[go: up one dir, main page]

Grutte wjerskynflinter

De grutte wjerskynflinter (Apatura iris) is in soarte yn de famylje fan de Aureliaflinters (Nymhalidae).

grutte wjerskynflinter
taksonomy
ryk dieren (Animalia)
stamme lidpoatigen (Arthropoda)
klasse ynsekten (Insecta)
skift flinters (Lepidoptera)
famylje aureliaflinters (Nymphalidae)
skaai wjerskynflinters (Apatura)
soarte
Apatura iris
Linnaeus, 1758
IUCN-status: net bedrige

De grutte wjerskynflinter libbet yn âlde fochtige leafbosken. Ek libje se in groepen in boskjes by rivierkes. Meastal fljocht er heech yn de beammen en komt net folle op de grûn. De Grutte Wjerskynflinter wie frij algemien yn grutte parten fan Twinte, de Achterhoeke, sintraal Noard-Brabân en Súd-Limburch. Tusken 1920 en 1975 bleau de stân likernôch gelyk. Dêrnei is it bot efterútgong. Tsjintwurdich is de flinter in seldsume stânflinter; der binne noch mar 12 oant 15 populaasjes.

Op de Nederlânske reade list stiet de flinter as slim bedrige, mar ynternasjonaal komt er noch rûnom foar.

De wjukken binne 31 oant 40 mm lang. Op de boppekant fan de foarwjuk stiet in ûnopfallende donker plak by de efterrâne. De mantsjes hawwe in prachtige pearse glâns. De wyfkes binne brún en wat grutter.

De flinter is te sjen fan begjin juny oant ein augustus, foaral tusken 1 en 20 july. De flinter fljocht altyd yn ien generaasje.

De rûp kin ûngefear 40 mm lang wurde. It liif is grien mei giele streken op de sydkant. De kop is hiel bysûnder omdat der twa útstekkende rôze hoarntsjes op sitte. De healwaaks rûpen oerwinterje yn de skors of tûken fan beammen.

De rûp fret fan de skiere wylch en de boskwylch.