[go: up one dir, main page]

Gregory Martin Itzin (Washington, D.C., 20 april 1948Londen, 8 july 2022) wie in Amerikaansk akteur.

Gregory Itzin
akteur
Gregory Itzin (2006)
Gregory Itzin (2006)
persoanlike bysûnderheden
echte namme Gregory Martin Itzin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 20 april 1948
berteplak Washington, D.C.
stoarn 8 july 2022
stjerplak Londen flagge fan it Feriene Keninkryk fan Grut-Brittanje en Noard-Ierlân
jierren aktyf 19792022

Itzin waard berne op 20 april 1948 yn Washington D.C. As skoaljonge ferhuze er nei Burlington, dêr't syn heit in skoft boargemaster wie. Itzin woe yn it earstoan teäterakteur wurde, dêr't er in oplieding foar folge oan it American Conservatory Theater yn San Francisco. Hy wie te sjen yn meardere teäters troch it hiele lân. Foar syn rol yn it toanielstik The Kentucky Cycle waard er nominearre foar in Tony Award. It stik sels wûn in Pulitzer-priis.

Itzin is lykwols benammen bekend wurden fan syn telefyzje- en filmrollen. Itzin hie gastrollen yn meardere telefyzjeprogramma's. Syn grutste resinte rol wie dy fan presidint Charles Logan yn de telefyzjesearje 24. Yn 2005 waard er by de cast fan dy searje foege, healwei it fjirde seizoen. Yn it seizoen dêrnei wie syn personaazje presidint wurden, en spile syn personaazje in wichtige rol yn de ferhaalline fan dat seizoen. Itzin waard nominearre foar in Emmy Award foar bêste manlike byrol yn in dramasearje foar syn aktearprestaasjes. Itzin hoegde gjin audysje te dwaan foar syn rol yn de searje om't er yn it twadde seizoen alris audysje dien hie. Boppedat koe er ien fan de produsinten.

Itzin hie njonken in wichtige rol yn 24 noch rollen yn in pear oare searjes. Sa spile er yn Friends, Murder One, Navy NCIS, The O.C., Judging Amy, Boston Legal, CSI: Crime Scene Investigation, The Practice en de koartrinnende sciencefiction-televisieserie Firefly. Ek spile hy de rol fan John Ashcroft yn de telefyzjefilm DC 9/11: Time of Crisis. Boppedat hie Itzin meardere rollen yn de Star Trektelevisieseries. Yn 1993 spile er yn Star Trek: Deep Space Nine, en dêrnei spile er noch yn Star Trek: Enterprise en Star Trek: Voyager.

Itzin ferstoar yn 2022 yn de âldens fan 74 jier.