[go: up one dir, main page]

Ben Jones (akteur)

Ben Jones
akteur
Ben Jones mei de General Lee, de Dodge Charger fan 'e Dukes.
Ben Jones mei de General Lee, de Dodge Charger
fan 'e Dukes.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ben Lewis Jones
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 30 augustus 1941
berteplak Tarboro (Noard-Karolina)
etnisiteit Angelsaksysk Amerikaansk
jierren aktyf 19631986 & 1995 – no
offisjele webside
gjint
Ben Jones
politikus
partij Demokratyske Partij
Lid fan it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen
(foar it 4de Distrikt fan Georgia)
amtsperioade 19891993
foargonger Pat Swindall
opfolger John Linder

Ben Jones (folút: Ben Lewis Jones; Tarboro (Noard-Karolina), 30 augustus 1941), is in Amerikaansk akteur, politikus, toanielskriuwer, senarioskriuwer, essayist en filmprodusint, dy't benammen bekend waard troch syn rol as monteur Cooter Davenport yn 'e populêre tillefyzjesearje The Dukes of Hazzard, yn 'e earste helte fan 'e jierren tachtich. Letter siet er fan 1989 oant 1993 foar de steat Georgia yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen. Sûnt de midden fan 'e njoggentiger jierren leit er him benammen ta op it behâld fan it Dukes of Hazzard-erfskip yn ferskate museä.

Libben en karriêre

bewurkje seksje

Ben Jones waard yn 1941 berne yn Tarboro, yn 'e steat Noard-Karolina. Hy slagge yn 1959 foar it eksamen fan 'e middelbere skoalle oan 'e Woodrow Wilson High School yn Portsmouth, yn Firginia, wêrnei't er fjouwer jier studearre oan 'e Universiteit fan Noard-Karolina. Neitiid sette Jones útein mei in karriêre as akteur, wêrby't er lytse roltsjes hie yn ferskate tillefyzjesearjes en films, wêrûnder Moonrunners, út 1975, en Smokey and the Bandit, út 1977. Hy waard bekend doe't tillefyzjeprodusint en -regisseur Gy Waldron, mei wa't er gearwurke hie yn Moonrunners, him de rol taparte fan 'e monteur Cooter Davenport, yn 'e hitsearje The Dukes of Hazzard, dy't rûn fan 1979 oant 1985.

Doe't dy rige úteinlik ophold, gie Jones de polityk yn, as lid fan 'e Demokratyske Partij. Yn 1986 ferlear er de striid om in sit yn it Amerikaanske Hûs fan Offurdigen foar de steat Georgia fan 'e Republikein Pat Swindall, mar dochs helle er 47% fan 'e stimmen, wat folle mear wie as dat waarnimmers yn 't foar ferwachte hiene. Yn 1988 died er nochris in wraam, en doe fersloech er Swindall maklik, en kaam er as offurdige yn it Amerikaanske Kongres. Yn 1990 waard er nipt werkeazen, mar yn 1992, doe't de kiesdistriktsgrinzen yn Georgia yn syn neidiel ferlein wiene, ferlear er de slach. Yn 1994 died er fannijs mei, en doe wie syn tsjinstanner Newt Gingrich, dy't neitiid de foarsitter fan it Hûs fan Offurdigen wurde soe. By dy gelegenheid krige Jones 35% fan 'e stimmen.

Yn 1998 ferbriek Jones de rangen binnen de Demokratyske Partij troch ûnder it Monica Lewinsky-skandaal presidint Bill Clinton te freegjen om ôf te treden. Hoewol't dat him troch oare Demokraten net yn tank ôfnommen waard, is Jones noch altyd aktyf yn 'e partij. Yn 2002 besocht er nochris (en om 'e nocht) om in sit yn it Hûs fan Offurdigen te bemachtigjen, diskear foar de steat Firginia, tsjin 'e sittende Republikeinske ôffurdige Eric Cantor. Dêrmei waard Jones ien fan 'e mar in pear Amerikaanske politisy dy't har foar ferskillende steaten kandidaat steld hawwe.

Nei't syn politike karriêre mids jierren njoggentich op 'e non rûn wie, begûn Jones wer te wurkjen as akteur. Hy hie gastrollen en oare lytse roltsjes yn ferskate tillefyzjesearjes, lykas Sliders en As the World Turns, en spile ek yn 'e Clinton-parody Primary Colors, út 1998. Fierders wied er mei de rest fan 'e âlde cast te sjen yn ferskate Dukes of Hazzard-reünyfilms, en teffens skreau er politike essay's en in ienmanstoanielstik oer de legindaryske honkbalspiler "Dizzy Dean", dat er eigenhandich op 'e planken brocht.

Fierders wie Jones de driuwende krêft efter de iepening fan ferskate Dukes of Hazzard-museä, û.m. yn Nashville en yn Gatlinburg, beide yn 'e steat Tennessee. Ek organisearre er foarhinne it jierlikse Dukefest (in gearkomste fan fanatike fans fan 'e searje) en is er resinter behelle yn 'e Shenandoah Jamboree, in countrymuzykshow yn 'e Shenandoahdelling yn Firginia. Yn 2013 skreau Jones it senario foar de koarte film Moon Hollow, en produsearre dy ek. Jones hat ferskate kearen troud west. Syn hjoeddeistige oarehelte is Alma Viator. Ut eardere houliken hat er in dochter, Rachel, en in soan, Walker.

Keppelings om utens

bewurkje seksje

Boarnen, noaten en referinsjes

bewurkje seksje
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.