Brân fan Moskou (1812)
De brân fan Moskou briek op 14 septimber 1812 út, op de dei dat Napoleon Bonaparte mei syn legers Moskou. De brân twong Napoleon úteinlik om him tebek te lûken; it wie it kearpunt yn syn Russyske fjildtocht. De brân ferwoastge trije fearnspart fan de stêd.
Skiednis
bewurkje seksjeIt foarspul
bewurkje seksjeYn 1812 foel Napoleon Ruslân oan, formeel om't tsaar Aleksander I it kontinintaal stelsel ferlitten hie. Syn 'Grande Armée', sa'n 600.000 man (270.000 Frânsen en in protte troepen fan bûnsmaten of fazalstaten), stiek op 24 juny 1812 de rivier Memel oer en begûn syn fjildtocht nei Ruslân. De Russen lutsen al fierder tebek en ferbaarnden alles efter harren. Sy besochten noch de Frânsen by Smolensk (17 augustus) en Borodino (7 septimber) op te kearen, mar dat slagge net. Op 14 septimber stie Napoleon, nei in tocht fan 82 dagen oer 800 kilometer, foar Moskou. Hy hie hope dat by it berikken fan de "twadde haadstêd" Aleksander I him oerjaan soe, mar it Russysk opperbefel jûch him net oer.
Uttocht
bewurkje seksjeDoe't Napoleon fan de Moskehichten oan de râne fan de stêd Moskou oereage, koe er yn de fierte noch de lange optocht fan minsken sjen dy't de stêd oan de oare kant ferlieten. De Frânsen fûnen Moskou dêrnei leech. De massale úttocht wie al yn augustus begûn doe't it nijs oer de nederlaach by Smolensk Moskou berikt hie. Nei de slach by Borodino, doe't maarschalk Koetoezov him weromlutsen hie oant yn de bûtenwiken fan de stêd, kaam de úttocht earst goed op gong. De rikelju pakten harren besittingen by elkoar en giene mei hynder en reau nei harren bûtenpleatsen. De earmen moasten rinne, mei bern en fee. It wie in eksodus fan tsientûzenen minsken. De diken sieten oant Rjazan ta ticht mei flechtlingen.
Brân
bewurkje seksjeDoe't Napoleon him nei wenjen set yn it Kremlyn hie, setten guon Moskoviten dy't spesjaal foar dat doel efterbleaun wiene, de earste hannelsposten by de eastlike muorren yn 'e brân, fanwege greve Fjodor Rostoptsjin, de gûverneur fan de stêd. De brânen wiene bedoeld om de Frânsen alle foarrie te ûntnimmen en se sa te twingen om harren tebek te lûken. Guonts tinke dat in part fan de brân ûntstie troch ûnfoarsichtichheid fan dronken Frânske soldaten mei iepen fjoer. Rillegau stie hiel Moskou yn de brân. Op de tredde wie it Kremlyn omjûn fan fjoer en moast Napoleon tusken ynstoartende gebouwen troch flechtsje. Hy wie dûm, mar fielde ek wol bewûndering foar it Russyske offer.
It paad werom
bewurkje seksjeDoe't de brân útraasd wie, wie trije fearnspart fan de stêd ferwoaste. Alle tsjerken en paleizen wienen plondere, foar safier't se net oan jiske tarre wiene. Bibleteken en nasjonale skatten wien yn de flammen weirekke. In poerlilke Napoleon joech noch befel om it Kremlyn op te blazen. It Arsenaal gie de loft yn en in part fan de midsiuwske muorren ek, mar alle tsjerken fan it Kremlyn bleaune oerein.
Trije wike letter begûn it te snijen en waard it ûnferwacht fluch winter. Net by steat om sûnder foarrie te oerlibjen yn de ferwoastge stêd, moasten de Frânsken harren wol weromlûke. Napoleon soe letter ferklearje dat at er fjirtjin dagen letter út Moskou wei gien wie, er Koetoezov syn leger, dat by Taroetino lei, ferslaan kinnen hie. De weromtocht die bliken definityf te wêzen. De Russen sieten de Frânsen úteinlik nei oant yn Parys.
Literatuer en boarnen
bewurkje seksje- Orlando Figes, Natasja’s dans; een culturele geschiedenis van Rusland, Utert, 2002, ISBN 0-14-029796-0
- Olivier, Daria, The Burning of Moscow 1812, Londen, 1966 [1]
- Philippe-Paul de Ségur, Histoire de Napoléon et de la grande armée pendant 1812, Parys 1824.
- Lev Tolstoj beskriuwt de brân fan Moskou yn syn roman Oarloch en frede. Hoewol't it fiksje is, is it dochs in wichtige boarne. Tolstoj die wiidweidich foarûndersyk en prate mei feskate minsken ddy't de brân noch meimakke hiene.
Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Fire of Moscow (1812) fan Wikimedia Commons. |