[go: up one dir, main page]

Frouljusboarst

(Trochferwiisd fan Boarsten)

In frouljusboarst, ornaris gewoan boarst neamd, is in lichemsdiel dêr't eltse (sûne) frou twa fan hat: har boarsten, dy't as funksje hawwe om troch molkklieren tatemolke ôf te skieden dy't as boarstfieding tsjinje kin foar in poppe. Boarsten binne in sekundêr geslachtskenmerk fan de frou, mar hawwe ek seksuele funksjes. It Latynske wurd foar boarst is mamma (meartal: mammae, de wittenskiplike namme foar de klasse sûchdieren is dan ek Mammalia), dizze term wurdt no noch brûkt yn de medyske wrâld.

Boarst fan in frou
Boarst fan in frou dy't swier is
Trochsnee frouweboarst

De frou hat twa boarsten dy't molkklierweefsel, fetweefsel en bynweefsel befetsje. De boarst wurdt bedutsen troch de hûd en eltse boarst hat in spien. Beide boarsten hawwe teffens in útrinner fan weefsel nei de earmsholte, de útrinner fan Spense. De grutte fan de boarsten hinget ôf fan it parsje fetweefsel. De grutte fan de boarsten ferslit dêrom tige tusken froulju. Mannen hawwe oars ek boarstweefsel, mar dat is mar in bytsje. At in arts nei in ôfwiking yn it boarst siket, ferdielt er it boarst yn kwadranten om de spien hinne om it plak sekuer oan jaan te kinnen.

Molkklierweefsel

bewurkje seksje

De boarsten hawwe molkklieren. At in frou swier is wurdt it hormoan prolaktine mear as oars oanmakke. Troch dat hormoan begjinne de molkklieren molke te produsearjen. De molke streamt troch de molkgonkjes yn it boarst nei de spien ta dêr't de poppe oan loarkje kin.

Eltse boarst hat ién spien dy't troch in spienhôf (of areola) omjûn wurdt. De kleur fan de spienhôf fariearet fan ljochtrôze oant donkerbrún. De spienhôf hat in stikmannich klierkes, de sebakeuze klieren, ek wol klierkes fan Montgomery neamd, dy't faak as lytse rûne bultsjes om de titte te sjen binne. Meastal binne de spienen dan opswold. At de frou it kâld hat of hjit is binne de spienen meast stiif.

Oare weefselsoarten

bewurkje seksje

Neist de molkklierweefsel en fetweefsel befettet de boarst ek bynweefsel en de ligaminten fan Cooper, dy't it boarst stevigens jaan moatte. In frou dy't it boarst jout, hat folle mear klierweefsel as ien dy't dat net docht. De boarsten lizze op de musculus pectoralis minor (lytse boarstspier) en de musculus pectoralis major (grutte boarstspier), de spieren dy't oer de boarstkas rinne en brûkt wurde foar it bewegen fan de earms en skouders.

Bloedfetten en senuwen

bewurkje seksje

It weefsel fan de boarsten wurdt fan bloed foarsjoen troch slachieren, wylst de ôffier fan bloed troch mear as ien ieren fersoarge wurdt. Lymfefetten bringe smoargens fan it boarst nei de lymfklieren yn de earmholtes, en ek nei lymfeklieren by de boarstbonke.

By manlju en foulju befetsje de spienen in protte senuwúteinen en bloedfetsjes, sadat dy tige gefoelich binne. De spienen fan manlju én froulju kinne hurd wurde troch kjeld of seksueel oars wurden, mar ek by guon oare emoasjes.

Wikimedia Commons  Ofbylden dy't by dit ûnderwerp hearre, binne te finen yn de kategory Breasts fan Wikimedia Commons.