[go: up one dir, main page]

It fêstelân is in trochrinnende lânmassa dy't grutter en faak polityk, ekonomysk en/of demografysk wichtiger is as byhearrende eilannen. Dizze oantsjutting kin brûkt wurde foar it diel fan elts willekeurich lân dat op in kontinint leit, sjoen fanút it perspektyf fan ien of mear eilannen dy't by dat lân hearre. Yn it gefal fan Fryslân is it fêstelân bygelyks, sjoen fan 'e Waadeilannen ôf, alles tusken Harns, Linde en Lauwersmar. Yn it gefal fan Kurasau wurdt mei it fêstelân ornaris it Súdamerikaanske kontinint bedoeld. Mei 'fêstelân' kin lykwols ek in grutter eilân bedoeld wurde dat net sels diel útmakket fan in kontinint. Sadwaande kin der ek sprake wêze fan in stikmannich triemmen. Fanút it eachpunt fan 'e Orkney-eilannen, bygelyks, is Skotlân it fêstelân, mar fanút it eachpunt fan Skotlân is kontinintaal Jeropa it fêstelân.

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: Notes, op dizze side.