[go: up one dir, main page]

Empire (útsprekke as "ampier") is de namme foar in Frânske keunststreaming út it begjin fan de 19e iuw. De Empire styl, wurdt troch guon ek wol beskôge as de twadde faze fan it neoklassisisme. De styl waard tapast op meubels, dekoraasje en byldzjende keunst.

De Arc de Triomphe du Carrousel, faaks it ferneamdste foarbyld fan Empire arsjitektuer.
Himelbêd,kastiel fan Compiègne

De styl is ûntstien en neamd nei de perioade fan it regear fan Napoleon I yn Frankryk, bekend as it Earste Frânske Keizerryk, in tiid fan idealisearring fan Napoleon syn liederskip en fan de Frânske Steat. De styl rint likernôch gelyk op mei de Biedermeier styl yn Dútsksprekkende lannen, de Federale styl yn de Feriene Steaten en de Regency style yn Brittanje. In betide foarm fan dizze styl waard de Adam styl yn Grut Brittanje en de "Louis Seize" of Loadewyk XVI, yn Frankryk neamd.

Napoleon wie in bewûnderer fan de Egyptyske kultuer, dêrfandinne dat yn de Empire-styl eleminten en patroanen út de Ald-Egyptyske en Romeinske boukeunst tapast waarden.

Hy die ynspiraasje op by de fjildtochten en helle in protte keunstskatten út it lân om dy oer te bringen nei Parys.

De styl is besibbe oan de klassisistyske Loadewyk I-styl. Skaaimerken binne it gebrûk fan ferguldingen, militaria, sfinksen, palmetten en skelle, rike pastelkleuren.
Napoleon liet oeral dêr't er kaam de pleatslike boargerij yn de kunde komme mei syn Empire-styl. Sadwaande hat de styl in koarte mar fûleindiige bloeiperioade yn Europa kend. As reaksje op de Empire ûntstiene letter yn de 19e iuw de (Neo-gotyk) en de Biedermeier-styl, hoewol't de lêste earst letter 'agearre' tsjin Empire.

Keppelings om utens

bewurkje seksje
Commons 
Commons
Op Wikimedia Commons kinne jo mear ôfbyldings en oare media fine dy te krijen hawwe mei:

Empire (style)