[go: up one dir, main page]

Foekje Dillema (Boerum, 18 septimber 1926 - Kollum, 5 desimber 2007), wie in Fryske atlete, dy't yn 1950 it Nederlânske rekord op de 200 meter hurdrinnen behelle. Foekje Dillema waard yn 1950 foar it libben útsluten foar it atletykbûn.

Foekje Dillema
sporter
Foekje Dillema makket in proefstart op 20 augustus 1949 yn Londen.
Foekje Dillema makket in proefstart op 20 augustus 1949 yn Londen.
persoanlike bysûnderheden
bertedatum 18 septimber 1926
berteplak Boerum
stjerdatum 5 desimber 2007
stjerplak Kollum
sportive ynformaasje
sport Atletyk
ûnderdiel Sprint
trener Hans Huizinga
earste titel Ned. kampioene 4 x 100 m foar klupteams 1949
debút Op 21 juny 1948, yn Marsum
ekstra Ned. rekordhâldster 4 x 100 m foar klupteams 1949-1950, Ned. rekord 200 m 1950
Foekje Dillema yn 1949
 
Ofbyld fan Foekje Dillema op 'e muorre fan 'e Meckama State yn Kollum, troch Marcus Wedman

Foekje Dillema waard as tredde dochter berne yn de arbeidershúshâlding Dillema. Nei har kamen der noch fiif bern. Foekje begûn har sportkarriêre op 30 maaie 1948, doe't se as taskôger by in atletykwedstryd útdage waard om ek mei te rinnen. Se wûn doe en har earste echte wedstryd oer 100 meter rûn se op 21 juny 1948 yn Marsum. Se klom al gau op fan de D-klasse nei de A-klasse. Foekje Dillema giet al rillegau trainen by de atletykferiening Vitesse yn Ljouwert. Hjir waard har minne technyk ferbettere troch har trainer en lange ôfstânrinner Hans Huizinga. Mei har feriening Vitesse wûn se yn 1949 de 4x200 meter foar klubteams. Yn datselde jier pakte se tegearre mei Corrie Hospes, Baukje Jongsma en Nelie de Jager it Nederlânske rekord op de 4x200 meter yn 1 minút 48,3 sekonden. Ek behelle se yn 1949 it Nederlânske rekord op de 4x100 meter tegearre mei deselde Baukje Jongsma, Nelie Jager en Imi Miedema. Yn de winter fan '49/'50 wurke Foekje in soad oan har sprinttechnyk, wat fertuten die mei de titels Frysk kampioen op de sprint en Frysk kampioen op de 200 meter. Op 18 juny 1950 ferbettere se it Nederlânske rekord op de 200 meter, dat doe noch op namme stie fan Fanny Blankers-Koen, ta in tiid fan 24,1 sekonden. Troch al dizze prestaasjes waard Foekje sjoen as in tige grutte kânshawwer foar earemetaal op de Olympyske Simmerspullen fan Helsinky yn 1952. Dat is der lykwols net fan kaam.

Fanny Blankers-Koen

bewurkje seksje
 
Foekje mei Fanny-Blankers-Koen

Troch Foekjes rappe tiden op de sprintnûmers waard hja in direkte konkurrinte foar de doetiidske topsprinster Fanny Blankers-Koen. Mar ta in rjochtstreekse konfrontaasje tusken beide dames kaam it mar ien kear. Fanny melde harsels altyd blesseare at se tsjin elkoar rinne koenen. De iene kear dat se tsjin elkoar striden wie by de Olympyske dagen fan 1949, neidat Foekje oanjûn hie dat sy sels blesseare wie en net folút rinne koe. De wedstriid einige mei Blankers-Koen earst en Dillema twadst.

It útsluten

bewurkje seksje

Troch Foekjes manlike eigenskippen waard se troch in soad lju, mei faaks op it earste plak Jan Blankers en Fanny Blankers-Koen, as bedrager sjoen. Yn 1950 waard, op inisjatyf fan de IAAF in seksetest organisearre, dêr't neist Foekje noch fan fjouwer oare hurdrinsters ûndersocht waard at se wol echt frou wiene. De útslach fan dit gynakologyske ûndersyk waard Foekje ferteld doe't hja op 13 july 1950 mei it Nederlânske atletykteam ûnderweis wie nei in ynternasjonale atletykwedstryd yn Frankryk. Jan Blankers tegearre mei noch twa manlju fan de KNAU fertelden har op it perron fan Hilfertsom dat se útsluten wie foar it libben, fanwegen dat hja gjin frou wêze soe.

Foekjes nasjonale titels en rekords waarden troch de KNAU út de boeken helle. Hja mocht net mei nei de Olympyske Spelen fan Helsinky. Foekje hat nea wer oer har tige koarte atletykkarriêre prate wollen.

Koart nei har ferstjerren erkende de KNAU Foekjes persoanlik rekord op de 200 m.[1] Yn in persoanlik petear fan direkteur Rien van Haperen mei in muoikesizzer fan Dillema hat de Atletykuny har ûntskuldige foar de wize wêrop't Dillema nei de útsluting oan har lot oerlitten waard.[2]

DNA-ûndersyk

bewurkje seksje

De dokumintêre fan Andere Tijden Sport fan 20 july 2008 presintearre in ûndersyk nei DNA út hûdsellen út Foekje har klean.[3] Yn it DNA waard in Y-gromosoom oantoand wat tige seldsum is by froulju. Ek bysûnder wie dat de ferhâlding X:Y yn de hûdsellen neffens molekulêr biolooch Anton Grootegoed fariearre fan 1:1 oant 1:4.[4] Grootegoed syn konlúzje wie dat nettsjinsteande it Y-gromosoom Dillema op grûn fan úterlik, hâlden en dragen in frou wie.[5]
Yn in publikaasje oer dat ûndersyk[6] stelle de skriuwers fêst dat der in fersteurde geslachtsûntjouwing wie - disorder of sexual development. De auteurs ûnderstelle dat Dillema in genetysk mozayk fan 46,XX (genotype frou) en 46,XY (genotype man) wie. Nei in befruchting mei in Y-gromosoom soene flaterkes yn de earste seldielings - non-disjunksje - sellen foarme wêze, earst in sel XXY en by lettere seldieling faaks mei twa X-gromosomen (XX) en sellen mei in X- en in Y-gromosoom (XY). Beide typen sellen komme dan nei de berte neist elkoar foar, as mozayk yn it hiele lichem. De ferdieling fan de XX- en XY-sellen yn de geslachtsklieren is beskiedend foar it foarmjen fan froulike as manlike geslachtsklieren (ovaria of testes). As der in soad XY-sellen binne sille de geslachtsklieren har' ûntjaan ta testes. Binne der in protte XX-cellen, dan ûntsteane der ovaria. By in beskate ferhâlding fan XX- en XY-sellen kin der ik siedbalweefsel yn de aaistkken foarme wurde. Dat testisweefsel kin gjin siedsellen oanmeitsje, mar wol it geslachtshormoon testosteron. Neffens har famylje is Foekje Dillema koart skoft nei har útsletting yn it geheim holpen oan har klieren yn it Akademysk Sikehûs fan Grins.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Max Dohle - Het verwoeste leven van Foekje Dillema, de grootste tragedie van de Nederlandse sportgeschiedenis; Het sporthuis, 2008
  1. Postuum eerherstel Foekje Dillema, NOS Teletekst, 13 desimber 2007.
  2. Eerherstel Foekje Dillema, webstee Atletiekunie, 13 des. 2007
  3. Andere Tijden Sport, Foekje Dillema
  4. Foekje was een vrouw NOS, 20 july 2008
  5. DNA-test: atlete Foekje Dillema was vrouw, NRC Handelsblad, 21 july 2008
  6. Ballantyne KN, Kayser M, Grootegoed JA, maaie 2011, "Sex and gender issues in competitive sports: investigation of a historical case leads to a new viewpoint", British Journal of Sports Medicine, doi:10.1136/bjsm.2010.082552 (bjsm.bmj.com)