[go: up one dir, main page]

Grifformearde Tsjerken yn Nederlân

De Grifformearde Tsjerken yn Nederlân (GKN, hjir fierders ek sa te neamen), faak oantsjut as de Grifformearde Tsjerke, of 'gewoan grifformeard' en ûnder frijmakken "synodalen" of "Grifformeard synodaal" neamd, wie oant 1 maaie 2004 (doe't it opgie yn 'e Protestantske Tsjerke yn Nederlân) in Nederlânsk grifformeard tsjerkegenoatskip. It ûntstie yn 1892 doe't twa groepen ôfskiedenen fan de Nederlânske Herfoarme Tsjerke by elkoar gienen:

De grifformearde tsjerke yn Kollum

De GKN telden nei de Vereniging fan 1892 700 pleatslike gemeenten (394 út de Ofskieding, 306 út de Doleânsje) en 370.000 leden (189.000 út de Ofskieding, 181.000 út de Doleânsje). Dat ledetal soe om 1975 útgroeie ta hast 900.000 leden (neffens de tsjerklike statistyk) en mear as 940.000 leden (neffens de folkstelling) en sakke dêrnei oant sa'n 675.000 yn begjin 2004 doe't de GKN opgiene yn de PKN.

Abraham Kuyper waard fierút de wichtichste lieder fan de GKN en joech de oanset ta de foarming fan de Grifformearde pylder. Der waarden organisaasjes oprjochte dy't in nauwe bân mei ûnderhâlden mei de Grifformearde Tsjerke, sa as bygelyks de Frije Universiteit yn Amsterdam, de Nederlandse Christelijke Radio-Vereniging (NCRV), it deiblêd De Standaard (letter Trouw) en de Anti Revolúsjonêre Partij, dy't no part fan it Kristen-Demokratysk Appèl wurden is, CDA.

Ofskieding en fúzje

bewurkje seksje
 
It ûntstean fan protestantske streaming yn Nederlân

Nei de oprjochting yn 1892 hawwe der twa ôfskiedings west. De earste wie yn 1926. Troch in konflikt oer de letterlike ynterpretaasje fan de Bibel splitste in diel him ôf fan de GKN, en foarme doe de Grifformearde Tsjerken yn Wersteld Ferbân. Omdat de Bibel yn Genesis stelt dat de slange yn het paradys tsjin Eva spriek, kaam de ortodokse mearderheid ta it einbeslút dat God dit bist it sprekfermogen jûn hawwe moast. De leden fan de wjuk dy't harren ôfsplitsten, seagen it wat allegoarysker. Op de Synoade fan Assen yn 1926 gong it lang om let oer de fraach at de Skrift in betrouber en feitlik ferslach jout yn Genesis 3. De Synoade fan 1926 miende dat der yndie sprake wie fan in "zintuiglijk waarneembare" slange. Dat it gong yn Genesis 3 net om ferhalen, fabels, myte of fiksje, mar om feitlik waar te nimmen werklikheden, sa as in slang, beammen, minsken, ensafuorthinne. Yn 1971/1972 hat de Synoade fan de GKN de besluten fan de Synoade fan 1926 wer ynroppen.

De twadde spjalt kaam yn 1944, doe't yn de saneamde Frijmakking de Grifformearde Tsjerken frijmakke har ôfskiede fan de GKN ûnder lieding fan ds. Klaas Schilder.

Yn 1909 dienen de GKN in fersyk oan de Grifformearde Gemeenten (GG) om te kommen ta tsjerklike feriening. Troch ferskillende teologyske opfetting wiisde de GG dat ôf. Oant de jierren '70 wie der lykwols wol in beskieden gearwurking tusken de GKN, de Grifformearde Gemeenten (en de Kristlike Grifformearde Tsjerken) yn net-tsjerklike organisaasjes sa as it Grifformeard Sosjologysk Ynstitút en (oant 2001) it Contactorgaan Gereformeerde Gezindte.

Yn 1962 wurde útein set mei it Samen op Weg-proses dat tige lang duorje soe. Dat waard 1 maaie 2004 ôfsletten, doe't de GKN mei de Nederlânske Herfoarme Tsjerke en de Evangelysk-Lutherske Tsjerke ta de Protestantske Tsjerke yn Nederlân (PKN) waard. Op dat stuit hienen de GKN sa'n 675.000 leden, dêr't 400.000 fan belidende leden wiene. Der wiene yn totaal 857 pleatslike tsjerken, mei sa'n 1000 tsjerkegebouwen. Sân gemeenten koenen harren net fine yn de fúzje; dizze gemeenten stiften op 8 maaie 2004 de fuortsette Grifformearde Tsjerken yn Nederlân. Ién gemeente socht oansluting by de Nederlâns Grifformearde Tsjerken. Ek de fjirtjin gemeenten en 7000 leden fan de Evangelisch-Altreformierte Kirche in Niedersachsen hearden ta de GKN. Hja binne no assosjearre lid fan de PKN en furdigje twa leden ôf nei de Generale Synoade fan de PKN.

De yn 1894 út Nederlân wei oprjochte Grifformearde Tsjerken yn Belgje, dy't har yn 1979 oansletten hawwe by de Verenigde Protestantse Kerk in Belgie makken as aparte klassis part út fan de partikuliere synoade fan Noard-Brabân en Limburch fan de GKN.

Selsstannige gemeenten

bewurkje seksje

Hoewol't de GKN faak yn it koart as Grifformearde Tsjerke oantsjut waarden, wienen de pleatslike gemeenten fierhinne selsstannich. De lokale grifformearde tsjerkegemeente wie rjochtoarderlik besjoen in grifformearde tsjerke op himsels, dy't har ferbûn hie mei it oerkoepeljend tsjerkeferbân fan de GKN.

Teologyske ûntjouwing

bewurkje seksje

Oant de Twadde Wrâldkriich wie it klassyk grifformearde beliden yn neo-kalvinistyske sin in wichtich skaaimerk fan de GKN. De Grifformearde Tsjerken hienen harsels lange tiid beskôge as de meast Ware Kerk van Christus en hienen in sletten, rasjonalistysk en strang karakter. Fral it wurk fan Abraham Kuyper en Herman Bavinck sette in stimpel op it tsjerklik libben en tinken. Nei de Twadde Wrâldoarloch is - mei troch de ynfloed fan Karl Barth - it oerhearskjende plak dat it klassyk grifformeard beliden ynnaam stadichoan loslitten. Benammen nei 1962 feroare de tsjerke sterk fan karakter en waard hja in iepen plurale tsjerke mei mear romte en frijheid, alhoewol't dit per gemeente tige ferskille koe.

Yn 1980 hawwe de Grifformearde Tsjerken it absolute gesach fan de Bibel oer lear en libben noch mear loslitten mei it oannimmen fan it, opskuor feroarsaakjende, rapport "God met ons". De Grifformearde Tsjerken binne anno 2004 plurifoarm wurden. Dizze ûntjouwing is fral werom te finen - en mei feroarsake troch - yn it teologysk wurk fan Prof. Dr. Gerrit Cornelis Berkouwer (1903-1996) en Prof. Dr. Harry M. Kuitert (1924).

De GKN jilde desennia lang as in bolwurk fan rjochtsinnigens, mar troch boppeneamde teologyske ûntwikkelings hawwe hja no yn de grifformearde tsjerken de namme fan it minst ortodoks tsjerkeferbân ûnder de grifformearde tsjerkegenoatskippen.

Bekende leden en teologen

bewurkje seksje

Likernôch sân fan de tsien grifformearden (tsjerkemienskippen dy't de namme 'grifformeard' hawwe wurde bedoeld) is lid fan de GKN (no Grifformearde Tsjerken yn de PKN). Dat it wie fierwei it grutste grifformearde tsjerkegenoatskip. Yn 1975 wie it ledetal it grutst, doe wiene it rom 900.000 leden.

Predikanten foar de GKN waarden oplaat oan twa 'eigen' universiteiten: de Frije Universiteit te Amsterdam en de Teologyske Universiteit te Kampen.

Keppelings om utens

bewurkje seksje