[go: up one dir, main page]

In floreenkohier is in boek dêr't de administraasje fan in beskate grûnbelesting, troch Saksyske hartoggen yn 1511 ynsteld foar Fryslân, yn byhâlden waard. De rekkenienheid foar dizze belesting wie de floreen.

Foar 1700 waarden floreenkohieren ûngelikens en ûngeregeld opmakke. Fan dat tiidrek is hast neat bewarre bleaun. Yn 1700 binne fan alle stêden en gritenijen, fanwege de Steaten fan Fryslân, floreenkohieren opmakke. In 1708 barde dat nochris en dêrnei om de tsien jier oant 1858 ta, útsein yn 1808 en 1848, doe waarden se yn 1850 by de tiid brocht.

Yn 1806 kaam der yn it plak fan de floreenbelesting ien foar Fryslân nije belesting op ûnreplik guod, de ferponding. Dizze grûnbelesting trof yn haadsaak de grûnbesitters. Dy hiene altyd de lêsten dy 't oan it grûnbesit ferbûn wiene troch har hierders opbringe litten. Se moasten no sels in fjirde part fan harren ynkomsten betelje. [1] Foar de definitive grûnslach foar de ferponding moast in nije kadastrale registraasje opset wurde, dy't yn 1832 klear wie. Dêrtroch ferlearen de floreenkohieren op 't lêst harren oarspronklike funksje. Omdat se noch yn gebrûk bleaune foar de omslach fan dyklêsten en gritenijlêsten en omslaggen foar it ûnderhâld fan tsjerken, pastoryen en skoallen, waard nei de Frânske tiid de tsienjierrige feroaring op 'e nij oanrikkemandearre. Nei 't yn 1864 de dyksflorenen ôfskaft wiene, wiene de floreenkohieren net mear nedich.

Yn de measte stêden binne de floreenkohieren fan 1708 oant 1788 bondele mei de stimkohieren.

Undersyksbelang

bewurkje seksje

Floreenkohieren binne fan wearde foar skiedkundigen en sneupers. De administraasjenûmers fan de belêste perselen grûn bleaune troch de tiid itselde. Sa is no noch nei te gean wa't de eigners wienen en ta hokker pleats it lân hearde. Hoe ferdield at in oarspronklike pleats ek rekke wie, in perseel hold itselde nûmer. Dy wearde wurdt noch grutter at yn de lêst opmakke floreenkohieren (1850 en 1858) ek de kadastrale nûmers opnaam wurden. Sa kin de oarspronklike sitewaasje fan in pleats fan 1700, somtiden oant 1640 en 1511 (Register van de Aanbreng), rekonstruearre wurde.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Brouwer, J.H., en oaren (red.), Encyclopedie van Friesland, Amsterdam: Elsevier 1958, Floreen.

  1. Wichers s. 50