[go: up one dir, main page]

Frysk Iisbûn

(Trochferwiisd fan Fryske Iisbûn)

It Frysk Iisbûn (offisjeel De Friesche IJsbond) waard oprjochte yn 1886 om: 'it iiswegennet te ûnderhâlden, fernieling troch steamboaten yn kanalen en fearten en ôfstreaming troch seeslûzen tsjin te gean'.

Letter is de provinsje yn 30 kriten ferdield, dy't goed omtinken jouwe oan de tastân en sterkte fan de iiswegen, it pleatsen fan baanfeiers, warskôgings- en rjochtingsboerden yn eigen gebiet. It iisbûn is no de feriening fan de 22 iiswegensintrales dy't it eigen gebiet fersoargje.

Kontribúsjebetellers, dy't doedestiids F 0,25 per jier betellen, krigen in draachkaartsje dêr't út bliken die dat 'de baanfeier betelle wie'. By de toertochten dy't troch de iiswegensintrales organisearre wurde is dit draachkaartsje ferplichte. Hjoed de dei is de minimumbydrage foar in ynsinjekaartsje € 1,20 (2006).

It Frysk Iisbûn publisearret berjochten oer de tastân fan it iis, en organisearret tochten. Yn 1909 wie ien fan dy tochten de earste Alvestêdewedstryd. It iisbûn woe it by dy iene kear litte, mar Mindert Hepkema, in abbekaat út Ljouwert, wie it hjir net mei iens. In pear dagen letter waard troch him mei in tal oare entûsjaste Friezen de Feriening "De Fryske Alve Stêden" oprjochte.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes: