[go: up one dir, main page]

Hannelingen fan Pilatus

De Hannelingen fan Pilatus, ek wol it Evangeelje fan Pilatus neamd, is in algemien as apokryf beskôge kristlike religieuze tekst, besibbe oan it Nije Testamint fan 'e Bibel, dy't de namme draacht fan Pontius Pilatus, de Romeinske steedhâlder fan Judéa yn 'e tiid fan 'e krusiging fan Jezus fan Nazaret. It is lykwols gjin pseudepigraaf, mei't it net beweart dat it troch Pilatus sels skreaun is. Ynstee hâldt it út gearstald te wêzen út offisjele ferslaggen út it pretoarium te Jeruzalim, dy't troch de klerken dêre yn opdracht fan Pilatus optekene wêze soene foar keizer Tibearius. Dêryn wurdt sawol melding makke fan 'e krúsdea fan Jezus as fan beskate wûndertekens. It is tige ûnwierskynlik dat it dokumint autentyk is, mei't der gjin inkele histoaryske basis is foar de foarûnderstelling dat Romeinske steedhâlders de dea fan lju dy't it Romeinsk boargerskip net besieten rapportearren oan it sintrale regear yn Rome, lit stean oan 'e keizer sels. It iepentlik kristlik boadskip stelt de tekst noch fierder yn 'e kiif, mei't neat derop wiist dat Pontius Pilatus ea bekeard is ta it kristendom. De measte moderne saakkundigen sjogge de Hannelingen fan Pilatus sadwaande as in kristlik wurk dat bedoeld wie om ynformaasje oangeande de krusiging en dêrmei ferbûne foarfallen út heidenske boarnen te wjerlizzen.

Hannelingen fan Pilatus
algemiene gegevens
auteur anonimus
taal Aldgryksk
foarm non-fiksje
sjenre religiosa
skreaun 325375.

Datearring en gearstalling

bewurkje seksje

De tsjerkehistoarikus Eusebius fan Sesaréa, skriuwend yn 325, hie gjin weet fan dizze Hannelingen fan Pilatus, al neamd er al de Brieven fan Pilatus, dêr't ek Tertullianus nei ferwiisd, en in anty-kristlik wurk dat ek de Hannelingen fan Pilatus neamd waard, mar dat dit dúdlik net is. Epifanius koe dizze Hannelingen fan Pilatus yn 376 àl, dat de tekst wurdt yn 'e regel yn 'e midden fan 'e fjirde iuw datearre, al moat dêrby oantekene wurde dat de oerlevere Gryksktalige manuskripten bewizen fan lettere redigearring fertoane. De Hannelingen fan Pilatus lykje gearstald te wêzen út ûnderskate parten, dy't ûngelikens yn taaleigen en hânskrift binne. De âldste dielen binne skreaun yn it Gryksk, wylst lettere tafoegings inkeld yn it Latyn oerlevere binne. De hiele tekst foarmet boppedat teffens in ûnderdiel fan 'e Grykske Hannelingen fan Petrus en Paulus, en binne ek taheakke oan it Latynske Evangeelje fan Nikodémus, hoewol't de ûnderskate geskriften eins neat mei-inoar út te stean hawwe.

De Hannelingen fan Pilatus falle útinoar yn trije dielen. Yn it foarste diel (de haadstikken 1-11) wurdt de berjochting en krusiging fan Jezus op antysemityske wize beskreaun; dit part fan 'e tekst is dúdlik basearre op Lukas 23. It oarde diel (de haadstikken 12-16) behannelet de weropstanning fan Jezus út 'e dea. Dit part is sabeare basearre op in offisjeel ferslach oan it joadske Sanhedrin, oangeande Kristus syn delgean nei it faaiefjoer, troch Leusius en Charinus, de twa sielen dy't nei de krusiging opstiene út 'e dea. In inkeld yn it Latyn oerlevere taheakke, de Descensus ad Infernos ("Plondering fan 'e Hel") ferhellet fierders hoe't Kristus nei de hel gie om dêr de duvel alle rjochtskepene sielen te ûntnaderjen dy't er dêr ûnrjochtlik finzen hold.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Schneemelcher, Wilhelm, en Wilson, R. Mcl., New Testament Apocrypha, Vol. 1, 1990, ISBN 0 66 42 27 21X.
  • Voorst, Robert E. van, Jesus Outside the New Testament: An Introduction to the Ancient Evidence 2000 (Wm. B. Eerdmans Publishing Co.), ISBN 0 80 28 43 689.
Apokrife teksten besibbe oan de Bibel
Apokrife boeken besibbe oan it Alde Testamint
Gebedens: Joazef | Manasse | Salomo | Geheime Boeken: Ezechiël | Jeremia | Himelfearten: Jesaja | Mozes | Iepenbierings: Abraham | Adam | Daniël (Gryksk) | Elía | Ezra (Gryksk) | Ezra (Joadsk) | Mozes | Sedrach | Sefanja | Serûbbabel | Psalmen: Lieten foar it Sabbatsoffer | Oaden | Psalm 151 | Psalmen 152–155 | Psalmen fan Salomo | Testaminten: Abraham | Adam | Izaäk | Jakob | Job | Mozes | Salomo | Tolve Aartsfaars | Oar: 1 Barûch | 2 Barûch | 3 Barûch | 4 Barûch | Boete fan Jamnes en Mambres | Brief fan Jeremia | Ester (Gryksk) | Ezra (Gryksk) | Ezra (Latyn) | Fizioen fan Ezra | Fragen fan Ezra | 1 Henoch | 2 Henoch | 3 Henoch | De Jakobsljedder | Jezus Sirach | Joazef en Asnat | Josippon | Jubileeën | Judit | Kommentaar op Habakuk | It Libben fan Adam en Eva | De Libbens fan de Profeten | 1 Makkabeeërs | 2 Makkabeeërs | 3 Makkabeeërs | 4 Makkabeeërs | 5 Makkabeeërs | Makkabeeërs (Etiopysk) | 1 Meqabyan | 2 Meqabyan | 3 Meqabyan | Mienskipsregel | Noäch | Oarlochsrôle | Pseudo-Ezechiël | Pseudo-Filo | Regel fan de Gemeente | Regel fan de Seinging | Reuzen | Skeel fan Adam en Eva mei Satan | Skiednis fan de Babyloanyske Ballingskip | Skiednis fan de Rekabiten | It Swurd fan Mozes | Taheakken op it Boek Daniël (Azarja • Suzanne • Bel en de Draak) | Tobit | Wysheid fan Salomo
Apokrife boeken besibbe oan it Nije Testamint
Berne-evangeeljes: Jakobus | Mattéus | Syrysk | Tomas | Brieven: Aleksandrinen | Apostels | Barnabas | 1 Klemins | 2 Klemins | 3 Korintiërs | Korintiërs oan Paulus | Laodikers | Oan de Romeinen | Petrus oan Filippus | Pseudo-Titus | Seneka de Jongere | Smyrneeërs | Strange Brief | Trallessiërs | Evangeeljes: Barnabas | Bartoloméus | Basilides | Diatessaron | Ebioniten | Egyptners (Gryksk) | Egyptners (Koptysk) | Filippus | Hebreeërs | Jakobus | Judas | Many | Marije Magdalena | Markus (Geheim) | Marsion | Mattias | Nazareners | Nikodémus | Petrus | Pilatus | Pseudo-Mattéus | Tomas | Wierheid | Geheime Boeken: Jakobus | Jehannes | Hannelingen: Andréas | Andréas en Mattias | Barnabas | Filippus | Jehannes | Ksantippe, Polyksena en Rebekka | Paulus | Paulus en Tekla | Petrus | Petrus en Andréas | Petrus en Paulus | Petrus en de Tolve | Pilatus | Timóteüs | Tomas | Iepenbierings: Paulus | Paulus (Koptysk) | Petrus | Petrus (Gnostysk) | Petrus (Koptysk) | Tomas | Underrjocht: Didachê | Kanons fan de Apostels | Underrjocht fan de Apostels | Oar: Boek fan Tomas | Boete fan Origenes | It Delkommen fan Marije | Fragen fan Bartoloméus | Hanneling fan Petrus | De Hoeder fan Hermas | It Libben fan Jehannes de Doper | Nepos | Passy fan Petrus en Paulus | De Skatspelonk | Traktaat oer de Weropstanning | Twadde Traktaat fan de Grutte Set | Underrjocht fan Silvanus | Weropstanning (Bartoloméus) | Wysheid fan Jezus Kristus