Apesanahkwat
Apesanahkwat (útspr.: [a:pɛ'sa:nəkʷat], likernôch: "aa-peh-saa-neh-kwat";[1] berne as: Melvin Chevalier;[1] Keshena (Wiskonsin),[3] 19 jannewaris 1949)[2] is in Amerikaansk politikus, akteur en tradisjoneel dûnser fan Yndiaansk komôf.[3]
Apesanahkwat | ||
akteur | ||
persoanlike bysûnderheden | ||
echte namme | Melvin Chevalier[1] | |
nasjonaliteit | Amerikaansk | |
berne | 19 jannewaris 1949[2] | |
berteplak | Keshena (Wiskonsin)[3] | |
etnisiteit | Menominy (Menominee)[3] | |
jierren aktyf | 1985 – no[3] | |
offisjele webside | ||
Apesanahkwat yn 'e IMDb |
Libben en karriêre
bewurkje seksjeJonkheid
bewurkje seksjeApesanahkwat waard yn 1949[2] as Melvin Chevalier[1] berne yn Keshena, yn it Menominy Yndianereservaat yn 'e Amerikaanske steat Wiskonsin.[3] Hy is in etnyske Menominy (Menominee).[3] Under de Fjetnamoarloch wied er as marinier fan it Amerikaanske Marinierskorps by de aktive striid yn Fjetnam belutsen.[3]
Politike karriêre
bewurkje seksjeNeitiid tsjinne Apesanahkwat acht terminen as stammefoarsitter fan 'e Menominy Naasje, in Yndiaanske stamme-organisaasje mei federale erkenning yn 'e Feriene Steaten.[3][4][5] Dat in foarsitter sân kear werkeazen waard troch de leden fan 'e stamme wie noch nea earder foarkommen.[3] It wie ûnder syn stammefoarsitterskip fan 'e Menominy Naasje, dat Apesanahkwat yn 'e twadde helte fan 'e 1980-er jierren syn 'blanke' namme Melvin Chevalier ôflei en de Yndiaanske namme Apesanahkwat oannaam.[1]
As stammefoarsitter toande Apesanahkwat himsels sawol in beskermer fan 'e oerâlde tradysjes fan syn folk, as in progressyf aktivist dy't stried foar de rjochten en it wolwêzen fan 'e Yndianen.[3] Hy is in bejeftige orator, dy't doe en no mei syn taspraken oer de politike en sosjale sitewaasje fan 'e Yndianen besiket de lânseigen talen, kultuer en religyen fan 'e Yndianen te behâlden en, sa nedich, nij libben yn te blazen.[3] As stammefoarsitter wie Apesanahkwat fierders in grut befoarderder fan ûnderwiis, en net wurch te krijen as bestrider fan bindes, smoken, drugs en alkoholisme.[3] Ek wurdt er rûnom beskôge as ien fan 'e driuwende krêften efter de Indian Gaming Regulatory Act (IGRA), dy't gokken yn 'e Yndianereservaten tastie. Sûnt de oanname fan dy wet, yn 1988, hawwe in soad Yndianstammen harren minne ekonomyske tastân witten te ferbetterjen troch de bou fan kasino's.[3]
Aktearkarriêre
bewurkje seksjeApesanahkwat makke yn 1985 syn debút as akteur, mei in gastroltsje as tolk yn 'e ôflevering Annie Oakley fan 'e tillefyzjesearje Tall Tales & Legends.[3] Yn 1987 wied er foar it earst op it wite doek te sjen, mei de rol fan sheriff Arnie yn 'e film Bagdad Cafe.[3] Yn 'e 1990-er jierren hie Apesanahkwat gastrollen yn ôfleverings fan û.m. de westernsearje Harts of the West, de plysjesearje Walker, Texas Ranger, en de science fictionsearje Babylon 5. Ek wied er fan 1993 oant 1995 te sjen yn 'e weromkearende rol fan Lester Haines yn fiif ôfleverings fan 'e searje Northern Exposure, en fertolke er yn 1997 de rol fan Bloody Knife yn 'e tillefyzjefilm Stolen Women: Captured Hearts.[3]
Fierders hie Apesanahkwat rollen as in senator yn in ôflevering fan North of 60, in kaptein yn 'e tillefyzjefilm Skinwalkers, en in plysjeman yn 'e tillefyzjefilm Helter Skelter. Hy hie gastrollen yn 'e plysjesearje Longmire en de misdiesearje Ray Donovan.[3] Ek spile er yn films as Sioux City (1994), Lady in the Box (2001), The Reawakening (2004), The Rain Makers (2005) en Nightbeasts (2010). By dy lêste film waard er op 'e ôftiteling fernijd as "Apesanahquat".[3] Yn 2017 fertolke Apesanahkwat de rol fan 'e skoanheit fan haadpersoan Cory Lambert (spile troch Jeremy Renner) yn 'e neo-western Wind River.[3]
Oare aktiviteiten
bewurkje seksjeApesanahkwat is ek in tradisjoneel Yndiaansk dûnser, dy't dielnimt oan powwows yn 'e hiele Feriene Steaten en Kanada.[3] Hy is in kriger fan 'e twadde rang fan 'e Midewiwin, it Grutte Medisyngenoatskip fan 'e Algonkwynske folken yn 'e krite fan 'e Grutte Marren.[3]
Filmografy
bewurkje seksjeFilmografy as akteur | |||
jier | titel | rol of funksje | opmerkings |
---|---|---|---|
tillefyzje | |||
1985 | Tall Tales & Legends | tolk | gastrol; ôfl. Annie Oakley |
1993 | Harts of the West | Andrew | gastrol; ôfl. Auggie's End |
1993–1995 | Northern Exposure | Lester Haines | weromkearende rol; 5 ôfl. |
1994 | Gunsmoke: One Man's Justice | Six Eyes | tillefyzjefilm |
1994–1995 | Walker, Texas Ranger | Raymond Firewalker | weromkearende rol; 3 ôfl. |
1995 | Babylon 5 | telepaat #1 | gastrol; ôfl. A Race through Dark Places |
1995 | Siringo | Chinonero | tillefyzjefilm |
1995 | CBS Schoolbreak Special | stamâldste | gastrol; ôfl. My Indian Summer |
1996 | Goode Behavior | opperhaad Steve Davis | gastrol; ôfl. Goode Samaritan |
1997 | Stolen Women: Captured Hearts | Bloody Knife | tillefyzjefilm |
1997 | North of 60 | senator Jack Harper | gastrol; ôfl. Love Hurts |
2002 | Skinwalkers | kaptein Butler | tillefyzjefilm |
2004 | Helter Skelter | plysje man op wacht | tillefyzjefilm |
2015 | Longmire | Sjajinske man | gastrol; ôfl. Down by the River |
2016 | Ray Donovan | Wovoka | gastrol; 2 ôfl. |
films | |||
1987 | Bagdad Cafe | sheriff Arnie | |
1994 | Sioux City | Clifford Rainfeather | |
2001 | Lady in the Box | Felix | |
2004 | The Reawakening | Henry Johnson / dûnkere geast | |
2005 | The Rain Makers | Joe Crying Eagle | |
2010 | Nightbeasts | Louis Freebird | op 'e ôftiteling fermeld as 'Apesanahquat' |
2017 | Wind River | Dan Crowheart |