Kante kilometer
(Trochferwiisd fan Fjouwerkante kilometer)
In kante kilometer (km²) is in flaktemjitte. It is it gebiet fan in fjouwerkant mei siden fan ien kilometer.
Ien kante kilometer is 100 hektare, 10.000 are of 1.000.000 kante meter. Dat komt oerien mei likernôch 200 fuotbalfjilden.
Eartiidsk waard faker de flaktemjitte bunder brûkt, dy't net oeral deselde grutte hie, mar yn 1816 standerdisearre waard ta 1 hektare.
Gebiet | Kante kilometers lân |
---|---|
Fryslân | sirka 3.349 |
Nederlân | sirka 35.000 |
Jeropa | sirka 10.390.000 |
Wrâld | sirka 149.000.000 |