[go: up one dir, main page]

</noinclude> Hans van Helden (Almkerk, 27 april 1948) is in earder Nederlânsk-Frânsk reedrider. Nei't er yn 1982 boaske mei de Frânske reedrydster Marie-France Vives kaam er tenei út foar Frankryk.

Hans van Helden
Reedrider
Hans van Helden (1975)
Hans van Helden (1975)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Hans van Helden
nasjonaliteit Frânsk
Nederlânsk
bertedatum 27 april 1948
berteplak Almkerk
sportive ynformaasje
ûnderdiel Langebaan
O.S. Innsbruck 1976,
Sarajevo 1984,
Calgary 1988
debút 1973
karriêre-ein 1992
wichtige prestaasjes
3x brûns Olympyske Spullen 1976,
1x brûns WK Allround 1976
1x sulver EK Allround 1973
1x brûns EK Allround 1974

Hy die alve kear mei oan it Wrâldkampioenskip allround, trettjin kear oan it Europeesk kampioenskip en trije kear oan de Olympyske Winterspullen (yn 1976, 1984 en 1988). Hy behelle by dizze kampioenskippen trije brûnzen medaljes op de Olympyske Spullen, ien brûnzen medalje by it wrâldkampioenskip Allround, by it Europeeske kampioenskip allround behelle er in sulveren en brûnzen medalje. Hy waard ek twa kear Nederlânsk allround kampioen.

Yn Frankryk hie er as reedrider net folle konkurrinsje dus koe er sûnder kwalifikaasje gedoch oan alle toernoaien meidwaan. By de Winterspullen fan 1984 waard hy fjirde op de 1500 meter wat de bêste "Nederlânske" prestaasje wie. Van Helden stie bekend as in eigensinnich persoan, dy't faaks spul hie mei oaren, apart wiene ek syn manier fan trainen yn stee fan krêfttraining trainde er mei in parasjute.

Yn desimber 2015 kaam it boek Hoe sterk is de eenzame schaatser, wêryn't syn libben beskreaun is troch Erik Dijkstra.

Persoanlike rekôrs

bewurkje seksje
Ofstân Tiid Datum Baan
500 meter 39,03 20 maart 1976 flagge fan de Sowjetuny  Medeo, Alma-Ata
1000 meter 1.16,32 18 febrewaris 1988 flagge fan Kanada  Olympic Oval, Calgary
1500 meter 1.55,61 13 maart 1976 flagge fan Dútslân  Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
3 km 4.08,11 8 maart 1984 flagge fan Dútslân  Ludwig Schwabl Stadion, Inzell
5 km 6.57,69 17 febrewaris 1988 flagge fan Kanada  Olympic Oval, Calgary
10 km 14.34,84 21 febrewaris 1988 flagge fan Kanada  Olympic Oval, Calgary
jier NK
Allround
EK
Allround
WK
Allround
WK
Sprint
Olympyske
Spullen
1973 Brûns  Sulver  7e 16e
1974 4e Brûns  5e 8ste
1976 Goud  5e Brûns  4e 500 m, 19e
1000 m, 5e
1500 m, Brûns 
5 km, Brûns 
10 km, Brûns 
1977 Goud  5e 7e
1978 12e 12e
1979 4e
1980 4e 13e
1981 7e
1982 15e 15e
1983 17e 14e
1984 6e 10e 500 m, 24ste
1000 m, 18e
1500 m, 4e
5 km, 11e
10 km, 25ste
1985 26ste 27ste
1986 14e 14e
1987 24ste 31ste
1988 18 8ste 500 m, 33ste
1000 m, 29ste
1500 m, 19e
5 km, 22ste
10 km, 23ste

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: