[go: up one dir, main page]

Diskriminaasje (fan it Latynske discriminare, "ûnderskie meitsje") is it ûnrjochtmjittich oars behanneljen of beskôgjen fan in persoan op basis fan in groep dêr't dy persoan ta heart. By sa'n groep giet it om in mienskiplike skaaimerk dat de leden karakterisearret: geslacht, leeftyd, ras, etnyske groep, memmetaal, maatskiplike klasse, kaste, religy, seksuele oriïntaasje, politike foarkar, lichaamlike beheining, geastlike beheining, sykte of medyske oandwaning, hierkleur, lichemslingte (sawol koart as lang), of nasjonaliteit.

In boadskip op 'e doar fan in restaurant yn 'e Sineeske stêd Kanton: "Ferbean foar Japanners en hûnen".

Guon foarmen fan diskriminaasje hawwe har eigen namme, lykas rasisme (diskriminaasje op basis fan ras) en seksisme (diskriminaasje op basis fan geslacht). Antysemitisme is diskriminaasje op basis fan religy of ras tsjin Joaden, en islamofoby is diskriminaasje op basis fan religy tsjin moslims. Homofoby en transfoby binne diskriminaasjefoarmen op basis fan seksuele oriïntaasje tsjin homo's en lesbiënnes, resp. tsjin transseksuelen. Ksenofoby, ta einbeslút, is eangst foar en dêrtroch feroarsake diskriminaasje fan bûtenlanners.

Diskriminaasje en diskriminatoire tradysjes, beliedsfoarmen, ideeën, praktiken en wetten besteane wrâldwiid yn in protte lannen en territoaria en withoefolle bedriuwen, ynstellings en oare organisaasjes, sels yn guon dêr't diskriminaasje rûnom as wat negatyfs beskôge wurdt. As diskriminaasje yn organisaasjes ferankere is, sprekt men fan ynstitúsjonalisearre diskriminaasje. Soms wurdt besocht om troch saneamde positive diskriminaasje dingen yn 'e winske rjochting te feroarjen, troch bgl. by in sollisitaasjeproseduere de foarkar te jaan oan froulju boppe manlju of oan allochtoanen boppe autochtoanen. Dat liedt faak ta kontroverse en trelit om't de lju dy't dan mei opsetsin eftersteld wurde, dat ornaris net wurdearje kinne.

Yn Nederlân is diskriminaasje yllegaal ûnder kêst 1 fan 'e Nederlânske Grûnwet, dêr't stiet: "Eltsenien dy't him yn Nederlân befynt, wurdt yn gelikense gefallen gelikens behannele. Diskriminaasje omreden fan godstsjinst, libbensoertsjûging, politike foarkar, ras, geslacht of om lykfol hokker reden is net tastien."

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.