[go: up one dir, main page]

Hendrikus Cornelis Jacoba Vrienten (Hilvarenbeek, 27 july 194825 april 2022), wie in Nederlânsk sjonger, bassist, gitarist en pianist. Hy waard benammen bekend as de sjonger fan de band Doe Maar.

Henny Vrienten
sjonger en/of muzikant
Henny Vrienten by it ôfskiedskonsert fan Doe Maar (1984)
Henny Vrienten by it ôfskiedskonsert fan Doe Maar (1984)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hendrikus Cornelis Jacoba Vrienten
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 27 july 1948
berteplak Hilvarenbeek
stoarn 25 april 2022
wurkpaad
sjenre Pop
sjongtaal Nederlânsk
ynstrumint Basgitaar,
Keyboard,
Gitaar
grutste hit(s) De bom,
Pa
jierren aktyf 1977-2021

Yn de jierren sechtich spile er yn ferskate popgroepen, wêrûnder yn Les Cruches. Yn de jierren santich skreau er muzyk foar oare artysten, wêrûnder twa Ingelsktalige nûmers foar it krystalbum út 1975 fan The Cats.

Yn 1980 waard Vrienten frêge om sjonger en bassist te wurden by de band Doe Maar as ferfanger fan de opstapte Piet Dekker. Mei Doe Maar hat Vrienten fjouwer studio-albums útbrocht

Vreemde Kostgangers (2016-2021)

bewurkje seksje

Yn 2016 rjochte er tegearre mei George Kooymans fan de Golden Earring en Boudewijn de Groot de groep Vreemde Kostgangers op. Mei Vreemde Kostgangers hat Vrienten twa studio-albums útbrocht.

Solo karriêre

bewurkje seksje

Al fan de jierren 70 ôf wie Vrienten aktyf as solo-artyst; hy brocht ûnder de namme Ruby Carmichae twa singles út en ûnder de namme Paul Santos in studio-album. Yn 1977 gie er mei Ernst Jansz en Bouwdewijn de Groot op toernee. Yn 1984 brocht er it studio-album Geen ballade út, de earste ûnder syn eigen namme. Solo hat er sân studio-albums útbrocht.

Privee en ferstjerren

bewurkje seksje

Henny Vrienten boaske yn 1984 foar it earst. Hy krige twa soannen en in famke út dat houlik. Yn 2000 skate er en in jier letter boaske er Gala Veldhoen, dêr't er twa soannen mei krige.

Op 25 april 2022 makke konsertorganisator Mojo Concerts buorkundich dat Henny Vrienten yn de âldens fan 73 jier ferstoarn wie. Hy wie al in skoftke siik.

Album Utbrocht op Band Single(s)
Paul Santos 1977 Paul Santos
(pseudoniem fan Vrienten)
Skunk maart 1981 Doe Maar 32 jaar (Sinds 1 dag of 2),
Smoorverliefd
Doris Day en andere Stukken maart 1982 Doris Day,
Is dit alles
4us 11 maart 1983 Pa,
1 Nacht alleen,
Nachtzuster
Geen ballade 1984 Henny Vrienten Als je wint (ft. Herman Brood)
Mijn hart slaapt nooit 1992 Het Scharrelvarken,
Zonnebril
Klaar 14 april 2000 Doe Maar Watje
Aardige jongens 2008 Henny Vrienten
En toch... 2014
Alles is anders 2015
Vreemde Kostgangers 24 febrewaris 2017 Vreemde Kostgangers
Nachtwerk 24 novimber 2017
Tussen de regels 2019 Henny Vrienten