[go: up one dir, main page]

Ferdinand II fan Aragon

Ferdinand II fan Aragón, ek bekend as Ferdinand de Katolyk (Aragoneesk: Ferrando II o Catolico, * 10 maart 1452 yn Sos; † 23 jannewaris 1516 yn Madrigalejo), wie sûnt 1468 kening fan Sisylje. Fan 1474 oant 1504 wied er tegearre mei syn frou Isabella as Ferdinand V kening fan Kastylje en Leön. Sûnt 1479 hearske er as Ferdinand II oer de gebieten ûnder de Kroan fan Aragón en sûnt 1505 wied er as Ferdinand III kening fan Napels. Nei de dea fan syn skoansoan Filips waard er yn 1506 yn Kastylje regint foar syn dochter Jehanne.

Ferdinand II fan Aragon
aadlik persoan en/of hearsker
bynamme Ferdinand de Katolyk
bertedatum 10 maart 1452
berteplak Sos del Rey Católico
stjerdatum 23 jannewaris 1516
stjerplak Madrigalejo
religy Roomsk-katolyk
Kening fan Aragon, Valencia, Majorka, Sardynje en greve fan Barcelona
amtsperioade 1479-1516
foargonger Jehan II fan Aragón
opfolger Karel V en Jehanne fan Kastylje
Kening fan Sisylje
amtsperioade 1468–1516
foargonger Jehan II fan Aragón
opfolger Karel V en Jehanne fan Kastylje
Kening fan Napels
amtsperioade 1504–1516
foargonger Loadewyk XII fan Frankryk
opfolger Karel V en Jehanne fan Kastylje
Kening fan Navarra
amtsperioade 1512–1516
foargonger Jehan III fan Navarra en Katarina
Kening fan Kastylje en Leön
amtsperioade 1475–1504
foargonger Hindrik IV fan Kastylje
opfolger Filips I fan Kastylje en Jehanne fan Kastylje
Regint fan de Kroan fan Kastylje
amtsperioade 1506–1516
foargonger Francisco Jiménez de Cisneros
opfolger Francisco Jiménez de Cisneros

Ferdinand wie de iennige soan fan Jehan II fan Aragón en dy syn twadde frou Juana Enríquaz. Al yn 1466 waard Ferdinand meiregint fan de Kroan fan Aragon en yn 1468 ta kening fan Sisylje (as Ferdinand II) beneamd. Op 19 oktober 1469 troude er infantin Isabella I fan Kastylje en nei de dea fan Hindrik IV fan Kastylje yn 1474 folgen hja him op as hearskers oer Kastylje en Leön. Dêr waard er as Ferdinand V telt. Yn 1476 moasten hja harren bewâld yn 'e Kastiliaanske Súksesjekriich ferdigenje tsjin Portugeeske yntervinsjes.

Yn 1473 waard Ferdinand ta ridder fan de Oarder fan it Gulden Flues en yn 1480 ta ridder fan de Oarder fan de Hoasbân keazen.

Nei de dea fan syn heit yn 1479 lei Ferdinand him noch mear ta op it ferienigjen fan de Spaanske lannen, mar yn it gefal fan Kastylje naam Isabella allinne de besluten. Beide riken hiene in eigen bestjoer.

Fjildtochten tsjin it emiraat Granada

bewurkje seksje
 
De befrijing fan de kristlike slaven troch de katolike keningen nei de oermastering fan Málaga (Museo de Málaga)
(José Moreno Carbonero)

Yn 1482 sette Ferdinand útein mei in rige fan fjildtochten tsjin it emiraat Granada. Nei in slagge belis fan Setenil de las Bodegas naam er yn 1485 it gebiet westlik fan Málaga en de stêd Ronda yn. De moslims yn de stêd en de omkriten krigen fan de kening en keninginne de status fan 'mudejaryske liifeigenen' (sierbos mudejares), Ferdinand sei har ta de wetten fan Mohammed te earbiedigjen en moslims krigen by strideraasjes it rjocht om foar ried eigen rjochtsgelearden te freegjen, dy't de saak neffens de sharia en de soenna beöardielen.

Yn 'e hjerst fan 1485 ûndernaam Ferdinand in wichtige politike ûndernimming: hy liet mei strategysk doel de by in infal yn Kastylje finzen nommen Nasridyske emir Boabdil frij en stjoerde him nei islamitysk gebiet, wermei't er in in weach fan ûnrêst ûnder moslims yn Granada feroarsake.

 
De oerjefte fan Granada
(Francisco Pradilla y Ortiz)

Boabdil's omke Muhammad al-Zagal makke ek oanspraken op de titel fan emir fan Granada en mei de frijlitting soarge Ferdinand foar ferdieldheid om't no twa dy oanspraken makken. Yn 1486 gyng Ferdinand fierder mei syn striid tsjin it emiraat en oermastere mei syn artillery de stêd Loja. Yn 1487 folge Vélez-Málaga en yn 1492 waard de reconquista ôfsletten mei de oermastering fan Granada. Dêrmei kaam in definityf ein oan it islamitysk bewâld op it Ibearyske Skiereilân.

It Alhambra-edikt

bewurkje seksje
 
Ferballing fan de joaden
( Emilio Sala Francés)

Nei de fal fan Granada feardigen Ferdinand en Isabella op 31 maart 1492 yn it Alhambra it Alhambra-edikt út. Yn dat edikt waarden joaden hjitten om yn trije moannen tiid Spanje te ferlitten of oars harren te bekearen ta it katolisisme. Dat wie it begjin fan in grutte joadenferfolging ûnder de regy fan de ynkwisysje ûnder de fanatike lieding fan de dominikaan Tomás de Torquemada, de bychtheit fan Isabella. De ferdriuwing fan joaden út Spanje late ta in grut ferlies oan wittenskip en keunst. Ek de ekonomy krige op it Ibearysk Skiereilân in grutte klap, dy't allinne troch de goudynfier út de nije koloanjes opfongen wurde koe. Wat letter naam ek Portugal dy polityk oer.

Untdekking fan Amearika

bewurkje seksje
 
Kolumbus foar keninginne Isabella de Katolike
Emanuel Leutze

It jier 1492 brocht foar Spanje net allinne in ein oan de reconquista mar ek it begjin fan de ûntdekking fan Amearika troch Kristoffel Kolumbus, dy't yn opdracht fan de katolike keningen it wetter oersylde. Nei de ûntdekking fan de Nije Wrâld wiene de katolike keningen oppermachtich oan sawol de eastlike as de westlike kusten fan de Atlantyske Oseaan. Yn it Ferdrach fan Tordesillas (1494) waard de Nije Wrâld tusken Spanje en Portugal troch paus Aleksander VI opdield. Ferdinand joech opdracht om de saneamde Requerimiento op te stellen, in dokumint dy't by it earste kontakt mei de bewenners fan Amearika troch Kastiliaanske troepen foarlêzen waard en de ûnderwerping oan de Spaanske Kroan easke.

Houlikspolityk

bewurkje seksje

Op 21 augustus 1496 waard der in dûbel houlik sletten: Jehanne fan Kastylje, de dochter fan Ferdinand en Isabella, troude mei de Habsburger Filips de Skiene en harren soan en troanopfolger don Jehan troude mei Margareta fan Eastenryk. Troanopfolger Jehan ferstoar lykwols al gau op 4 oktober 1497 en nei't ek it jier dêrop Ferdinand's âldste dochter Isabella ferstoar, de keninginne fan Portugal, waard Jehanne troanopfolgster.

Ferdinand woe graach in fúzje fan Portugal, Spanje en útwreiding fan syn besit yn Itaalje, mar dy plannen waarden net mear folslein útfierd. Wol waard de earste oanset dêrta dien mei de trouplannen fan de âldste dochter Isabella mei de Portugeeske troanopfolger Alfons. Nei't dy ferstoar waard hja oan syn opfolger Emanuel I koppele. Hja en har iennichst soan hiene erfgenaam west fan de trije keninkriken, mar ferstoaren lykwols ek al gau. Nei har dea troude Emanuel mei har suster Maria.

De jongste dochter Katarina waard as bern al mei Arthur Tudor ferlove. Nei't Arthur Tudor nei mar fjouwer moannen houlik ferstoar, waard Katarina it slachtoffer fan in striid tusken har heit en har skoanheid Hindrik VII fan Ingelân om de noch net folsein útbetelle breidskat, ear't hja yn 1509 mei Hindrik VIII fan Ingelân troude.

Under Ferdinand en Isabella waard Spanje in wrâldmacht. Hja stribben der nei om de keninklike macht oer de geastlikens en de adel te fersterken en om de kroanbesittings werom te krijen, dy't yn hannen rekke wiene fan fazallen. Fierder waard in strange rjochtspraak hanthavene en it rjochtwêzen mei de ynfiering fan de Santa Hermandad (Hillige Bruorskip) oanskerpe.

De gearfoeging fan de grutmasterdommen fan de trije geastlike ridderoarders mei de Kroan brocht in foars heger ynkommen, sadat de striid mei de adel namste better fierd wurde koe. Ek wisten de katolike keningen harren ynfloed út te oefjenen op tsjerklike prebende's, mar it machtichste ynstrumint wie de ynkwisysje, de religieuze rjochtbank dy't yn de 13e iuw oprjochte mar yn ferfal rekke wie en ûnder Ferdinand en Isabella nij libben ynblaasd waard. It tribunaal fan de ynkwisysje wie ôfhinklik fan de Kroan en tsjinne njonken tsjerklike ek politike doelen.

Ferdinand liet him kenne as in tige goede diplomaat en troch him te bemuoien mei de algemiene polityk fan Europa wist Ferdinand foar Spanje grutte suksessen te boeken. Yn 1492 krige er it bewâld oer de greefskippen Roussillon en Cerdaña.

Troch betûft te ûnderhanneljen helle Ferdinand Frankryk oer om it keninkryk Napels, dat de twa machten sûnt 1501 tegearre besetten, op te dielen, mar yn 1503 pakte Ferdinand de kontrole oer it hiele ryk. As kening fan Napels wied er Ferdinand III. Yn 1512 waard Navarra oermastere en waard ek Sud-Itaalje oan it ryk tafoege.

Nei Isabella's dea

bewurkje seksje
 
Doña Isabella de Katolike lêst yn oanwêzigens fan har man har testamint foar
Eduardo Rosales (1836–1873)

Nei Isabella's dea yn 1504 waard de feriening fan de beide Kroanen de fakto foltôge om't Ferdinand yn it plak fan syn dwylsinnige dochter Jehanna ek it bewâld oer Kastylje oernaam. Ferdinand troude op 22 maart 1506 foar de twadde kear en no mei Germaine de Foix, in dochter fan Jean de Foix, greve fan Etampes en boarchgreve fan Narbonne en Marie de Valois-Orléans. Hja wie fan de kant fan har mem in omkesizzer fan kening Loadewyk XII fan Frankryk. Germaine joech op 3 maaie 1509 de berte oan in soan mei de namme Jehan, prins fan Girona, mar dy ferstoar al in pear oeren nei syn berte. It houlik joech him it ferlechje om syn gebiet fierder út te wreidzjen. Hy sette útein mei it oermasterjen fan it keninkryk Navarra súdlik fan de Pyreneeën en foltôge de ekspedysje yn 1512.

 
Ferdinand de Katoliyk en Germaine de Foix komme oan yn València
(Josep Ribelles)

Ferdinand's âldste dochter Isabella wie nei de dea fan har earste man, troanopfolger fan Portugal, mei de Portugeeske kening Emanuel I troud. Mar om't Isabella èn har iennichst bern al gau ferstoaren mislearre de unifikaasje fan Spanje en Portugal. Om't koart foar dy tiid Ferdinand's soan Jehan ek ferstoarn wie, waard de Habsburger Filips, as man fan de yntusken âldste dochter Jehanne, erfgenaam van de troan fan Kastylje. Filips waard nei de dea fan Isabella de Katolike yn 1504 regint fan Kastylje, mar it regintskip duorre net lang want yn 1506 ferstoar ek Filips. Fanwegen harren dwylsin wie Jehanne net berekkene om te regearjen en sa naam Ferdinand it regintskip oer oant syn dea yn it jier 1516. Der besteane grutte twifels oft hja wol echt dwylsinnich west hat. It wie mooglik earder in saak fan politike berekkenning fan har heit en letter ek fan har soan Karel I om har de rjochtmjittige troanopfolging te ûntnaderjen.

 
Restplak fan de katolike keningen

Ferdinand ferstoar op 23 jannewaris 1516 yn Madrigalejo (tsjintwurdich yn de provinsje Cáceres). Syn omskot rêst mei dat fan syn earste frou Isabella de Katolike yn 'e krypte fan de Capilla Real (keninklike kapel) yn Granada. Op harren grêf stiet te lêzen:

Mohameticae sectae prostratores et heretice pervicacie extinctores Ferdinandus Aragonorum et Helisabetha Castelle vir et uxor unanimes Catolice appellati marmoreo clauduntur hoc tumulo.

(Oersetting: De ferneatigers fan de Mohammedaanske sekte en de útroeiers fan de heidenske koppichheid, Ferdinand fan Aragón en Isabella fan Kastylje, man en frou ien fan geast, katoliken neamd, binne yn dizze tombe ynsletten)

Ferdinand waard yn Spanje opfolge troch de soan fan Filips en Jehanna, Karel I, as roomsk-dútsk keizer bekend as Karel V.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:
  • Dizze side is alhiel of foar in part in oersetting fan de Dútsktalige Wikipedyside; sjoch foar de bewurkingsskiednis: de:Ferdinand II. (Aragón)