[go: up one dir, main page]

Auke Stellingwerf

Auke Andryssoan Stellingwerf (1635 - 13 juny 1665) wie in Frysk admiraal.

Postúm portret fan Auke Stellingwerf
Lodewijk van der Helst (1642–nei 1683)

Auke wie in soan fan Andries Pieters Stellingwerf, ekwipaazjemaster yn Harns. Doe't syn âldere broer, kaptein Freark Stellingwerf by de Earste Ingelske Oarloch yn de Slach by Ter Heijde finzen nommen waard, waard Auke yn 1654 as plakferfanger nei foaren skood. Yn 1656 wie hy sa kaptein op des Prinsen Wapen by it ûntset fan Danzig. Yn 1658 focht hy yn de Slach yn de Sont as kaptein fan de Prinses Albertina. Op 31 augustus 1662 troude hy as ordinaris kaptein (ien fan de "gewoane" kapteins yn fêste tsjinst) mei Anty Stienstra.

Dêrnei gie it hurd mei syn karriêre. Yn 1665 wie der in soarte wedrin yn flagge-ofsieren tusken de ferskillende admiraliteiten en Auke waard op 17 maart fan dat jier beneamd ta earste luitenant-admiraal fan Fryslân. Lang hat hy net fan dy funksje geniete kind. Yn de Slach by Lowestoft sneuvele hy as befelhawwer fan it fjirde eskader op de Zevenwolden, noch gjin tritich jier âld. Hy waard opfolge troch Tsjerk Hiddes de Vries dy't in jier letter sneuvelje soe yn deselde Twadde Ingelske Oarloch. De twa wurde dêrom faak yn ien sike neamd as Fryske seehelden.

Syn grêf is yn de Grutte Tsjerke yn Harns.