[go: up one dir, main page]

Fingerjen is it brûken fan ien of mear fingers (of oare dielen fan 'e hannen) foar seksuele stimulaasje fan 'e fagina en/of de anus. Yn 'e regel wurdt der ûnder ferstien it yn en út bewegen fan ien of mear fingers yn 'e fagina (of anus), mar ek it mei de fingers massearjen fan 'e klitoris, de skamlippen en de yngong fan 'e fagina, sûnder dat de fingers eigentlik de fagina binnendringe, wurdt ta fingerjen rekkene. Fingerjen is in foarm fan masturbaasje. It kin selsbefrediging wêze as men it by jinssels docht, mar it kin ek troch in sekspartner by jin dien wurde; yn dat gefal is it in foarm fan mienskiplike masturbaasje. Troch fingerjen fan har fagina, skamlippen en/of klitoris kin in frou seksueel opwûn reitsje en in orgasme berikke. It fingerjen fan 'e anus wurdt troch sawol (guon) froulju as (guon) manlju dien. Manlju kinne in orgasme berikke troch anale stimulaasje fan 'e prostaat.

In yllustraasje fan fingerjen.

Foarmen fan fingerjen

bewurkje seksje

Klitoraal fingerjen

bewurkje seksje

De klitoris is de gefoelichste fan 'e erogene sônes fan it froulik lichem. It massearjen fan 'e klitoris sels wurdt dêrom ornaris dien troch de hûd fan it klitoriskapke hinne, om't direkte oanrekking sa'n yntins gefoel jout dat it ûnoangenaam is. De massaazje kin útfierd wurde mei op- en delgeande, hinne- en wergeande of rûntsjedraaiende bewegings, en mei ien of twa of trije fingers, ôfhinklik fan wat it bêst wurket foar de oangeande frou. Guon froulju hâlde wat dat oangiet fan in protte ôfwikseling, wylst oaren it leafst langere tiid deselde beweging fiele wolle. De gefoelichheid fan 'e klitoris is lykwols faak sa grut, dat it nofliker is om net de klitoris sels, mar de dielen fan 'e froulike skamstreek der fuort njonken te massearjen. Klitoraal fingerjen is de meast foarkommende manear foar froulju om in orgasme te berikken. Wittenskiplik ûndersyk hat útwiisd dat 70% oant 80% fan alle froulju ferlet hat fan klitorale stimulaasje om in orgasme krije te kinnen.

 
Klitoraal fingerjen.

Faginaal fingerjen

bewurkje seksje

By faginaal fingerjen wurde de bûtenste skamlippen en de yngong fan 'e fagina-iepening massearre en/of wurdt de fagina sels mei ien of mear fingers binnengien. Hoewol't de bûtenkant fan 'e fagina as gehiel oer it algemien net botte gefoelich is, sitte der yn it legere trêdepart (sjoen as de frou op 'e rêch leit) in protte senuweinen dy't in oangenaam gefoel produsearje kinne by stimulaasje yn it ramt fan seksuele aktiviteit.

It mei de fingers penetrearjen fan 'e fagina wurdt faak dien om in gefoelich gebiet yn 'e fagina te stimulearjen dat de G-spot neamd wurdt. Dy sit nei't it skynt likernôch op 5 sm djipte oan 'e foarwand fan 'e fagina, dus rûchwei healwei de klitoris en de nâle. It soe werom te kennen wêze on in ribbele en justjes rouwere struktuer as de rest fan 'e mear kjesseneftige faginawand dêromhinne. It troch fingerjen stimulearjen fan 'e G-spot wurd faak neamd as in metoade dy't liede kin ta in orgasme dat mank giet mei froulike ejakulaasje.

Foar guon froulju is de "wink"-technyk by penetratyf fingerjen in wichtige befoardering foar it berikken fan in orgasme. By dy technyk wurdt de mulfinger brûkt, of de mulfinger en wiisfinger, of soms de mulfinger en de ringfinger. Mei dy finger(s) wurdt in hângebeart makke as winkt men immen om hjir te kommen, wêrby't de hânpalm plat oer de klitoris yn 'e rjochting fan 'e skambonke lein wurdt.

Faginaal fingerjen.

Anaal fingerjen

bewurkje seksje

It fingerjen fan 'e anus kin oangenaam wêze om't der in grut tal senuweinen sitte, en omreden fan 'e bykommende stimulaasje dy't fuortkomt út it oprekken fan 'e anale slútspier as men in finger yn 'e anus ynbringt. It gebrûk fan in glydmiddel fan goede kwaliteit is dêrby wol oan te rieden, mei't soks sawol it oangename gefoel fergrutsje as it ynbringen fan 'e finger makliker meitsje kin.

Anaal fingerjen wurdt dien troch sawol (guon) froulju as (guon) manlju, en by de manlju giet it sawol om homoseksuelen as heteroseksuelen. Guon minsken jouwe by anaal fingerjen de foarkar oan it ienfâldichwei massearjen fan 'e anale iepening fan bûtenôf, wylst oaren dêrnei trochgeane mei it ynbringen fan ien of mear fingers yn 'e anale iepening. Soks kin in foarm fan masturbaasje op himsels wêze, of in tarieding foar anale seks. Anaal fingerjen wynt dejinge op by wa't it dien wurdt, sadat de anus him ûntspant en it ynbringen fan in penis of seksboartersguod lykas in dildo of Sineeske baltsjes makliker wurdt.

By manlju is anaal fingerjen in manear om 'e prostaat te stimulearjen, wat ta in orgasme liede kin. By froulju kin mei anaal fingerjen de perineäle spûns stimulearre wurde, wat troch alteast in diel fan 'e froulju as oangenaam ûnderfûn wurdt, mar oer it algemien net direkt in orgasme opwekje kin.

 
Anaal fingerjen.

Kombinaasjes mei oare foarmen fan seks

bewurkje seksje

It kombinearjen fan fingerjen mei oare foarmen fan seks wurdt faak dien. Sa fingerje froulju faak de eigen klitoris wylst se faginale seks hawwe mei in man, of docht harren sekspartner dat foar harren. Dêrtroch wurdt de kâns dat de frou by faginale seks in orgasme berikke kin, sterk fergrutte. Fingerjen kin ek kombinearre wurde mei orale seks. As it by in frou dien wurdt, kin it mank gean mei kunnilingus ('beffen'), en anaal fingerjen by in man kin kombinearre wurde mei ôflûken of fellatio ('pijpen') fan 'e penis.

Medisy riede sterk oan om by penetratyf fingerjen foarôf goed te hanwaskjen ta befoardering fan 'e hygiêne. Ek wurdt oanret om tuskentroch de hannen te waskjen as men fan it fingerjen fan 'e iene lichemsiepening (bgl. de anus) oergiet op it fingerjen fan 'e oare (bgl. de fagina). Oars kinne termbaktearjes yn 'e fagina bedarje, en hoewol't dy de dêr hearskjende soergraad net lang oerlibje sille, kinne se wol in urinewei-ynfeksje feroarsaakje as se de urinebuis berikke (dy't by froulju boppe-oan de fagina útkomt, deunby de klitoris). Los dêrfan is fingerjen in ûnskeadlike foarm fan seks, mei't dêrtroch gjin seksueel oerdraachbere sykten trochjûn wurde kinne, lykas gonorroe, klamydia of syfilis. Wol kinne by fingerjen yn 'e fagina of anus ferwûnings ûntstean dy't ynfektearre reitsje kinne as men te lange of min ûnderholden (d.w.s. net glêdfile) neilen hat. Fierders moat men goed oppasse dat men gjin iepen wûnen oan 'e yn te bringen fingers hat, want fia iepen wûnen kinne seksueel oerdraachbere sykten wer wól oerdroegen wurde.

Oare foarmen fan fingerjen

bewurkje seksje

Ferkrêfting en seksuele oantaasting

bewurkje seksje

As fingerjen by immen dien wurdt tsjin har of syn wil, is der sprake fan in foarm fan ferkrêfting. Hoe't dat yn 'e wet krekt omskreaun wurdt, ferskilt per lân. Penetraasje mei ien of mear fingers fan 'e fagina of anus wurdt foar de Australyske wet bgl. lykslein mei ferkrêfting, en yn 'e Feriene Steaten wurdt it oantsjut as "ferkrêfting ûnder twang" (forcible rape). Under de Skotske wet is de term 'ferkrêfting' lykwols foarbeholden oan penetraasje mei de penis, en wurdt penetraasje mei ien of mear fingers oantsjut as "seksuele oantaasting troch penetraasje". Yn Nederlân is yn 1991 nei oanlieding fan in saak fan seksuele oantaasting yn it Amsterdamske Vondelpark de wet oanpast, sadat elts ûnder twang binnendringen fan it minsklik lichem ûnder ferkrêfting falt.

Emma Wortelboer leit yn Emma's Peepshow techniken foar fingerjen út en befreget jongerein oer harren ûnderfinings op dit mêd.

Fisitaasje is in strafrjochtlik proses wêrby't in ofsier fan justysje foech hat om ûnder twang manueel ûndersyk ferrjochtsje te litten nei de lichemsholten fan immen dy't fertocht wurdt fan in misdriuw. Soks komt ek foar by ûndersyk nei it yn it lichem ferbergjen fan smokkelwaar troch de dûane op lofthavens en oan 'e grins, en troch sipiers yn in finzenis. Fisitaasjes wurde altyd ferrjochte troch persoanen fan itselde geslacht as dejinge dy't de fisitaasje ûndergiet.

Fisitaasje hat yn 'e praktyk oerienkomsten mei fingerjen omdat ek hjirby fingers yn lichemsholten as de fagina en de anus ynbrocht wurde, mar oars as fingerjen hat dit gjin inkele seksuele lading (of dat heart it alteast net te hawwen). Fanwegen diskusjes oer de oantaasting fan 'e lichaamlike yntegriteit troch sokke prosedueres, dy't foar dejinge dy't se ûndergean moat bot traumatysk wêze kinne, stapt men sûnt 2006 almar mear oer op securityscans fan it minsklik lichem om lichemsfrjemde objekten op te spoaren. Dat hat as bykommend foardiel dat dêrtroch ek foarwerpen fûn wurde kinne dy't te djip yn it lichem sitte om troch fisitaasje mei de fingers oantroffen te wurden.

Genêskundich ûndersyk

bewurkje seksje

Ferlykber mei in fisitaasje is in gynekologysk ûndersyk fan 'e fagina troch in fergunninghâldend ginekolooch of in prostaatûndersyk (fia de anus) troch bgl. in húsdokter. Ek yn dizze gefallen wurde fingers yn lichemsholten ynbrocht, en ek hjir heart dat beslist gjin seksuele lading te hawwen. It ferskil is lykwols dat it yn dit gefal dien wurdt yn it ramt fan 'e sûnenssoarch en plakfynt mei ynformearre tastimming fan 'e persoan dy't it ûndersyk ûndergiet.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.