[go: up one dir, main page]

Wytgatswel

(Trochferwiisd fan Hússwel)

De wytgatswel of it wytgatsweltsje (Delichon urbicum) is ien fan de soarten út de famylje fan de swellen dy't yn Fryslân geregeld te sjen is.

wytgatswel
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme rêchstringdieren (Chordata)
klasse fûgels (Aves)
skift moskeftigen (Passeriformes)
famylje swelfûgels (Hirundinidae)
skaai hûsswellen (Delichon)
soarte
Delichon urbicum
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige
ferspriedingsgebiet
     simmerfûgel
     wintergast
     trochtrekker

Yn 't Frysk wurdt de wytgatswel ek wol de hússwel neamd. Oare talen: Noardfrysk: Sarkswaalk; Grinslânsk: hoesswaalfke; Nederdútsk: huusswalwe; Dútsk: Mehlschwalbe; Nederlândsk: huiszwaluw; Ingelsk: House Martin.

 
in âlde fûgel by it nêst
 
Aaien fan de Wytgatswel
Swel op stek, mei lûd

De Wytgatswel is sa'n 13 sm lang en waacht 16 oant 25 gram. De fûgel hat in blauswarte kop, rêch, wjukken en sturt. De ûnderkant is wyt en ek de stuit. De stuit hat net sa'n djippe ynsnijde swellesturt as bygelyks de boereswel mar is wol dúdlik te sjen.

Fersprieding

bewurkje seksje

De wytgatswel libbet meast yn it kultuerlânskip, yn it iepen fjild ta oant yn de stêd. It is in briedfûgel in hiel Jeropa, oant in hichte fan 2000 m. Fierders komt er ek noch yn Aazje foar oant yn it noardwesten fan Sibearje, Japan en it noardwesten fan Afrika. De fûgels binne dêr meast fan april oant septimber. Winterdeis libje de Jeropeeske wytgatswellen súd fan de Sahara oant Súd-Afrika.

Yn Nederlân hawwe de oantallen wytgatswellen ôfnomd. Yn 1970 wiene der noch sa'n 400.000-500.000 briedpearen en yn 2013-2015 noch mar sa'n 70.000-100.000. Yn de stêden is de wytgatswel ferdwûn. Hy stiet op de Nederlânske Reade list fan fûgels as 'gefoelich'. Yn Fryslân briedt de wytgaswel foaral by Gaasterlân en om it Lauwersmar hinne.

It iten fan de wytgatswel bestiet út lytse fleanende ynsekten dy't de fûgel yn it iepen fjild yn de loft fangt.

Fuortplanting

bewurkje seksje

De wytgatswellen bouwe harren nêst meast tsjin bûtenmuorren ûnder oerstekkende dakrânen. It bestiet út modder dy't mei spui opmitsele wurdt yn de foarm fan in heale bol mei in nauwe yngong oan de boppekant. Ien as twa kear per jier wurde trije oant fiif wite aaien lein dy't troch de beide âlden yn 12 oant 15 dagen útbret wurde. De jongen wurde dan noch sa'n trijenheale wike troch de âlden fuorre.

Undersoarten

bewurkje seksje

De wytgastswel telt 2-3 ûndersoarten:

  • Delichon urbicum urbicum, West-, Midden-, Noard-Jeropa oant West-Sibearje
  • Delichon urbicum meridionale, Súd-Jeropa, Noard-Afrika oant Midden-Aazje
  • Delichon (urbicum) lagopodum, Noardeast-Aazje; dizze ûndersoarte wurdt ek as aparte soarte beskôge: Sibearyske wytgatswel