Bartle Laverman
Bartle Laverman (Ljouwert, 31 jannewaris 1948 - 8 maaie 2020) wie in Frysk dichter, keunstskilder en filosoof. Hy wenne jierren yn Offenwier.
Libben
bewurkje seksjeHy folge de Kristlike Kweekskoalle yn Snits. Dêrnei hat er teoretyske en wiisgearige pedagogyk oan de Ryksuniversiteit Grins studearre, dêr't er kum laude ôfstudearre is. Hy siet fan 1971 oant 1976 yn de redaksje fan it literêr tydskrift Trotwaer en fan 1976 oant begjin 2011 wie er dosint filosofy oan de Akademy Minerva yn Grins.
Tusken 1968 en 2008 hat Bartle Laverman in lyts poëtysk oeuvre opboud dat opfalt troch syn eksperimenten. Syn debút yn 1969, It freeslik feest, foel al op troch de bysûndere foarmjouwing. Foar it earst waard in Fryske poëzybondel 1 op 1 yllustrearre (Anne de Vries). De gearwurking mei De Vries waard trochset yn de lay-out fan Skimerlânskippen ( 1975) en Winter (1977). Dy bondels foarmen in syklus mei Kloentsjetee en Neitins út 1979 en brochten in ferslach fan de syktocht fan de dichter nei de kearn fan it minsklik bestean, in tocht dy't magysk/mytysk begûn en fia de praktyk fan de deistige saaklikheid einige by de dea.
De bondel Kloentsjetee wie ek wat nijs omt er op projektmjittige wize in deiboekferslach yn fersen brocht oer de perioade 23 desimber oant en mei 9 jannewaris, mei foto's fan de haadpersoanen. De byldzjende keunst: de Fluxus-aksjes fan Stanley Brown (tekenpapier op stritte smite en dat letter mei spoaren fan fuotstappen en bannen wer opfandele) wie de ynspiraasjeboarne fan dit projekt.
Neitins, in lyts bondeltsje mei fersen oer de sabeare dea fan Adri van Hijum, wie in reaksje op In Memoriam fan Douwe Tamminga. It wurklikheidsgehalte fan in tekst bepaalt net syn literêre kwaliteit, wie it boadskip. Yn 1981 ferskynde Ik laitsje my dea mei fersen-sykly oer sykte en relaasjeproblemen.
Begjin tachtigerjierren ferhuze Laverman fan Grins nei it Fryske plattelân en syn wenjen tusken de boeren fûn in delslach yn de bondel Master ûnder protters (1984) (in titel dy't er liende fan in fers fan Van Hijum oer him). Dêrnei wie it in skoft literêr stil: Laverman waard sels boer en begûn begjin njoggentiger jierren te skilderjen. Pas yn 1996 kaam der wer in bondel, de sammelbondel Boerefersen. It buorkjen wie doe dien.
Om it millenium ôf te sluten kaam ein 1999 de bondel Kophimmelje, in nij Frysk wurd foar it oprêden fan losse eintsjes en ûnrant yn jins holle. Tjibbe Hooghiemstra makke foar elke bondel in unyk omkaft. Op it omkaft fan Alles komt wer goed (2004) kaam in skilderij fan Laverman sels, earder wie dat al bard by Boerefersen.
Mei skjin gemoed de nije iuw yn: Alles komt wer goed, mei dêryn humor en selsspot oer bygelyks Simmer 2000, mar ek it iennichste Fryske fers oer 9/11.
Unyk wie ek de bondel Mingd bedriuw/Gemengd bedrijf (2003): skilderijen en fersen fan Berga, Feddema, Laverman en Van der Leest yn it Frysk en it Nederlânsk.
Dy kombinaasje fan byldzjende keunst en poëzij gie yn it boek Dêr't de ko him deljout/Where the cow lies down (2006) noch in stapke fierder mei't dat boek ek yn Ierlân presintearre waard, it wenplak fan ko-auteur John Brown en it atelierplak fan keunstner Tjibbe Hooghiemstra. Lavermans' bondel Man op solder/Man op zolder (2007) is wer twatalich Frysk/Nederlânsk en is in fantasij yn 10 fersen en 2 tekeningen oer in skilderij fan Barend Blankert. Dat ek wer sjoen wurde kin as in bysûnder foarmjûn boek.
Yn 2012 kaam by Utjouwerij Hispel de bondel Foar elke man in eigen pake út. In echte Fries ferskynde yn 2016 by deselde útjouwer. Yn dizze bondel gedichten en skilderijen foarmjûn troch Jelle Post.
Laverman stoar yn maaie 2020 yn de âldens fan 72 jier.
Wurk
bewurkje seksje- 1969 : It freeslik feest
- 1973 : Woartelfocht-fruchtwetter (yn eigen behear útjûn)
- 1973 : Jodokus (stripferhaal, ekstra nr. Trotwaer)
- 1975 : Skimerlânskippen
- 1977 : Winter : (popkes dy’t wuive)
- 1979 : Neitins : (parva sed apta mihi)
- 1979 : Kloentsjetee
- 1981 : Ik laitsje my dea
- 1984 : Master ûnder protters
- 1996 : Boerefersen 1994-1969
- 1999 : Kophimmelje
- 2003 : Mingd bedriuw : (mei Wilco Berga, Anne Feddema en Reinder R. van der Leest)
- 2004 : Alles komt wer goed
- 2006 : Dêr’t de ko him deljout/Where a cow lies down (mei John Brown en Tjibbe Hooghiemstra (byldwurk))
- 2007 : Man op solder/Man op zolder
- 2012 : Foar elke man in eigen pake
- 2016 : In echte Fries
- 2022 : Underweis nei Walhalla, skilderijen en gedichten fan Bartle Laverman
Boarnen, noaten en/as referinsjes: |
|