Foarwurk
In foarwurk is yn Nederlân de histoaryske beneaming foar in pleats dy't yn de Midsiuwen by in kleaster hearde, benammen yn de provinsje Grinslân.
Op in foarwurk diene net de muontsen it wurk, mar de saneamde konversen, in soarte fan heal-muontsen. It foarwurk wie meast bedoeld foar it kweken fan gewaaks foar it kleaster. Letter waard de bân mei it kleaster losser en gie it mear om de pachtopbringst.
Guon foarwurken hawwe harren namme oan buorskippen jûn, lykas:
- Yn Grinslân
- Yn Fryslân
Under oaren.
- It Foarwurk
- It muontsehûs ûnder Ezumasyl
Op oare plakken yn Nederlân waarden datsoarte pleatsen wol oantsjut mei úthôf of 'muontsehûs'. Yn it Latyn hjit sa'n pleats in Grangium (= nôtskuorre).
Yn Dútslân kin Vorwerk itselde betsjutte, mar kin it ek ferwize nei oare soarten fan pleatsen.