[go: up one dir, main page]

Harvey Pratt (folút: Harvey Phillip Pratt; El Reno (Oklahoma), 1941) is in Amerikaansk keunstner fan mingd Súdlik Sjajinsk, Angelsaksysk Amerikaansk en Frânsk etnysk komôf. Hy hat mear as fyftich jier by de Amerikaanske plysje wurke en dêrby yn 'e hiele Feriene Steaten tûzenen komposysjetekenings fan ûnbekende dieders en postmortemrekonstruksjetekenings fan ûnidentifisearre stoflike omskotten makke. Sûnt 1992 is Pratt los fan syn bân mei de plysje ek as artistyk keunstner aktyf.

Harvey Pratt
keunstner
persoanlike bysûnderheden
echte namme Harvey Phillip Pratt
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 1941
berteplak El Reno (Oklahoma)
etnisiteit Súdlik Sjajinsk
Angelsaksysk Amerikaansk
Frânsk
wurkpaad
wurksum as keunstskilder, tekener,
byldhouwer, houtfiker,
brûnsjitter, byldzjend keunstner
medium oaljeferve, wetterferve, akryl,
metaal, hout
jierren aktyf ±1967 – no
offisjele webside
www.harveypratt.com

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Jonkheid en oplieding

bewurkje seksje

Pratt waard yn 1941 berne yn El Reno, yn 'e steat Oklahoma. Hy is in lid fan 'e Sjajinne en Arapaho Stamme fan Oklahoma, dy't him oansteld hat as ien fan 'e tradisjonele Sjajinske fredesopperhaden fan 'e Ried fan Fjouwerenfjirtich. Pratt is de oerpakesizzer fan 'e Frânsk-Sjajinske legerferkenner en tolk Edmond Guerrier, en in betoerpakesizzer fan 'e Amerikaanske keapman en frontiersman William Bent. Hy wennet yn Guthrie, yn Oklahoma.

Plysjekarriêre

bewurkje seksje

Pratt sette syn karriêre yn 1965 útein by de plysje fan Oklahoma City, dêr't er as sljochtwei plysjeman syn earste komposysjetekening makke dy't ta de arrestaasje en feroardieling fan in dieder late. Yn 1972 joech er him by it Steatsburo fan Undersyk fan Oklahoma (OSBI), dêr't er him talei op drugssaken. Tweintich jier letter, yn 1992, loek er him as assistint-direkteur fan it OSBI út aktive tsjinst werom. Sûnt is er by it OSBI yn 'e tsjinst as foltiids-gerjochtskeunstner.

 
In foarbyld fan in postmortemtekening troch Pratt.

Yn dy hoedanichheid hat Pratt troch de jierren hinne tûzenen komposysjetekenings fan ûnbekende dieders en postmortemrekonstruksjetekenings fan ûnidentifisearre stoflike omskotten makke. Dêrby hat er yn 'e hiele Feriene Steaten wurksum west, foar sawol Amerikaanske as ynternasjonale plysje-organisaasjes. Pratt wurdt beskôge as in spesjalist op it mêd fan it meitsjen fan tsjûgebeskriuwingstekenings, skedelrekonstruksje, leeftydsprogresjetekenings en postmortemtekenings en oangeande de restauraasje fan skansearre foto's en fideo's. De sêftweefselpostmortemtekening is in metoade dy't er mids jierren tachtich eigenhandich ûntwikkele hat; dêrby tekenet of skilderet de gerjochtskeunstner op in foto fan it slachtoffer, sadat it tabrochte letsel 'fuortpoetst' wurdt en ûnwerkenber skeinde slachtoffers wer werom te kennen wurde.

Pratt hat as gerjochtskeunstner bydroegen oan in grut tal beruchte saken, wêrûnder it ûndersyk nei de bomoanslach op it World Trade Center yn New York, yn 1993, en de bomoanslach op it Alfred P. Murrah Federal Building, yn Oklahoma City, yn 1995. Dêrnjonken jout Pratt ek kursussen en workshops, sawol spesjaal foar plysjeminsken, as oan universiteiten en oare ynstellings foar heger ûnderwiis.

Artistike keunst

bewurkje seksje

Njonken syn plysjewurk hat Pratt, benammen sûnt er yn 1992 ophold mei aktyf plysjewurk, ek aktyf west as artistyk keunster. Dêrby wurket er as keunstskilder (mei oalje-, wetter- en akrylferve), tekener, byldhouwer, houtfiker en brûnsjitter. Ek makket er fresko's, arsjitekturale ûntwerpen en byldzjende keunst. Hy is in folslein autodidakt, en mei graach mei klaai of hout wurkje. Yn syn keunst kombinearret er syn plysje-eftergrûn mei syn Yndiaanske kulturele erfskip. Mei syn keunstwurken hat Pratt ferskate prizen wûnen, û.m. yn 2005 op it Yndiaanske Red Earth Festival yn Oklahoma City. Guon fan syn keunstwurken binne yn it besit fan it Smithsonian Ynstitút en de Universiteit fan Oklahoma.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes en References, op dizze side.