Gnostyk
De Gnostyk is in iere streaming yn it kristendom.
De gnostyk as kristlike streaming is op 'e nij yn de belangstelling kaam troch de fynst fan 52 gnostyske skriften by Nag Hammady yn Egypte, yn 1945. Foar dy fynst wienen tsjerkehistoarisy meastentiids fan betinken dat de gnostyk beskôge wurde moast as ketterij, wat der op del kaam dat it in ôfwiking wie fan de haadstream fan it kristendom. Lykwols geane tsjintwurdige histoarisy hieltyd mear oer om de gnostyk in foaroansteande posysje te jaan yn de ûntjouwing fan it iere kristendom.
Kearntema
bewurkje seksjeIt kearntema fan de gnostyk is dat de minske folslein fergetten is wat er yn werklikheid is. De net ferloste minske is 'himsels kwyt'. As gefolch dêrfan hat sa'nien it kontakt my syn inerlik witten, de gnosis, ferlern. Wa't himsels kwyt is, libbet as in slaaf fan ûnpersoanlike machten. Dy steat fan ferfrjemding fan it wiere sels wurdt yn de gnostyske teksten op ferskillende wizen beskreaun. De meast brûkte term dêrfoar is 'de dwaling', yn de betsjutting fan 'it rjochte paad kwyt wêze'.
Jezus spilet yn de gnostyske teksten in folslein oare rol as yn it tradisjonele kristendom. Yn de gnostyk is Jezus in boadskipper dy't de minske opropt himsels wer yn it ûnthâld te bringen. De gnostyk jout net folle wearde oan it leauwe. Foar it leauwe stelt dy kristlike streaming de gnosis oer. Gnosis (Γνωσις) is it Grykske wurd foar kennis, en wurdt hjir brûkt yn de betsjutting fan kennis fan de wiere aard fan de minske.
In soad gnostyske teksten skriuwe dat Jezus foarstanner wie foar in radikale breuk mei it godsbyld út it Alde Testamint. De god fan leafde dêr't Jezus it oer hie koe ûnmooglik deselde wêze as de wraaksuchtige en wrede god út it Alde Testamint, leare dy teksten. Froulju hienen yn de gnostyske mienskippen in lykweardige posysje oan manlju en koenen ek sakramintele funksjes útoefenje.
Sjoch ek
bewurkje seksje- Gnostisisme, in brede godstsjinstige streaming dy't ôfkomstich is út de Aldheid.