by Antietam Slach by Fredericksburg Slach by Brandy Station Slach by Winchester Slach by Opequan Slach by Nashville Slach oan de Powderrivier Slach oan de Rosebud Slach by Slim Buttes |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid en oplieding
bewurkje seksjeNoyes waard yn 1839 berne yn Belfast, yn 'e Amerikaanske steat Maine, as de soan fan Henry S. Noyes en dy syn frou Rebecca Tyler. Hy studearre oan 'e Amerikaanske Militêre Akademy te West Point, dêr't er op 24 juny 1861, koart nei it begjin fan 'e Amerikaanske Boargeroarloch (1861-1865) slagge foar syn eksamens. Noyes waard doe mei de rang fan twadde luitenant tafoege oan it Amerikaanske 2e Rezjimint Dragonders, in kavalery-ôfdieling fan it Noardlike Leger.
Militêre karriêre
bewurkje seksjeUnder de Boargeroarloch naam Noyes diel oan 'e ferdigening fan 'e Amerikaanske federale haadstêd Washington, D.C. yn 'e Earste Slach by Bull Run. Teffens wied er belutsen by de Ekspedysje nei Port Royal, yn Súd-Karolina. Letter focht er yn 'e slaggen by South Mountain, Antietam, Fredericksburg, Beverley Road, Brandy Station, Winchester, Opequan en Nashville. Op 1 augustus 1863 waard er befoardere ta kaptein foar moed betoand yn de Slach by Brandy Station. Op 2 april 1865 waard syn dapperens by de ferovering fan Selma, yn Alabama, beleanne mei in fierdere befoardering ta de rang fan majoar.
Nei ôfrin fan de Amerikaanske Boargeroarloch wie Noyes oan de Amerikaanske frontier legere, yn Fort Fetterman, yn Wyoming. Under de Grutte Sû-Oarloch naam er yn maart 1876 diel oan 'e Bighorn-ekspedysje, ûnder brigadegeneraal George Crook. Noyes focht dêrby ûnder kolonel Joseph J. Reynolds yn 'e Slach oan de Powderrivier, yn súdlik Montana, wêrby't it Amerikaanske Leger in nederlaach litte. Letter dat jiers naam er ek diel oan 'e simmerkampanje, wêrby't er mids juny yn 'e Slach oan de Rosebud focht, dy't einige yn in nije oerwinning foar de Yndianen. Oan 'e ein fan 'e simmer tsjinne Noyes ûnder Crook by dy syn saneamde Hynstefleismars (sa neamd om't de rantsoenen oprekken en de kavaleristen har eigen hynders opite moasten) en yn 'e Slach by Slim Buttes.
Yn 1898 tsjinne Noyes ûnder de Spaansk-Amerikaanske Oarloch yn 't earstoan yn 'e Amerikaanske mobilisaasjekampen te Chickamauga, Mobile en Tampa. Letter focht er op Kuba, dêr't er neitiid in skoft gûverneur-generaal fan 'e provinsje Santa Clara wie. Noyes swaaide op 16 novimber 1901, nei mear as fjirtich jier aktive tsjinst, ôf út it Amerikaanske Leger, mar waard ûnder syn pinsjoen op 23 april 1904 noch mei weromwurkjende krêft befoardere ta brigadegeneraal.
Ferstjerren
bewurkje seksjeNoyes kaam op 13 july 1919 yn Berkeley, yn noardlik Kalifornje, te ferstjerren yn 'e âlderdom fan 79 jier. Hy waard op 14 july begroeven op it Nasjonaal Begraafplak San Francisco. Noyes liet in frou, Louise W. Noyes, en fiif bern nei: Henry W. Noyes, Arthur P. Noyes, kolonel Samuel W. Noyes, Louise Noyes Wallace (troud mei majoar George W. Wallace) en Margaret Noyes.
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |