Boskmarmot
De boskmarmot (Latynske namme: Marmota monax) is in sûchdier út it skift fan 'e kjifdieren (Rodentia), de famylje fan 'e iikhoarntsjes (Sciuridae) en it skaai fan 'e marmotten (Marmota), dat foarkomt yn grutte dielen fan Noard-Amearika. Yn it Ingelsk wurdt dit bist de groundhog ("grûnbaarch") neamd, en pleatslik stiet er ek wol bekend as de whistle-pig ("fluitbaarch"), fanwegen syn heechtoanige alaarmroppen, as de land-beaver ("lânbever") en as de woodchuck (letterlik: "wâldsmiter" of mooglik "houtsmiter"), in ferbastering fan 'e Algonkwynske beneaming wuchak. Oars as de measte oare marmottesoarten, dy't har areaal beheine ta bercheftige kriten, is de boskmarmot in leechlânbewenner, wat makket dat er fan alle Noardamerikaanske marmotten de grutste fersprieding hat.
boskmarmot | ||||||||||||
---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|---|
taksonomy | ||||||||||||
| ||||||||||||
soarte | ||||||||||||
Marmota monax | ||||||||||||
Linnaeus, 1758 | ||||||||||||
IUCN-status: net bedrige
| ||||||||||||
ferspriedingsgebiet | ||||||||||||
Fersprieding
bewurkje seksjeDe boskmarmot is lânseigen yn it grutste part fan 'e eastlike helte fan Noard-Amearika, wêrby't de noardgrins fan syn ferspriedingsgebiet yn súdlik Nûnavik en noardlik Labrador leit, wylst de súdgrins troch de Amerikaanske steaten Noard-Karolina, Súd-Karolina, Georgia, Alabama, Mississippy, Arkansas en Oklahoma rint. Dêrby komt er ek foar op Prins Edwardeilân en Kaap Bretoneilân, mar net op Nijfûnlân.
Yn 'e Feriene Steaten leit de westgrins fan it areaal fan 'e boskmarmot op 'e Grutte Flakten fan Oklahoma, Kansas, Nebraska, Súd-Dakota en Noard-Dakota, mar yn Kanada komt er folle westliker foar, yn hast de hiele provinsjes Manitoba (útsein it uterste noarden) en Saskatchewan en Alberta (útsein it uterste suden), grutte dielen fan noardlik, sintraal en súdeastlik Britsk-Kolumbia (mei oangrinzgjend in stikje oer de Amerikaanske grins yn noardeastlik Washington, noardlik Idaho en noardwestlik Montana), en fierders parten fan 'e súdlike Yukon en de Noardwestlike Territoaria en in stik fan eastlik Alaska.
Uterlike skaaimerken
bewurkje seksjeDe boskmarmot hat trochinoar in kop-romplingte fan 30-50 sm, mei in sturtlingte fan sa'n 15 sm en in gewicht fan 2-4 kg. Yn gebieten dêr't se minder natuerlike fijannen hawwe en dêr't in protte alfalfa groeit, kinne boskmarmotten in grutte 80 sm en in gewicht 14 kg berikke. Se hawwe koarte, mar krêftige poaten, dêr't tsjûke, kromme klauwen oan sitte om mei te graven. Oars as dat by de measte iikhoarntsjes it gefal is, hat de boskmarmot in bûgde wringe, en hat er datoangeande wol wat wei fan in mol. De sturt is ek koarter, en bedraacht net mear as in fearn fan 'e totale lichemslingte. De pels bestiet út twa dielen: in tichte laach fan griis ûnderhier, mei dêroerhinne in langere boppepels fan brunige of rodzige hierren. Oan 'e wikselwurking fan dy beide hiersoarten tanket de boskmarmot syn opfallende mei griis trochsketten brunige kleur.
Biotoop
bewurkje seksjeBoskmarmotten jouwe de foarkar oan iepen lân oan 'e râne fan wâlden. Ek komme se foar yn greidlân en op 'e prêrje. Nettsjinsteande it feit dat it grûnbewenners en gravers binne, kinne boskmarmotten skoan swimme. Ek klimmen yn beammen giet har maklik ôf, al dogge se dat ornaris inkeld om oan rôfdieren (of de minske) te ûntkommen of as se har om-en-by fan in hichte ôf ferkenne wolle.
Hâlden en dragen
bewurkje seksjeOars as de measte marmotten binne boskmarmotten gjin koloanjedieren, mar libje se ynstee in solitêr bestean. Se grave ûndergrûnske hoalen, mei tunnels dy't mei-inoar wol 14 m lang wêze kinne en oant 1½ m djipte rikke kinne. Yn greidlân foarmje sokke tunnelstelsels in serieuze bedriging foar swier boere-ark, dat geregeldwei troch ynsakjende tunnels skansearre rekket, en teffens foar minsklike wenten, wêrfan't soms de fûneminten ûndergroeven wurde. Boskmarmotten bejouwe har yn it algemien nea fier fan har hoale, en lûke har by bedrigings dêr it leafst yn werom. As de hoale binnenkrongen wurdt troch in rôfdier, dan ferdigenje se har fûleindich mei har grutte kjiftosken en har duchtige klauwen. Foar soartgenoaten oer hâlde en drage boskmarmotten har ornaris territoriaal, en soms fine der gefjochten plak om dominânsje fêst te stellen.
Bûtendoar bringe boskmarmotten de measte tiid troch mei foerazjearjen, wat se gauris ûnderbrekke om har op 'e efterpoaten op te rjochtsjen en it hear oer te eagjen. As se dêrby gefaar gewaarwurde, uterje se in fluitsjende alaarmrop, wêrmei't se net inkeld neie soartgenoaten warskôgje, mar alle mooglike proaidieren yn 'e wide omkriten. Krekt as dat by katten it gefal is, krije ek boskmarmotten in grouwe sturt as se har bedrige fiele. Foar har wintersliep, dy't yn 'e measte gebieten fan oktober oant maart of april duorret, grave se faak in spesjale hoale, dy't binnen in beboske gebiet leit en oant ûnder de froastline rikt.
Fuort nei de ein fan 'e wintersliep begjint foar boskmarmotten de peartiid, wêrby't it wyfke nei in draachtiid fan 31-32 dagen yn april of maaie in nêst fan 2-6 bline, keale, helpleaze jongen smyt. Dy wurde ôfwûn en kinne selsstannich libje as se 5-6 wiken âld binne, en dan sette se har ek fuort yn har eigen hoalen nei wenjen, ynstee fan noch in hoart by de mem te bliuwen, sa't by de measte marmotten wisânsje is. De mantsjes ferlitte har wyfke as dy hast smite moat, en hawwe part noch diel oan it grutbringen fan 'e jongen. Boskmarmotten nimme yn 'e regel fanôf har twadde jier diel oan 'e fuortplanting, mar in lyts persintaazje docht dat al yn it earste jier. Dêrmei plantsje se har folle flugger fuort as de measte marmotten. Yn it wyld kinne se oant 6 jier âld wurde, al hâldt it trochinoar wol op mei 2-3 jier. Yn finzenskip libje se wol 9-14 jier. De wichtichste natuerlike fijannen fan 'e boskmarmot binne de wolf, poema, prêrjewolf, reade lynks, Kanadeeske lynks, brune bear, Amerikaanske swarte bear en ferskate soarten foksen en earnen. Jongen wurde ek wolris troch rattelslangen snipt.
Fretten
bewurkje seksjeDe boskmarmot is in herbivoar, dy't benammen bestiet fan gerzen, krûden en oare fegetaasje, wêrûnder beien en lânbougewaaksen. Se frette lykwols ek wol wrimelt, lykas ynsekten, larven en slakken, al binne se gjin wiere omnivoaren. Krekt as beamiikhoarntsjes en grûniikhoarntsjes beplúzje boskmarmotten fierders ek wolris nuten, mar oars as sokke bisten lizze se dêrfan gjin winterfoarrieden oan troch se te bedobjen. Boskmarmotten krije al har focht binnen troch plantesoppen en dau, en hoege sadwaande mar selden echt te drinken.
Status
bewurkje seksjeDe boskmarmot hat de IUCN-status fan "net bedrige", mei't er yn syn ferspriedingsgebiet noch rûnom foarkomt en om't de populaasje stabyl liket te wêzen. Trochdat it kapjen fan bosken de boskmarmot fan mear gaadlik biotoop foarsjoen hat, is it de iennichste marmottesoarte yn Noard-Amearika dy't baat hân hat by de kolonisaasje fan it kontinint troch de minske, en de populaasje leit no dan nei alle gedachten ek heger as dat er foar 1492 wie. Yn 'e Feriene Steaten wurde de bisten lykwols in protte bejage by wize fan "sport", wat de effekten fan har flugge fuortplanting yn 'e regel neutralisearret.
Sawol troch it oanfretten fan lânbougewaaksen as trochdat se mei har gegraaf lânbougrûn en gebouwen ûndermynje, wurde boskmarmotten gauris as skealik ûngedierte beskôge. It gegraaf en gewrot fan boskmarmotten hat yn 'e steat Ohio in archeologysk fynplak oan it ljocht brocht, de saneamde Ufferman Site. Hoewol't dy net troch wittenskippers ûndersocht is, binne dêr yn troch marmotten opsmiten ierdbulten withoefolle prehistoaryske foarwerpen fan minklike makkelei oantroffen, wêrûnder potdiggels en bewurke stiennen.
Soms wurde boskmarmotten as húsdier holden, mar it binne fan natuere agressive bisten, en dat smyt ornaris swierrichheden op. Doug Schwartz, in dieretúnoppasser en boskmarmottetrainer dy't wurksum is by de Staten Island Zoo, yn New York, hat dêroer sein: "Se steane bekend om har agresje, dat it begjin is tige dreech. Har natuerlike ympuls is om elkenien te deadzjen en it sortearwurk oan God oer te litten. It ferget tawijing om it leave en knuffelige yn har boppe te bringen."
Yn dielen fan 'e Feriene Steaten en Kanada wurdt elts jier op 2 febrewaris Groundhog Day ("Boskmarmottedei") fierd. Dêrby wurdt mei grut seremonieel in (nuet makke) boskmarmot út syn (ferpleatbere) nêst helle, en as dy syn eigen skaad sjocht (wat er sabeare oan 'e seremoanjemaster oerbringt om't er prate kin), dan folgje der noch seis ekstra wiken winter (of alteast, dat is de foarsizzing). Dit evenemint hat bûten Noard-Amearika gruttere bekendheid krigen troch de film Groundhog Day, út 1993, mei Bill Murray en Andie MacDowell yn 'e haadrollen. Yn dy film wie de boskmarmot yn kwestje Punxsatawney Phil, út Punxsutawney, yn Pennsylvania, mar in selde soarte barren fynt plak yn Wiarton, yn Ontario, mei Wiarton Willie; yn Sun Prairie, yn Wiskonsin, mei Jimmy the Goundhog; yn Graysville, yn Alabama, mei Smith Lake Jake; en op 'e Yellow River Game Ranch bûten Atlanta, yn Georgia, mei General Beauregard Lee.
Undersoarten
bewurkje seksjeDer binne fjouwer erkende ûndersoarten fan 'e boskmarmot:
- de gewoane boskmarmot (Marmota monax monax)
- de Ignavaboskmarmot (Marmota monax ignava)
- de Kanadeeske boskmarmot (Marmota monax canadensis)
- de reade boskmarmot (Marmota monax rufescens)
Boarnen, noaten en/as referinsjes: | ||
Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.
|