[go: up one dir, main page]

De Kinkhorst is in earder kastiel yn Meppel. It kastiel is boud yn 1509 troch Roelof fan Munster, de drost fan Drinte. Yn 1512 waard it fierhinne ferwoastge. Tsien jier letter waard De Kinkhorst op ’en nij boud troch Karel fan Gelre. Op 3 desimber 1536 waard de Kinkhorst nei in belegering fan trije moannen ynnommen troch Georg Schenk fan Toutenburch. Yn 1580, ûnder de Tachtichjierrige Oarloch, waard it kastiel ynnommen troch Spaanske troepen ûnder Everhard fan Enze, wêrnei't it stadichoan fierder yn ferfal rekke. De ruïnes waarden yn 'e 18e iuw sloopt. Resten fan it kastiel binne weromfûn yn 2002 by de bou fan in appartemintekompleks oan de Prins Hendrikkaai yn Meppel.