[go: up one dir, main page]

Harry "Cuby" Muskee (Assen, 10 juny 1941 - Rolde, 26 septimber 2011) wie in Nederlânsk sjonger en meiopjochter fan de bluesband Cuby + Blizzards.

Harry Muskee
sjonger en/of muzikant
Harry Muskee by in optreden mei Cuby + the Blizzards yn 2009
Harry Muskee by in optreden mei Cuby + the Blizzards yn 2009
persoanlike bysûnderheden
echte namme Harry Muskee
nasjonaliteit Nederlânsk
berne 10 juny 1941
berteplak Assen
stoarn 26 septimber 2011
stjerplak Rolde
wurkpaad
sjenre Blues
sjongtaal Ingelsk
grutste hit(s) Window of My Eyes,
Appleknockers Flophouse
jierren aktyf jierren 60-2011
Boarstbyld fan Harry Muskee (1997) op de Voorstreek yn Grolloo, makker Gerda van den Bosch
Through the window of my eyes, monumint yn de bosken by Grolloo foar Harry Muskee

Muskee waard berne yn de Twadde Wrâldoarloch yn it Wilhelmina Sikehûs yn Assen. Yn 't earstoan wenne er mei syn mem by syn beppe, meidat syn heit finzennaam wie en nei Dútslân brocht wie.

Doe't er fjouwer wie seach er syn heit foar it earst. De húshâlding ferfear nei Rotterdam mar gie twa jier letter werom nei Assen. Mem krige multiple sklearoaze en koe net goed mear foar him soargje. Meidat syn heit as brânwarkommandant de hiele dei fan hûs wie, naam beppe de soarch foar Muskee foar it grutste part oer.

Muskee waard op syn tsiende lid fan de fuotbalfereniging Achilles 1894 en op syn fyftjinde gie er foar it earst nei gitaarles. Op de mulo hearde er foar it earst jazz en dixieland. Mei de bruorren Jaap en Henk Hilbrandie rjochte er de band The Mixtures op. Ut dy band ûntstie The Old Fashioned Jazz Group. De band spile fral op skoalfeesten yn Assen.

Under oaren troch de radiostjoeder American Forces Network, foar Amerikaanske militêren dy't yn Dútslân legere wiene, kaam Muskee yn 'e kunde mei bluesmuzyk. Doe't er by in platesaak de elpee Concert at Newport fan John Lee Hooker fûn, besleat er dat hy dy muzyk ek meitsje woe.

Doe't Muskee 20 jier wie (1961), stoar syn mem en in jier letter ek syn beppe.

Nei The Blizzards-periode spile er yn de formaasjes Red White 'n Blue, de Harry Muskee Band, de Muskee Gang en Muskee. Uteinlik die bliken dat de oarspronlike namme Cuby + Blizzards it meast oansloech en ûnder dy namme, mei de Grinzer gitarist Erwin Java, toerde Muskee in protte jierren toch binnen- en bûtenlân.
Njonken dat presintearre er muzykprogramma's foar RTV Drinte en makke er foar dy stjoerder in stúdzjereis troch de súdlike steaten fan Amearika, op 'e siik nei de woartels fan de blues.

Op inisjatyf fan de Fryske deputearre en Muskeefan Gerard van Klaveren waard yn 1997 yn Grolloo in boarstbyld foar Harry Muskee oprjochte, makke troch Gerda van den Bosch.

Muskee stoar yn de âldens fan 70 jier oan kanker. Hy waard beïerdige efter de tsjerke yn Rolde.

Underskiedings

bewurkje seksje
  • Edison (mei it debútalbum Desolation fan Cuby + Blizzards)
  • Earepeinje fan de stêd Assen
  • Kulturele Priis fan de provinsje Drinte
  • 2003 Ridder yn de Oarder fan Oranje-Nassau
  • 2007 Gouden Harp foar syn hiele oeuvre
  • 2007 Ambassadeur fan de provinsje Drinte
  • 2011 Earepeinje gemeente Aa en Hunze

Keppelingen om utens

bewurkje seksje